Springe nei ynhâld

FrieslandCampina

Ut Wikipedy
Zuivelcoöperatie
FrieslandCampina U.A.
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type koöperaasje
sektor suvelferwurkjende yndustry
haadkertier Amersfoart (Utert)
oprjochte 2008
fuortk. út Friesland Foods
Campina
sifers
omset $11,6 miljard (2018)
winst $203 miljoen (2018)
aktyf yn hast hiele wrâld
wurknimmers 23.769 FTE (2018)
offisjele webside
www.frieslandcampina.com

FrieslandCampina, offisjeel Zuivelcoöperatie FrieslandCampina U.A., is in grutte Nederlânske, ynternasjonaal operearjende suvelkoöperaasje, foarme troch melkfeehâlders út Nederlân, Belgje en Dútslân. De ûndernimming bestiet sûnt ein 2008 en kaam fuort út in fúzje fan 'e eardere suvelkoöperaasjes Friesland Foods en Campina. De feitlike aktiviteiten fan 'e koöperaasje binne ûnderbrocht yn 'e Keninklike FrieslandCampina N.V. It predikaat "Keninklik" waard yn 2004 oan Friesland Foods takend fanwegen de 125-jierrige skiednis fan dat bedriuw en syn rjochtsfoargongers (lykas Frico en de CCF). Nei de fúzje gie dat predikaat oer op FrieslandCampina.

Op 19 desimber 2007 kundigen Campina en Friesland Foods, dat doedestiden de beide grutste suvelkoöperaasjes fan Nederlân wiene, oan dat se mei-inoar fierder woene. Yn april 2008 waard der oerienstimming berikt op it mêd fan 'e fúzje-oerienkomst, nei't dy goedkard wie troch de beide lederieden.

De Jeropeeske Kommisje stimde op 17 desimber 2008 mei de fúzje yn, op it betingst dat de nije ûndernimming beskate aktiviteiten ôfstjitte soe. Dêrby gie om twa merken foar hâldbere suveldranken (Yogho Yogho en Choco Choco) en twa suvelfabriken, te witten yn Nijkerk (dêr't deifarske suvel makke waard) en yn Bleskensgraaf (dêr't tsiis makke waard). Sûnder dy ferkeapen soe de fúzje fan Campina en Friesland Foods yn Nederlân 70% oant 80% fan 'e ynkeap fan rauwe molke behearskje, wat de konkurrinsje net te'n goede komme soe.

Noch dyselde deis, 17 desimber, karden de lederieden de fúzje definityf goed, sadat dy op 30 desimber 2008 trochfierd wurde koe. Op dat stuit wie FrieslandCampina op papier de grutste suvelkoöperaasje fan 'e wrâld en de op twa nei grutste suvelûndernimming fan 'e wrâld. Der wiene 22.000 wurknimmers en 17.000 oansletten melkfeehâlders, en de ûndernimming ferwurke jiers 8,7 miljoen ton rauwe molke en hie in omset fan 8,3 miljard.

Undernimmingsstruktuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anno 2018 is FrieslandCampina in koöperaasje mei 18.261 aktive leden en 12.104 oansletten melkfeehâlders yn Nederlân, Belgje en Dútslân. De leden binne yn 'e ûndernimming fertsjintwurdige yn in út 210 sitten tellende lederied. De leden fan 'e lederied kieze de njoggen bestjoersleden fan 'e Zuivelcoöperatie FrieslandCampina U.A., dy't ek diel útmeitsje fan 'e ried fan kommissarissen fan 'e Keninklike FrieslandCampina N.V. Dat is in namleaze fennoatskip wêrfan't 100% fan 'e oandielen yn eigendom binne fan 'e koöperaasje. De Keninklike FrieslandCampina is wer de iennichste oandielhâlder fan FrieslandCampina Nederland Holding B.V., dêr't alle dochterûndernimmings op it mêd fan molkeferwurkjende aktiviteiten yn Nederlân yn ûnderbrocht binne.

It haadkantoar fan FrieslandCampina is fêstige yn Amersfoart. Yn 2012 hie de ûndernimming yn Fryslân noch fêstigings yn Drachten, Dronryp, Gerkeskleaster, Ljouwert, Warkum en Wolvegea. Anno 2018 hat de ûndernimming wrâldwiid 23.769 wurknimmers, rekkene neffens gemiddelde yn FTE (d.w.s. omrekkene yn foltiidsbanen). Yn Nederlân wurken yn 2018 7.701 minsken by FrieslandCampina. Bekende merknammen fan 'e ûndernimming binne Friesche Vlag, Vivit, Valess, Optimel en Milner.

In tankwein fan FrieslandCampina by it DOMO-fabryk te Bedum.

FrieslandCampina produsearret (bewurke) molke, poppe- en berne-iten, suveldranken, tsiis, bûter, rjemme, slachrjemme, molkpoeier, yochert en neigesetsjes lykas fla en pudding. Ek yngrediïnten út suvel dy't foar oare itenswaren bedoeld binne, hearre ta it assortimint. Fruchtesoppen en fruchtedrankjes waarden foarhinne ek troch FrieslandCampina produsearre en ferkocht ûnder de merknamme Riedel, mar dy waard yn 2017 ferkocht.

De aktiviteiten fan 'e ûndernimming binne ferdield oer fjouwer difyzjes:

  • FrieslandCampina Consumer Dairy
produsearret floeibere suvelprodukten foar algemiene konsumpsje
  • FrieslandCampina Specialised Nutrition
produsearret suvelprodukten mei in hege fiedingswearde foar spesifike groepen konsuminten
  • FrieslandCampina Dairy Essentials
produsearret tsiis, bûter en molkpoeier
  • FrieslandCampina Ingredients
produsearret yngrediïnten út suvel foar de itensware-, feefoer- en farmaseutyske yndustry (op 'e merk brocht ûnder de merknammen DMV en DOMO)

FrieslandCampina is in tige ynternasjonaal aktive ûndernimming. Fan 'e totale omset fan 2018, dy't 11,6 miljard bedroech, waard mear as 75% bûten de grinzen fan Nederlân reälisearre. Yn 'e rest fan Jeropa waard in trêde fan 'e omset behelle. Kwa grutte is Dútslân de twadde thúsmerk foar FrieslandCampina. Nochris in trêdepart fan 'e omset waard behelle yn Aazje. De winst oer 2018 bedroech €203 miljoen. Dêrfoar waard dat jiers mear as 11 miljard kg molke ferwurke. Yn desimber 2016 naam FrieslandCampina foar €436 miljoen in belang fan 51% yn Engro Foods, it op ien nei grutste suvelbedriuw fan Pakistan.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.