Springe nei ynhâld

Ferwert

Ut Wikipedy
Ferwert
It Frijhôf
It Frijhôf
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 1.815 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 18,22 km², wêrfan:
- lân: 18,16 km²
- wetter: 0,07 km²
Befolkingsticht. 98 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 20' N 5° 49' E
Offisjele webside
Doarpsbelang Ferwert-Hegebeintum
Kaart
Ferwert (Fryslân)
Ferwert

Ferwert is in doarp oan de Waadsee yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Ferwert leit noardlik fan Wânswert, noardeastlik fan Marrum, westlik fan Hegebeintum, súdwestlik fan Blije. Op 1 jannewaris 2023 hie Ferwert 1.815 [2] ynwenners. De doarpskearn leit benammen oan de krusing fan de Haadstrjitte, It Frijhof, Hegebeintumerdyk en Marrumerwei.

De buorskip De Ryp heart ek by Ferwert.

Ferwert leit yn it westlike diel fan de gemeente oan de Provinsjale dyk N357 fan Ljouwert nei Holwert, dy't it doarp ferbynt mei Marrum en Hallum nei it súdwesten en Blije nei it noardeasten. Eastlik fan Ferwert leit likernôch in kilometer fierder it terpdoarp Hegebeintum, dêr't it oer de Ferwerter Feart mei ferbûn is. Oan de westkant ferbynt de Burmaniafeart it doarp mei Foswert. Beide fearten jouwe súdliker ferbining mei de Dokkumer Ie. Ferwert leit oan it Fryske Kustpaad. Fan 1901 oant 1936 lei it doarp oan it Dokkumer Lokaeltsje.

Lokaasje fan it eardere kleaster Foswert

Ferwert ûntstie foar it begjin fan de jiertelling. It doarp leit op in kwelderwâl dêr't ek Hallum, Marrum en Blije op lizze. It is in terpdoarp, mei in terp dy't heech genôch wie om de see te sjen, mar om 1900 hinne is oan de noardwest kant it grutste part fan de terp ôfgroeven.

Súdlik fan it doarp lei oant de reformaasje it oan Jehannes de Doper wijde benediktynske dûbelkleaster Foswert (ek Betanië). Neffens in oerlevering waard it kleaster yn 860 op It Amelân stifte en ferhûze it kleaster fanwegen de ynfallen fan Wytsings yn 1109 nei Ferwert. Foswert waard yn 1580 plondere en yn 'e brân stutsen; de grûn waard troch de oerheid yn beslach nommen en letter ferkocht. Op de lokaasje steane tsjintwurdich twa pleatsen, dêr't ien fan in ryksmonumint is. Njonken fynsten betinke allinne de grêften om it kleasterterrein, strjitnammen en de namme fan in wensoarchsintrum it eartiidske kleaster.[3]

Yn 1999 waard de doarpsnamme offisjeel Frysktalich.

Sûnt 2019 leit Ferwert yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ferwerderadiel. Ferwert hat altyd haadplak west fan Ferwerderadiel.

States
Camminghastate

By Ferwert stie oant 1500 hinne de Tsjallingastate en oant it begjin fan de 19e iuw de Camminghastate, dêr't it Cammingha Hôf noch fan oer is. Fierders hawwe op it doarpsgebiet de states Deniastate, Gerbrandastate, Juwsmastate en Meekmastate stien. Fan Sminiastate binne noch twa pleatsen oer.

Tsjerke
De Wikipedy hat ek in side Sint-Martinustsjerke (Ferwert).
Sint-Martinustsjerke

De foarse Sint-Martinustsjerke is in tsjerke út 1421. Yn de toer hingje trije klokken út 1383, 1426 en 1457. De klok út 1383 hat mooglik fan de tsjerke fan it eardere Easterbeintum west. Yn de jierren 1930 waarden in tal feroarings útfierd dy't de toer in hiel oar uterlik joegen. Sûnt 12 febrewaris 2007 is de tsjerketoer troch in yngreven restauraasje yn de steat fan foar dy tiid werombrocht. Ek binne in oantal jierren lyn de klokken laske en ophongen oan oare liedassen.

Op de súdmuorre fan de tsjerke sit in sânstiennen sinnewizer út 1640, dy't yn 1704 fernijd waard.

Oars

Súdlik fan it doarp stiet in lytse Amerikaanske wynmotor.

Ferwert dielt sûnt 1953 it ferieningslibben mei it oanbuorjende Hegebeintum. De beide doarpen hawwe ek in mienskiplike feriening fan Doarpsbelang. Foar de jongerein is der sûnt freed 21 jannewaris 2000 soas de Yntro.[4] Ferwerters wurde ek wol útmakke foar skierroeken.[5]

Beskerme doarpsgesicht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In diel fan Ferwert is hjoed-de-dei beskerme doarpsgesicht.

Liudgertsjerke
  • Sint-Martinustsjerke (PKN Ferwert) (webstee)
  • Liudgertsjerke (PKN Ferwert)

It doarp hat twa basisskoallen:

  • Iepenbiere basisskoalle Op 'e Trije (webstee)
  • Kristlike basisskoalle Op Streek (webstee)

De lokaasje fan it Dockingakolleezje foar fuortset ûnderwiis is sûnt 2019/2020 sletten.[6]

Kafee 't Hoekje
  • Gymnastykferiening SVKV
  • Iisklub Ferwert/Hegebeintum
  • Keatsferiening Foswert
  • Kuorbalklub Ferwert
  • Lawn Tennis Club Ferwerderadiel
  • Toanielferiening Ferwert (webstee)
It eardere gritenijhûs fan de gemeente Ferwerderadiel (1840)
Haadstrjitte

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1830 1848 1913 1954 1959 1964 1969 1971 1973 1999
Ynwenners 1429 1463 1699 1965 2023 1892 1837 1898 2008 1824
Jier 2002 2004 2015 2020
Ynwenners 1874 1915 1796 1781

Alle strjitten yn Ferwert.

Ofbylden ryksmonuminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Byldzjende keunst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Noordelijk Oostergo. Ferwerderadeel (1981) - Herma M. van den Berg
  4. Ferwert-online, oproppen 2 maart 2023
  5. List Fryske skelnammen 1982, AFUK
  6. Omrop Fryslân, 3 april 2019

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje