Springe nei ynhâld

San Francisco

Ut Wikipedy
San Francisco
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County San Francisco County
Sifers
Ynwennertal 825.111 (2013)
Oerflak 600,6 km² (ynkl. wetter)
121,4 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 6.803 / km²
Stêdekloft 4.335.391 (2013)
Hichte 16 m
Oar
Stifting 1776
Tiidsône UTC -8
Simmertiid UTC -7
Koördinaten 37°46′39″N 122°24′59″W
Offisjele webside
www.sfgov.org
Kaart
De lizzing fan San Francisco yn 'e steat Kalifornje.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Foar oare betsjuttings, sjoch: San Francisco (betsjuttingsside).

San Francisco, offisjeel de Stêd en County San Francisco, is in grutte stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dy't oan 'e westkust fan 'e Feriene Steaten leit. It is it ekonomyske en kulturele sintrum fan Noardlik Kalifornje en ien fan 'e grutste havens fan 'e westkust. San Francisco hat, neffens gegevens fan it Amerikaanske Folkstellingsburo út 2013, in befolking fan goed 825.000 minsken, wêrmei't it de op trije nei grutste stêd fan Kalifornje is (nei Los Angeles, San Diego en San Jose) en de op trettjin nei grutste fan 'e hiele Feriene Steaten. Mei alle foarstêden derby komt it ynwennertal fan 'e stêdekloft om San Francisco hinne op goed 4,3 miljoen, wylst it, as de deroan fêstgroeide stêden Oakland en San Jose meirekkene wurde, op 8,4 miljoen útkomt. Allinnich New York, Los Angeles, Chicago en Washington, D.C.-Baltimore binne grutter as dat. San Francisco leit op 'e noardlike útein fan in lântonge dy't útstiket yn 'e Stille Oseaan, en fan 'e rest fan Kalifornje skaat wurdt troch fan de Baai fan San Francisco. Sadwaande wiene de útwreidingsmooglikheden altiten beheind, en is San Francisco ien fan 'e tichtstbebefolke stêden fan 'e Feriene Steaten, mei 6.803 minsken de kante kilometer. Allinnich New York is noch tichter befolke.

De ierste bewizen fan minsklike bewenning om 'e Baai fan San Francisco hinne geane teminsten werom oant 3000 f.Kr., en der binne oanwizings dat it gebiet 8.000 jier lyn al bewenne waard. Doe't de earste Spaanske ûntdekkingsreizgers de krite yn 1769 besochten, libben dêr de Ohlone-Yndianen. Der bestiet noch altiten strideraasje oer oft dat streekrjochte ôfstammelingen fan 'e ierste bewenners wiene of net.

De haven fan San Francisco yn 1851.

Der besteane min dokumintearre en ûnbewiisbere ferhalen dat de omkriten fan 'e Baai fan San Francisco yn 1575 oandien wêze soene troch de Portegeeske ûntdekkingsreizger Sebastião Rodrigues Soromenho, en yn 1579 troch de Ingelske ûntdekkingsreizger sir Francis Drake, dy't dêrsanne ek earne in fan 'e Spanjerts rôve goudskat bedobbe hawwe soe, dêr't noch wol nei socht wurdt. Teffens soed er it gebiet "Nova Albion" ("Nij-Ingelân") neamd hawwe. Der is lykwols fan net ien fan beide reizen in ûnbekreaud ferslach oerlevere, en it hiele spul is mei legindefoarming omjûn. Ien ding is wól dúdlik: der bestiene fan 'e ein fan 'e sechstjinde iuw ôf twa tsjinstridige territoriale oanspraken op it gebiet om 'e Baai fan San Francisco hinne (in Spaansken, want Portegal makke doe diel út fan Spanje, en in Ingelsken-ien).

It earste dokumintearre besyk fan Jeropeänen oan it gebiet fûn plak troch de al earder neamde Spaanske ekspedysje fan 1769, dy't ûnder lieding stie fan Gaspar de Portolà. Sân jier neitiid, op 28 maart 1776, waard op it puntsje fan it skiereilân troch Juan Bautista de Anza in Spaanske delsetting stifte dy't nei de hillige Fransiskus fan Assisy neamd waard.

De earste 45 jier fan syn bestean makke San Francisco diel út fan 'e Spaanske koloanje Nij-Spanje. Doe't dy yn 1821 ûnôfhinklik waard ûnder de namme Meksiko, kaam San Francisco by dat lân te hearren. Yn 1835, doe't it plak noch mar in pear hûndert ynwenners hie, waard der neffens in yn 't foar ûntwurpen plattegrûn in útwreide delsetting oanlein, dy't de namme fan Yerba Buena krige. Nei't Kalifornje yn 1846, ûnder de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, yn Amerikaanske hannen fallen wie, waard it stedsje wer omneamd ta San Francisco. Yn 1848 stie Meksiko Kalifornje mei in hiele rige oare gebieten ûnder it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo offisjeel ôf, en kaam San Francisco foargoed by de Feriene Steaten te hearren.

De Golden Gate Bridge, it symboal fan San Francisco.

Nettsjinsteande syn natuerlike haven wie San Francisco doedestiden noch mar in plakje fan goed 500 ynwenners. Mar datselde jiers noch waard der goud fûn yn noardlik Kalifornje, en fan gefolgen briek de Kalifornyske Goudkoarts út, dy't duorre fan 1849 oant 1854. Dêrtroch waard San Francisco oerspield troch goudsikers út it Easten fan 'e Feriene Steaten en alle lju dy't oan goudsikers jild fertsjinje woene, lykas keaplju, dokters, abbekaten, kroechútbaters, gokkers en prostituees. Sadwaande gie it ynwennertal omheech fan 1.000 yn ein 1848 oant 25.000 yn desimber 1849. Troch dy befolkingseksploazje slagge it Kalifornje yn 1850 al om as earste fan 'e westlike territoaria ta de Amerikaanske Uny ta te treden as in folweardige steat.

It eilân Alcatraz, yn 'e Baai fan San Francisco, mei it âlde finzenisgebou.

San Francisco ûntjoech him ûnderwilens ta in grutte havenstêd, beskerme troch twa forten dy't troch it Amerikaanske Leger oanlein waarden op 'e útein fan it skiereilân en op it eilantsje Alcatraz, yn 'e Baai fan San Francisco. Yn 1852 waard yn San Francisco de bank Wells Fargo & Co. oprjochte, dy't noch altiten bestiet, en dy't letter fral bekend waard trochdat se ek in postkoetsferbining mei it easten opsetten. Fan 1859 ôf waard troch de ûntdekking fan sulver deunby de stêd in nije befolkingseksploazje feroarsake. Yn 1869 kaam it Earste Transkontinintale Spoar ree, dat San Francisco mei Omaha, yn Nebraska, en dêrwei mei it hiele Easten ferbûn. Troch dy spoarferbining koe de haven fan San Francisco him ûntjaan ta in poarte fan en nei Aazje, dêr't benammen tsientûzenen Sineeske ymmigranten Amearika troch berikten. Sadwaande ûntstie ek de Sineeske wyk fan San Francisco, Chinatown, dy't hjoed de dei ien fan 'e toeristyske trekpleisters fan 'e stêd is. Yn 1870 wie 8% fan 'e 150.000 ynwenners fan San Francisco fan Aziatysk komôf. Tweintich jier letter hie de befolking fan 'e stêd him wer ferdûbele, en wennen der 300.000 minsken yn San Francisco.

Tusken 1900 en 1904 waard de stêd troffen troch de earste Noardamerikaanske pestepidemy, dy't hûnderten minsken it libben koste. Op 18 april 1906 fûn de Ierdbeving fan San Francisco plak (noch nammenste slimmer makke troch de grutte brannen dy't as gefolch dêrfan útbrieken), wêrby't neffens kontemporêne boarnen 498 Sanfransiskanen de dea fûnen, hoewol't neffens moderne rûzings dat tal yn 'e tûzenen lein hawwe moat. Mear as trijefearns fan 'e stêd waard ferrinnewearre, en mear as de helte fan 'e 400.000 ynwenners rekke dakleas, fan wa't in grut part foargoed de baai oerstiek om him yn Oakland nei wenjen te setten. Neitiid waard San Francisco yn in razend tempo en op grutte skaal wer opboud, wêrby't in grut part fan 'e wichtichste ûnderdielen fan 'e ynfrastruktuer oanlein waarden, lykas ferskate tunnels, in nij rioelstelsel en it kabeltramsysteem.

It baarnende San Francisco nei de swiere ierdbeving fan 1906.

Yn 'e jierren nei de weropbou ûntjoech San Francisco him ta in solide finansjeel sintrum, dêr't nei de Wall Street-krach fan 1929 gjin inkele bank omfoel. Yn 'e Krisisjierren liet it stedsbestjoer mei foar de wurkgelegenheid de Golden Gate Bridge en de San Francisco-Oakland Bay Bridge oanlizze, dy't yn 1936, resp. 1937 reekamen. Under de Twadde Wrâldoarloch wie de stêd in sintrum fan marineskipsbou, en op dat wurk kamen in protte Afro-Amerikanen út it Amerikaanske Suden ôf. Yn 1951 waard mei it Ferdrach fan San Francisco offisjeel de oarloch tusken de Feriene Steaten en Japan beëinige.

Tusken 1933 en 1963 wie op it eilân Alcatraz in federaal tichthûs fêstige, de Federale Finzenis Alcatraz, dêr't de slimste en flechtgefaarlikste misdiedigers fan 'e Feriene Steaten opsletten waarden, wêrûnder bgl. maffiabaas Al Capone. Fan Alcatraz gie de rop dat nimmen dêrwei ûntsnappe koe, wat net lei oan 'e swiere bewekking, mar oan 'e sterke ôflânige streaming yn it omlizzende wetter. Lju dy't besochten en swim dat stik, soene perfoarst ferdrinke. Trije finzenen binne der lykwols yn slagge om dochs te ûntsnappen. Oft sy libben de fêste wâl berikt hawwe of nei see fuortspield binne, is ûnbekend. De legindaryske reputaasje fan Alcatraz makke dat der de film Escape from Alcatraz oer makke waard, en dat it tichthûs nei de sluting in drokbesocht museum waard.

De Transamerica Pyramid is it heechste gebou fan San Francisco.

Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw ûntwikkele de stêd him ta in sintrum foar alternative kultueren. Yn 'e sechstiger jierren waard San Francisco sjoen as de hippyhaadstêd fan 'e wrâld; benammen de buert Haight-Ashbury wie in sintrum fan dy folksbeweging, dy't syn hichtepunt berikte yn 1967, yn 'e Simmer fan 'e Leafde. Fan 'e santiger jierren ôf waard San Francisco ek it sintrum fan 'e Amerikaanske homorjochtebeweging. Doedestiden wie it Sanfransiskaanske gemeenteriedslid Harvey Milk ien fan 'e earste publike figueren dy't der iepentlik foar útkaam dat er homo wie. Doe't er yn 1978, tegearre mei boargemaster George Moscone, fermoarde waard, hie dat it tsjinstelde effekt fan wat syn moardners berikke woene, en waard de homolobby yn San Francisco nammenste aktiver. Ek tsjintwurdich noch is San Francisco dé homostêd fan 'e Feriene Steaten, dy't him ek op oare mêden tige tolerant opstelt.

San Francisco leit persiis op 'e San Andréasbrek en de Haywardbrek, dêr't twa tektoanyske platen byninoar lâns skuorre, wat allegeduerigen soarget foar lytse ierdbevings en út en troch foar in grutten. De grutte ierdbeving fan 1906 is al earder oan 'e oarder kommen. Dat wie fierwei de meast ferneatigjende. De meast akseptearre skatting fan 'e swierte fan dy skodding is 7,8 op de Skaal fan Richter. Oare rûzings fariëarje tusken de 7,7 en 8,3 op 'e Skaal fan Richter. De measte skea waard lykwols oanrjochte troch de grutte brân dy't it gefolch fan 'e ierdbeving wie.

Yn 1989 waard San Francisco op 'e nij troch in grutte ierdbeving troffen, de Loma Pietra-ierdbeving, wêrby't û.m. in dûbeldeks autowei ynstoarte en likernôch 60 minsken om it libben kamen. De kâns dat sa'n ramp de stêd wer treffe sil, is 100%. It kin noch jierren duorje, mar it kin by wize fan sprekken ek moarn safier al wêze; soks falt net te foarsizzen. Mar troch de lokaasje fan San Francisco is it wis dat it ienris barre sil. In protte gebouwen yn 'e stêd binne dêrom ynsafier't dat mooglik is ierdbevingbestindich makke, mar nettsjinsteande dat kin in swiere ierdbeving noch altyd grutte gefolgen hawwe en ûnbidige skea oanrjochtsje.

It stedhûs fan San Francisco.
Kabeltrams op 'e heuvels.

San Francisco nimt tsjintwurdich it 44ste plak yn op 'e list fan wichtichste toeristyske bestimmings fan 'e wrâld, en it 6de plak op in soartgelikense list fan meast besochte toeristyske bestimmings yn 'e Feriene Steaten. De stêd stiet bekend om syn koele simmers, syn seedize en de karakteristike steile heuvels (mar leafst 43 stiks). Fan 'e besjensweardichheden moat yn it foarste plak de Golden Gate Bridge neamd wurde, dy't it symboal fan 'e stêd is. Dy brêge, dy't trouwens net goudkleurich, mar read is, ferbynt San Francisco mei it noarden, en is hegernôch dat grutte seeskippen derûndertroch farre kinne.

Fierders binne der it beruchte en sinistere eardere tichthûs, op it eilân Alcatraz; de tradisjonele kabeltrams (streetcars); de Transamerica Pyramid, de heechste wolkekliuwer fan 'e stêd; de Sineeske wyk Chinatown; de homowyk The Castro; de havenbuert Fisherman's Wharf; en de pleinen Union Square en Alamo Square, wêrfan't it lêste bekend stiet om 'e ferneamde "Painted Ladies".

Oant 1970 groeide de befolking fan San Francisco ta 716.000 minsken. Dêrnei sette in weromgong yn, nei 679.000 minsken yn 1980, foar't it ynwennertal wer begûn oan te winnen, ta 724.000 yn 1990, en 777.000 yn 2000. De befolkingsgroei fertoande healwei de jierren 2000 in dipke, mei in weromgong nei 744.000 minsken yn 2004 en 739.000 yn 2005, ear't it ynwennertal wer begûn te groeien oant 805.000 yn 2010 en 825.000 yn 2013.

San Francisco is opdield yn tsien distrikten en om-ende-by hûndert ûnderskate wiken. Fan 'e befolking wie neffens de folkstelling fan 2010 13,6% âlder as 65 jier en 13,4% jonger as 18 jier. De befolking bestiet foar 38,6% út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens bedroech yn jannewaris 2013 6,8%. De etnyske opbou fan 'e befolking wie yn 2010 sa: 41,9% blanken; 33,3% Aziaten; 15% Latino's; en 6,1% swarten.

De yngong fan Chinatown.
San Francisco út 'e loft wei.
De Ynternasjonale Lofthaven fan San Francisco.

Fanwegen de grutte etnyske mienskippen fan Aziatysk komôf (fral Sinezen, mar ek Japanners, Koreänen, Fjetnamezen, Tai en oaren) binne de kulturele bannen tusken San Francisco en de ûnderskate Aziatyske lannen tige wichtich. Chinatown, de Sineeske wyk fan 'e stêd, is de grutste Sineeske wyk yn 'e Feriene Steaten op dy fan New York nei.

Berne yn San Francisco

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn San Francisco

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oansjen fan San Francisco

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
San Francisco jûns.


>
  • San Francisco is de stêd dêr't de spikerbroek ûntwikkele waard.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.