Koöperatyf Kondinsfabryk Fryslân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It Koöperatyf Kondinsfabryk "Fryslân", koartwei CCF, is in top-koöperaasje yn Ljouwert. De CCF waard oprjochte yn 1913 troch de koöperative molkfabriken yn Fryslân (dielgenoaten). De direksje bestie yn 1974 út mr. G.F. Hepkema, yr. K. van den Berg en drs. G. Zeilstra.

De CCF hie statutêr it rjocht om 30% fan de by de dielgenoaten ûntfongen molke op te freegjen. De grûnstof waard ferwurke ta ûnder oare kondinsearre molke, molkpoeier, iismikspoeiers, poppe- berne- en dieetfiedings en oare spesjaalprodukten.

Ut de grûnstof waai produsearre de CCF laktoaze yn rûge en raffinearre foarm en ûntsâlte waaipoeier foar de farmaseutyske en fiedingsyndustry. Yn 1974 krige de CCF mear as 450 miljoen kilo molke en mear as 500 miljoen kilo waai. CCF hat ek belangen yn ferskate oare sektoaren fan de Nederlânske fiedings- en genietmiddelsmerk:
frisdrinkenfabryk, produksjebedriuw fan bakkerijgrûnstoffen, iiswaffelfabryk, keallemolke-yndustry. CCF is in grutte eksporteur fan molkprodukten, sawat twatredde fan de totale produksje bart op oare plakken, ûnder mear middels eigen fêstigings of ferkeapkantoaren yn mear as 100 lannen. CCF naam diel yn in oantal fabriken foar recombined- and filled milk yn it Fiere Easten en yn Afrika. Yn eigen lân wie de CCF benammen bekend troch it produkt kofjemolke (Friesche Vlag) en it pakket poppe- en dieetfiedings.

De personielsbesetting wie yn 1975 mear as 2200 (Ljouwert). It researchlaboratoarium fan de CCF is it grutste yn de Europeeske molkyndustry.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: