Springe nei ynhâld

Montserrat Caballé

Ut Wikipedy
Montserrat Caballé
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme María de Montserrat Viviana
  Concepción Caballé i Folch
nasjonaliteit Spaansk
berne 12 april 1933
berteplak Barseloana (Kataloanje)
stoarn 6 oktober 2018
stjerplak Barseloana (Kataloanje)
etnisiteit Katalaansk
wurkpaad
sjenre opera
sjongtaal ferskaat
ynstrumint stim (sopraan)
jierren aktyf 19562018
prizen Grammy Award
offisjele webside
gjint

Montserrat Caballé (Katalaanske útspr.: [munsəˈrat kəβəˈʎe], likernôch: "mûn-suh-rat kuh-vuh-jee"; folút: María de Montserrat Viviana Concepción Caballé i Folch; Barseloana, 12 april 1933 – dêre, 6 oktober 2018) wie in Spaansk operasjongster en sopraan fan etnysk Katalaansk komôf. Yn har lange karriêre song se in grut ferskaat oan rollen; lykwols waard se it bekendst as in fertolkster fan 'e opera's fan Verdi, Rossini, Bellini en Donizetti. Caballé briek ynternasjonaal troch doe't se yn 1965 ynfoel by in opfiering fan Donizetti syn Lucrezia Borgia yn it New Yorkske Carnegie Hall. Neitiid song se oanhâldend yn 'e meast foaroansteande operateäters. Mei opnamen fan har optredens wûn se trije kear in Grammy Award. Se waard net sasear bewûndere om har feardichheden op it mêd fan aktearjen, as wol om 'e suverens fan har stim en har aldertreflikste sjongtechnyk. Yn 1987 wûn Caballé ek populariteit by in net-klassyk publyk doe't se op fersyk fan it IOC mei de Ingelske popsjonger Freddie Mercury it duët Barcelona opnaam, dat it offisjele liet fan 'e Olympyske Spullen fan Barseloana waard.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Caballé waard yn 1933 berne yn 'e Katalaanske haadstêd Barseloana, yn in húshâlding dy't net rjocht earmoedich neamd wurde koe, mar dy't it neat te rom hie. Hja studearre muzyk oan it konservatoarium Conservatori Superior de Música del Liceu yn Barseloana, dêr't se sangles krige fan û.o. Eugenia Kemény en Conchita Badía. Yn 1954 rûne se dy oplieding ôf mei in gouden medalje.

In plakkette oan 'e muorre fan it bertehûs fan Montserrat Caballé yn Barseloana.

Caballé ferfear doe nei it Switserske Basel, dêr't se yn 1956 har beropsmjittige debút as operasjongster makke yn 'e rol fan Mimi yn La Bohème, fan Giacomo Puccini. Fan 1957 oant 1959 hie Caballé in fêst plak by it Baselske operaselskip Theater Basel, dêr't se de Erste Dame song yn Die Zauberflöte fan Mozart en de titelrol yn Salome fan Richard Strauss, beide yn it Dútsk, wat opmerklik wie foar in Spaanske sjongster. Fan 1959 oant 1962 song se foar Theater Bremen, yn Dútslân.

Yn 1961 fertolke se de haadrol fan Iphigénie yn Christoph Willibald Gluck syn Iphigénie en Tauride yn it Teatro Nacional de São Carlos yn 'e Portegeeske haadstêd Lissabon. Yn 1962 kearde Caballé werom nei Barseloana, dêr't se optrede yn it Gran Teatre del Liceu mei de titelrol yn Strauss syn Arabella. Fan 'e hjerst fan 1962 oant de maityd fan 1963 gie se op toernee troch Meksiko, dêr't se û.m. de titelrol yn Manon fan Jules Massenet song yn it Palacio de Bellas Artes yn Meksiko-Stêd. Neitiid fersoarge se noch ferskate oare súksesfolle optredens yn it Liceu yn Barseloana.

De ynternasjonale trochbraak kaam foar Caballé yn 1965, doe't se ynfoel yn 'e titelrol foar de siik rekke Marilyn Horne, by in opfiering fan Gaetano Donizetti syn Lucrezia Borgia yn it New Yorkske Carnegie Hall. It publyk wie dêr sa fan har ûnder de yndruk dat se nei ôfrin in steande ovaasje krige dy't 25 minuten oanhold. Wat har prestaasje yn dizzen noch grutter makke, wie dat Caballé ûnbekend wie mei de opera en dat se harsels de rol fan Lucrezia Borgia yn minder as in moanne tiid oanleard hie. Mei dit optreden yn Carnegie Hall wie har reputaasje yn operafermiddens wrâldwiid fêstige.

Letter yn 1965 song se foar it earst op in Glyndebourne Festival op it lângoed Glyndebourne yn East-Susseks, dêr't se Marschallin song yn Der Rosenkavalier fan Strauss en grevinne Almaviva yn Le Nozze di Figaro fan Mozart. Yn desimber 1965 kearde Caballé werom yn Carnegie Hall om 'e rol fan keninginne Elizabeth I fan Ingelân te spyljen yn it koartby werûntdutsen Roberto Devereux, fan Donizetti. Se sleat in tige súksesfol jier ôf mei har earste optreden yn 'e Metropolitan Opera yn New York, op 22 desimber, dêr't se Marguerite song yn Faust, fan Charles Gounod, mei as tsjinspilers John Alexander yn 'e titelrol, Justino Díaz as Méphistophélès en Sherrill Milnes as Valentin.

Montserrat Caballé yn 1969.

Yn 1966 spile Caballé foar it earst mei de Philadelphia Lyric Opera Company, as Maddelena di Coigny yn Andrea Chénier, fan Umberto Giordano. Datselde jiers trede se ek foar it earst op yn Itaalje, yn it Maggio Musicale Fiorentino yn Florâns, as Leonora yn Giuseppe Verdi syn Il Trovatore. Datselde jiers waard se as kommandeur opnommen yn 'e Oarder fan Isabella de Katolike, ien fan 'e heechste Spaanske boargerlike ûnderskiedings. Yn 1967 song se yn it Maggio Musicale Fiorentino yn Il Pirata fan Bellini. Letter yn 1967 kearde se werom nei Philadelphia, dêr't se de titelrol hie yn Tosca en Madama Butterfly, beide fan Puccini, wylst se yn 'e Metropolitan Opera trije heldinnen fan Verdi fertolke: Leonora yn Il Trovatore, Desdemona yn Otello en Violetta yn La Traviata. Benammen dy lêste rol smiet har fierdere ferneamdheid op by it Amerikaanske operapublyk.

Caballé kearde yn 1968 werom yn 'e Metropolitan Opera mei de titelrol yn Luisa Miller, fan Verdi, en nei Philadelphia mei de rol fan Imogene yn Bellini syn Il Pirata. It jiers dêrop song se yn 'e Metropolitan Opera de rol fan Liù yn Puccini syn Turandot, mei Birgit Nilsson yn 'e titelrol, en James King as Calàf, wylst se yn Philadelphia jitris de titelrol yn Lucrezia Borgia fertolke. Ek yn 1969 hie se de rol fan Elisabetta di Valois yn in rige opfierings fan Verdi syn Don Carlo, dy't yn 'e Arena di Verona yn Verona regissearre waard troch Jean Vilar. As tsjinspilers hie se dêrby Plácido Domingo en Piero Cappuccilli. Sels rûn se dêrby op krukken om't se earder dat jier yn New York in ûngemak hân hie.

Yn 1970 song Caballé foar it earst yn La Scala, yn Milaan, dêr't se op 'e nij de titelrol yn Lucrezia Borgia fertolke. Ek song se nochris Leonora yn Philadelphia en trede se op yn 'e Metropolitan Opera as Amelia yn in mei loovjende kritiken ûntfongen opfiering fan Un Ballo in Maschera, fan Verdi. Yn 1972 hie Caballé har earste optreden mei The Royal Opera, yn it Londenske Covent Garden, en mei de Lyric Opera of Chicago yn Chicago, beide kearen yn 'e rol fan Violetta yn La Traviata. Datselde jiers kearde se ek wer werom nei de Metropolitan Opera yn New York, no yn 'e rol fan Elisabetta yn Don Carlo, mei Franco Corelli yn 'e titelrol. Fierders song se yn Philadelphia de titelrol yn Norma, fan Bellini. Yn 1973 stie Caballé wer yn Chicago op 'e planken mei de titelrol yn Maria Stuarda, fan Donizetti, wylst se nochris Violetta song yn Philadelphia. Yn 'e Metropolitan Opera hie se op 'e nij de titelrol yn Norma, diskear mei as tsjinspilers Carlo Cossutta as Pollione en Fiorenza Cossotto as Adalgisa.

Montserrat Caballé (lofts) yn 1975.

