Arla Foods

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Arla Foods
Flaggen mei it Arlalogo
Flaggen mei it Arlalogo
algemien
nasjonaliteit Flag of Denmark.svg Deensk
Flag of Sweden.svg Sweedsk
type Koöperaasje
sektor Agrarysk, suvel
haadkertier Aarhus (Viby)
oprjochte 2000
fuortk. út Arla en MD Foods
finansjeel
omset € 10,6 miljard (2014)
winst € 320 miljoen (2014)
aktyf yn Skandinaavje, Noardwest-Jeropa
offisjele webside
Arla corporate website
Nederlânsk webstee

Arla Foods is in Sweedsk-Deenske suvelkoöperaasje, dy't eigendom is fan sa'n 8000 molkfeehâlders. It haadkantoar stiet yn Aarhus (Denemark). It bedriuw fan no is ûntstien troch in fúzje tusken it Sweedske Arla en it Deenske MD Foods op 17 april 2000.

Arla yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wie plan foar in fúzje mei Campina, mar dy gie yn 2005 dochs net troch is in 2005.

Nei it byinoar bringen fan Friesland Foods en Campina moast de nije kombinaasje fanwege EG-regels bepaalde aktiviteiten ôftsjitte. It fabryk yn Nijkerk is op 4 maaie 2009 troch Arla oernaam, ynklusyf de merken Kwarkyoghurt, Milk&Fruit en Breaker (fan Friesland Foods), en ek it merk Melkunie (earder Campina). Teffens krige Arla in lisinsje yn Nederlân fan 10 jier foar it gebrûk fan it merk Friesche Vlag foar deifarske suvelprodukten.[1][2] Arla Foods heeft aangegeven dat Nederland wordt gezien als nieuwe kernmarkt.[3]

It fabryk yn Nijkerk produsearret molke, sûpe, yochert, fruchteyochert, kwarkyochert, fla, brij, Milk&Fruit en Breaker. Dy farske suvelprodukten wurde makke ûnder it merk Friesche Vlag en ek foar hûsmerken fan supermerken. Yn de rin fan 2009 hat Arla it assortimint fan Friesche Vlag útwreide en binne wizigingen yn de ferpakkingen trochfierd.[4] Mids 2010 hat Arla-foods in biologyske range ûnder merk Arla foar de Nederlânske merk yntrodusearre.

Fan augustus 2012 ôf hat Arla it merk Melkunie op'en nij lansearre yn supermerken. Dan wurde alle 31 deifarske suvelprodukten dy't Arla ûnder de merknamme Friesche Vlag yn de supermerk hat, ferfongen troch Melkunie. Tagelyk foeget Arla der dan noch acht nije produkten oan ta. Melkunie waard yn 2001 troch de doetiidske eigener Campina fan de merk helle.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Arla Foods heeft voornemen Friesland Foods Fresh Nijkerk te kopen, 11 maart 2009
  2. Arla Foods koopt Nijkerk Dairy van FrieslandCampina, 4 maaie 2009
  3. Arla roept Nederland uit als kernmarkt (deade link)
  4. Arla Foods vernieuwt assortiment