It Paradyske

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

It Paradyske is in streekje beëasten fan de N358, tusken Kollum en Bûtenpost op de grins fan de gemeenten Achtkarspelen en Kollumerlân. De kearn wurdt foarme troch de wei Paradyske. It leit yn in kûlizelânskip.

By de buorskip waard yn 1967 it lykneamde swimbad It Paradyske boud. Boppedat leit dêr de camping De Poelpleats. De beide gemeenten hawwe yn de rin fan de tiid meardere mooglikheden foar de rekreative en toeristyske ûntwikkeling fan it gebiet ûndersocht. Yn 1990 waard troch de Grontmij in stúdzje dien, mar ta ûntwikkelingen kaam it net. Tusken 1994 en 1999 wie der in asylsikerssintrum by De Poelpleats. Yn 2007 kamen de beide gemeenten mei it plan om rike westerlingen nei it gebiet te heljen. Yn 2010 waard it plan 'Ranch Fryslân' lansearre, dat foarseach yn de bou fan in 50-tal huzen foar hynsteleafhawwers. De befolking fan it buertsje wie hjir lykwols op tsjin. Ein 2011 waard it plan ôfblaasd fanwege te min belangstelling.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]