Yn 1974 hie Caballé yn jannewaris de titelrol yn Aida fan Verdi yn it Liceu yn Barseloana, spile se yn maart yn I Vespri Siciliani, ek fan Verdi, yn 'e Metropolitan Opera yn New York, en yn dyselde moanne yn Parisina d'Este yn Carnegie Hall, ek yn New York. Yn april song se titelrol fan Norma yn it Bolsjojteäter yn Moskou en spile se yn Adriana Lecouvreur yn La Scala, yn Milaan. Yn july fan dat jier waard se yn it Frânske Orange filme as Norma troch regisseur Pierre Jourdain. Ek naam se dy moanne Aida op mei Riccardo Muti, wylst se yn augustus mei Giuseppe Di Stefano ferskate duëtten opnaam. Yn septimber ûndergie Caballé in swiere operaasje om in goedaardige tumor út har ûnderbúk wei te nimmen. Neitiid bettere se relatyf fluch op, sadat se begjin 1975 al wer optredens fersoarge.

Underwilens hie Caballé doe trije kear in Grammy Award wûn foar opnames fan har optredens: yn 1966 foar Rossini Rarities, yn 1968 foar La Bohème fan Puccini en yn 1974 foar Cosi fan Tutte fan Mozart. Ferskate oare opnamen waarden foar in Grammy nominearre. Yn 1975 waard Caballé beneamd yn 'e Spaanske Boargerlike Oarder fan Alfûns X, de Wize. Se song yn 1976 yn 'e Metropolitan Opera sawol Norma as Aida, wêrby't se yn dy lêste rol gearwurke mei Robert Nagy as Radamès en Marilyn Horne as Amneris. Ek fertolke se de titelrol yn Ariadne auf Naxos fan Richard Strauss, en song se Mimi yn La Bohème fan Puccini, mei as tsjinspiler Luciano Pavarotti yn 'e rol fan Rodolfo. Yn 1977 trede Caballé foar it earst op mei de San Francisco Opera, yn 'e titelrol yn Turandot, fan Puccini. De folgjende tsien jier kearde se mear as tsien kear werom yn San Francisco, mei rollen as Elvira yn Verdi syn Ernani en de titelrollen yn La Gioconda fan Amilcare Ponchielli, Semiramide fan Gioachino Rossini en Tosca fan Puccini.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin dy tiid hie Caballé har stim wat fan syn iere suverens ferlern, dat se begûn mear dramatyk te lizzen yn rollen dy't dêr ferlet fan hiene. Yn 1978 song se Tosca yn San Francisco mei Pavarotti as tsjinspiler, Norma yn Madrid en Adriana Lecouvreur yn 'e Metropolitan Opera mei José Carreras as tsjinspiler. Ek yn 'e 1980-er jierren kearde se faak werom yn 'e Metropolitan Opera, yn rollen lykas Tosca (1980) en Elisabetta (1985). Ek song se dêr konserten yn 1981 en 1983. Har lêste optreden yn 'e Metropolitan Opera wie op 10 oktober 1985, yn 'e rol fan Tosca, mei Pavarotti as Cavaradossi en Cornell MacNeil as Scarpia.

Montserrat Caballé (l.) op it poadium op it English Bach Festival yn 1988.

Yn 1984 liet Caballé harsels yn 'e rol fan Adalgisa yn Norma opnimme mei orkestrale begelieding ûnder lieding fan dirigint Richard Bonynge. (Yn 1972 hie se harsels ek al yn 'e titelrol fan dy opera opnimme litten.) Hoewol't de komponist, Vincenzo Bellini, de rol fan Adalgisa oarspronklik skreaun hie foar in sopraan, wurdt dy tsjintwurdich ornaris songen troch in mezzosopraan. Caballé wie ien fan 'e mar in pear sopranen dy't yn dy rol opnommen binne, hoewol't se al oer de fyftich wie doe't de opname makke waard (en har stim sadwaande navenant leger wurden wie).

Yn 1987 berikte Caballé in totaal oar publyk doe't se op fersyk fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) it duët Barcelona opnaam mei Freddie Mercury, de lead-sjonger fan 'e Ingelske rockband Queen. Dat liet gie oer Caballé har bertestêd Barseloana en waard letter it offisjele liet fan 'e Olympyske Simmerspullen dy't dêr yn 1992 holden waarden. Mercury wie in grut bewûnderder fan Caballé, mei't er har stim beskôge as "de bêste fan 'e wrâld." Barcelona waard earst útbrocht as in single, letter folge troch in album mei net inkeld dat liet, mar ek oare resultaten fan 'e gearwurking tusken de beide sjongers. Doe't yn 1999 de finale fan 'e Champions League fan 'e UEFA yn it Camp Nou-stadion yn Barseloana holden waard, song Caballé it liet Barcelona nochris live, wylst foar it oandiel yn it duët fan Mercury, dy't yn 1991 oan AIDS kommen wie te ferstjerren, opnames brûkt waarden.

Yn 1994 skreau Fiammetta Rocco yn 'e Britske kwaliteitskrante The Independent: "Caballé is ien fan 'e lêste wiere diva's. Callas is dea, Kiri Te Kanawa hat it drok mei reklamespotsjes foar Sainbury's en Mirella Freni hat nea wier ûntkomme kinnen út 'e smelle ôffredings fan in status as de operasjongster foar de operaleafhawwers. Caballé, oan 'e oare kant, hat altyd al in ûnbidige grutte kliber fans hân, en dy is har oant op 'e dei fan hjoed trou bleaun."

It nei Caballé ferneamde konservatoarium Conservatorio Montserrat Caballé, yn Arganda del Rey, yn 'e Autonome Mienskip Madrid.

Yn 1995 wurke Caballé gear mei de Grykske muzikant Vangelis, foar dy syn album El Greco, dat er opdroech oan 'e skilder mei deselde namme. Yn 1997 makke muzykprodusint Mike Moran it album Friends for Life, dêr't Caballé duëtten op song mei û.o. Bruce Dickinson, Johnny Hallyday, Johnny Logan, Gino Vannelli en Helmut Lotti. Yn dyselde snuorje wijde Caballé har ta oan ferskate goeddiedichheidsorganisaasjes. Sa wie se goodwill-ambassadrise foar de UNESCO, it kultuerfûns fan 'e Feriene Naasjes, en rjochte se sels in stifting op foar bern út earme gesinnen yn Barseloana.

Yn 2002 song Caballé yn it Liceu yn Barseloana de rol fan Katerina fan Aragon yn 'e opera Henri VIII, fan Camille Saint-Saëns, en yn 2003 makke se in dokumintêre oer harsels, mei as titel Caballé: Beyond Music, dêr't in grut tal ferneamde operasjongers oan meiwurken, lykas Plácido Domingo, José Carreras, Luciano Pavarotti en Renée Fleming. Datselde jiers krige se it Großes Bundesverdienstkreuz fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân, wylst se yn 2005 yn it Frânske Légion d'Honneur opnommen waard. Yn 2004 hie Caballé yn it Liceu de titelrol (as Kleopatra VII) yn Cléopâtre, fan Massenet. Yn april 2007 spile se de hartoginne fan Crakenthorp yn La Fille du Régiment, fan Donizetti, yn 'e Wiener Staatsoper, dêr't se dat jiers oansteld waard as Kamersängerin. Yn 2009 ûntfong se it grutkrús yn 'e Ordine al Merito della Repubblica Italiana út 'e hannen fan Giorgio Napolitano, de presidint fan Itaalje. Ek krige se twa earedoktoraten, yn 2008 ien fan 'e Ynternasjonale Universiteit Menéndez Pelayo yn Santander, en yn 2011 ien fan 'e Universiteit fan Barseloana.

Op 6 juny 2013 waard Caballé yn Azerbeidzjan ta persona non grata ferklearre nei't se, nettsjinsteande offisjele warskôgings oan har adres troch de Azerbeidzjaanske ambassade yn Spanje, de de facto ûnôfhinklike republyk Nagorno-Karabach besocht, dy't him begjin jierren njoggentich fan Azerbeidzjan losskuord hie, en dêr mei moetings hie mei pleatslike lieders.

Montserrat Caballé mei har soan en har man Bernabé Martí yn 1971.

Yn 2015 waard Caballé yn Spanje oanklage foar belestingfraude. Se joech ta dat se yn 2010, hoewol't se eins yn Spanje wenne, opjûn hie dat se nei Andorra emigrearre wie. De bedoeling fan dat bedroch wie dat se yn Spanje minder belesting hoege soe te beteljen. Yn desimber 2015 waard se troch de Spaanske rjochter skuldich befûn oan fraude. It fûnis wie in finzenisstraf fan seis moannen ûnder betingst, mei dêropta in boete fan 254.231. Ek waard se foar in perioade fan oardel jier útsletten fan it ûntfangen fan oerheidssubsydzjes.

Yn 1964 troude Caballé mei de Spaanske tenoar Bernabé Martí. Hja krigen twa bern, in soan en in dochter. Dêrfan folge dochter Montserrat Martí yn har memme fuotleasten troch ek operasopraan te wurden.

Sûnensswierrichheden en ferstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 20 oktober 2012, doe't se op toernee wie yn Ruslân, waard Caballé yn 'e Sibearyske stêd Jekaterineburch troffen troch in oerhaal. Hja waard gau-gau oerbrocht nei it Hospital de Sant Pau, it grutste sikehûs yn Barseloana, dêr't se frijwol hielendal wer opbettere. Yn septimber 2018 waard Caballé yn itselde sikehûs opnommen doe't se it oan 'e galblaas krige. Se kaam dêr op 6 oktober 2018 te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 85 jier. De krekte deadsoarsaak waard nea bekendmakke.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.