Romke Kalma
Romke (Rom) Kalma (Ferwert, 16 april 1921 - Hilfertsom, 14 july 2007)[1] wie in konsert-, opera en oratoariumsjonger.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie in soan fan ûnderwizer Sybe Kalma en Peekje Rinkje Cornelia de Boer fan Blije. Hy fan 1974 ôf in skoft troud mei sopraan Nellie van der Spek.
Hy waard ynearsten ûnderwizer, mar sette yn 1945 útein mei in sjongkarriêre. Bas-bariton Kalma studearre ûnder oaren by Jeanette Halsbergen en Jan Keizer. Yn 1950 wûn er de earste priis yn Frankfurt am Main yn in konkoers foar jonge solisten organisearre troch de Dútske Omrop.
Hy koe oan de slach by De Nederlânske Opera, mar sloech dat ôf; hy woe selsstannich bliuwe. Hy waard bekend as oratoariumsjonger yn foaral Nederlân en Dútslân en song sa goed 500 kear de Matthäus-Passion fan Johann Sebastian Bach. Fan 1970 ôf joech er sjonglessen oan it Utertsk Konservatoorium en it Nederlânsk Ynstitút foar Tsjerkemuzyk ek yn Utrecht. Letter folge ek in dosintskip oan it Swolsk konservatoarium.
Hy hie in soad ynteresse foar âlde en moderne muzyk en foar keamermuzyk.
Kalmas lûd is bewarre bleaun fia opnamen. In lyts unikum dêryn is in elpee út 1963, útjûn troch de Koöperatyf Kondinsfabryk Fryslân (fia Philips Records) yn Ljouwert by gelegenheid fan harren fyftichjierrich jubileum. Kalma sjongt minutenlang in medley fan Fryske lietsjes, begelaat fan it Frysk Orkest mei dirigint Alfred Salten en meiwurking fan de Ljouwerter Bach Feriening. Nei syn pensjoen yn de jierren tachtich luts er him werom yn it Frânske Bedoin; dêr wei die er noch wol mei oan konserten ensafuorthinne. Kalma song yn syn libben mei ferneamde operasjongers lykas Aafje Heynis, Elly Ameling, Fritz Wunderlich en Montserrat Caballé. Bernard Reichel droech syn Psaume 86, Prête l’oreille foar sjongstim, trije trompetten, kontrabas en oargel (1965) oan him op.
Binnen it Prins Bernhard Kultuerfûns stipet it Romke Kalmafûns jonge ôfstudearre muzisy by in ferfolchstúdzje yn it bûtenlân, it leafst op it mêd fan klassyk sjongen [2].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|