Friesche Vlag
Mei it oprjochtsjen fan de Koöperative Kondinsfabryk Fryslân (de 'Kondins') yn 1919 waard Friesche Vlag (Ingelsk: Frisian Flag) as merknamme deponearre. It merk is it âldste suvelmerk fan Nederlân en wie hiel lang û.o. bekend fan de kofjemolke, kondinsearre molke syn ferskaat oan fla. Hjoed de dei wurdt de merknamme allinne brûkt foar guod yn de kofje (lykas Goudband®, Halvamel® en Completa®).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei it oprjochtsjen fan de 'Kondins' yn 1919 waard Friesche Vlag as merk deponearre.
Sûnt 2000 wurdt it merk yn Nederlân brûkt as paraplumerk fan FrieslandCampina, in suvelkoöperaasje dy't yn 1997 út in fúzje ûntstien wie. Sadwaande kaam ek farske suvel lykas molke, joggurt en fla ûnder de namme Friesche Vlag in de winkel.
Dy tastân duorre oant ein 2008, doe't Friesland Foods fusearre mei Campina; it byinoar gean fan de twa grutste suvelkoöperaasjes yn Nederlân. De Jeropeeske Kommissy hie wol in oantal betingsten by de fúzje. De nije ûndernimming moast in tal aktiviteiten ôfstjitte, wêr't it fabryk yn Nijkerk dêr't de deifarske suvel fan Friesche Vlag makke waard by wie.
It fabryk yn Nijkerk is oernaam troch Arla Foods. Dy Sweedsk-Deenske suvelkoöperaasje hat sûnt 2009 in lisinsje om tsien jier lang it merk Friesche Vlag te brûken foar deifarske molkprodukte. Dêrtroch ûntstie in unike sitewaasje, mei't twa suvelkoöperaasjes tagelyk it merk fierden. De webside fan Friesche Vlag waard foar in part trochferbûn nei FrieslandCampina (kofjeferrikers, langhâdbere suvel) en foar in diel nei Arla Foods (farske suvel). Op de ferpakkingen fan FrieslandCampina-produkten waard dúdlik fernijd: "Friesche Vlag is een merk van FrieslandCampina". Dy ynformaasje ûntbriek op de ferpakkingen fan Arla Foods.
Nei in pear jier is Arla Foods opholden mei it merk Friesche Vlag. Yn 2012 waard it doe al tsien jier net mear brûkte merk troch Melkunie wer oanhelle. [1]
It logo fan Friesche Vlag is yn de rin fan de jierren ferskate kearen wizege, mar bleau dochs yn grutte linen gelyk. Altyd wie der de rútfoarm mei dêryn in sirkel, mei dêr wer yn in wapperjende flagge fan de provinsje Fryslân.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nutroma en Friesche Vlag hawwe jierrenlang konkurrinten west op de kofjemolkemerk, mar no falt Nutroma ûnder it paraplumerk Friesche Vlag.
De Ingelsktalige fariant fan de merknamme, Frisian Flag, is sûnt 1922 yn gebrûk yn Yndoneezje. FrieslandCampina bringt dêr in ferkaat oan suvelprodukten dy't lang bewarre wurde kinne op de merk ûnder de namme Frisian Flag. It merk hat as ûndertitel ek 'Susu Bendera', frij oerset: 'molkeflagge'.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |