Springe nei ynhâld

Friesland Foods

Ut Wikipedy
Keninklike Friesland Foods
Logo
Basis ynformaasje
Namme Keninklike Friesland Foods NV
Oprjochte 1997
Haadfestiging Meppel
Produkten Súvel en fiedingsmiddelen
Omset €5.075 miljard (2007)
Webside Friesland Foods

Friesland Foods wie in grutte ynternasjonale suvelkoöperaasje út Nederlân. It bedriuw hie har festigings benammen yn noard- en east-Nederlân. De ûndernimming wurke op in koöperative basis. Friesland Foods hie yn 2007 in omset fan likernôch 500 miljoen euro. Hjirmei wie it ien fan de tsien grutste molkerijen op de wrâld. By it bedriuw wurken likernôch 15.300 minsken. Friesland Foods hie grutte merk-oandielen yn West-, Sintraal-, en East-Jeropa. Ek wie it bedriuw in protte aktyf yn it Midden-Easten, Súdeast-Aazje en West-Afrika.

De woartels fan Friesland Foods geane werom nei 1879. Friesland Foods yn de lettere foarm ûntstie yn 1997 troch in fúzje tusken fjouwer suvelkoöperaasjes. Dy fjouwer bedriuwen wienen: Coberco, Friesland Dairy Foods, Twee Provinciën en de Zuid-Oost Hoek. Nei de fúzje waard de namme feroare ta Friesland Coberco Dairy Foods. Op 1 jannewaris 2005 krige it bedriuw de Keninklike status, wêrnei't de namme feroare waard ta Royal Friesland Foods.

Sûnt 2006 hie it bedriuw tegearre mei Unilever en Campina in logo ûntwikkele foar sûne produkten mei in bytsje fet, sâlt en sûker. Dat barde ûnder de slachsin: Ik kies bewust.


In foto fan it Friesland Foods laboratoarium yn Ljouwert.

De produksje en ferkeaplokaasjes fan Friesland Foods binne yn Nederlân. Benammen yn it noarden en it easten fan it lân.

It bedriuw hie ûnder oare festigings yn:

  • Nijkerk: produksje fan deifarske suvelprodukten.
  • Drachten: produksje fan biologyske suvelprodukten.
  • Lochem: produksje fan molkpoeier.
  • Borculo: produksje fan yngrediïnten fan poppefieding, bakkersprodukten en medisinen.
  • Beilen: produksje fan poppefieding (poeier).
  • Ljouwert: produksje fan molkpoeier, kofjemolke en kondinsmolke.
  • Warkum: produksje fan tsiis
  • Gerkeskleaster: tsiis en molkpoeier
  • Dronryp: tsiis
  • Mearum: tsiis
  • Bedum: tsiis
  • Ede: produksje fan drinken en fruchtesoppen.
  • Wolvegea: produksje fan tsiis.
  • Steenderen: produksje fan tsiis

Friesland Foods makke ûnder in ferskaat oan merknammen ferskillende produkten. Sa waard ûnder de namme Friesche Vlag sjerp, fla, sûpe en yoghert makke. Ek it yn Nederlân bekende Appelsientje wie in merknamme fan Friesland Foods. Under Appelsientje wurde bygelyks synappelsop en appelsop ferkocht.

Yn it bûtenlân ferkeape Friesland Foods produkten ûnder nammen as bygelyks Castillo de Holanda en Longevity. Castillo de Holanda is de namme fan it merk tsiis dat it bedriuw op de Kanaryske Eilannen ferkeapet. Longevity is in merk poeiermolke dat yn Fietnam ferkocht wurdt.

Oare bekende merknammen fan Friesland Foods wiene:

  • Fristi
  • Dubbelfris
  • Chocomel
  • Taksi

Fúzje mei Campina

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side FrieslandCampina.

Op 19 desimber 2007 makken Friesland Foods en Campina buorkundich dat hja prate woene oer in fúzje. Op 7 maaie 2008 hawwe de algemiene gearkomste fan Suvelkoöperaasje Friesland Foods en de lederie fan Suvelkoöperaasje Campina it foarstel ta fúzje tusken beide koöperaasjes goedkard. Op 8 maaie 2008 waard de fúzje-oerienkomst troch it bestjoer en direksje fan wjerskanten ûndertekene. De Jeropeeske Kommisje stimde op 17 desimber 2008 yn mei de fúzje. Op betingst moast de nije ûndernimming FrieslandCampina inkelde ûnderdieln weidwaan.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]