Kalifornyske Goudkoarts

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
In wetterspiling foar it skieden fan goud en ierde yn 1850, ûnder de Kalifornyske Goudkoarts.

De Kalifornyske Goudkoarts wie in wichtige perioade yn 'e skiednis fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dy't draaide om 'e goudfjilden fan 'e Sierra Nevada en yn Noardlik Kalifornje. De goudkoarts duorre fan 1848 oant 1854, en berikte syn hichtepunt yn 1849. It late ta de kolonisaasje fan Kalifornje troch 300.000 goudsikers en it opnimmen fan it gebiet as in folweardige steat yn 'e Amerikaanske Uny. It late lykwols ek ta de diskriminaasje fan 'e Latino's en de útrûging fan in grut diel fan 'e Yndianen yn 'e gebieten dêr't goud fûn waard.

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1542 hearde it gebiet dat letter de Amerikaanske steat Kalifornje wurde soe ta de Spaanske koloanje Nij-Spanje, dy't yn 1821 ûnôfhinklik waard ûnder de namme Meksiko. Yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1846-1848) wie Kalifornje ien fan 'e gebieten dy't troch de Amerikanen op Meksiko ferovere waard. Oan 'e ein fan 'e oarloch waard it by de Frede fan Guadalupe Hidalgo troch Meksiko formeel oan 'e Feriene Steaten ôfstien. Neitiid hie Kalifornje de status fan in ûnorganisearre territoarium, oant it Amerikaanske regear yn it fiere Washington, D.C. derta komme koe om in bestjoer foar it gebiet yn it libben te roppen.

Goudfjilden ûnder de Kalifornyske Goudkoarts yn 'e Sierra Nevada en Noardlik Kalifornje.

Goudkoarts[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It trage meallen fan 'e amtlike mooltsjes yn Washington, D.C. waard ynhelle troch foarfallen yn it gebiet sels, doe't op 24 jannewaris 1848 in James W. Marshall by Sutter's Mill yn Coloma goud fûn. Nei't it nijs oer de fynst fia de trage fersprieding fan 'e media yn dy tiid stadichoan bekend wurden wie, briek der goudkoarts út en kaam der in trek nei Kalifornje op gong. Tûzenen saneamde forty-niners sylden om Kaap Hoarn hinne, of teagen troch it fan sykten optillende tropysk reinwâld oer de Lâningte fan Panama, of kamen gewoan yn kapweinen of geandefoets út it Easten wei opsetten mei de dream om har fortún te meitsjen as goudsiker.

It grutste part fan harren bestie út Amerikanen, mar der wiene ek ferskate tsientûzenen by dy't oerkamen út Latynsk-Amearika, Jeropa, Austraalje of Aazje. Hoewol't de libbensomstannichheden yn 'e goudfjilden alderprimityfst wiene, hiene de goudsikers yn Kalifornje teminsten te krijen mei in geunstich klimaat, eat dat se foar hiene op 'e lettere Goudkoarts fan Klondike, yn Alaska. Yn 't earstoan lei it goud yn 'e Kalifornyske goudfjilden letterlik gewoan foar it oppakken. Om't dêre gjin wetten oangeande grûnbesit bestiene, waard meitiid in systeem fan it fêstlizzen fan saneamde claims ûntwikkele.

De goudkoarts feroare de Kalifornyske ekonomy radikaal, benammentlik mei't net inkeld goudsikers dertroch oanlutsen waarden, mar ek (nei alle gedachten ferstanniger) lju, dy't net fan it goud, mar fan 'e goudsikers libje woene, lykas keaplju, dokters, abbekaten, kroechútbaters, gokkers en prostituees. Tusken 1849 oant 1854 fûnen 250.000 oant 300.000 goudsikers mei-inoar mear as $200 miljoen oan goud. De measten, lykwols, fûnen nea wat, of mar sa'n bytsje dat it harren kosten net iens diek, en einigen teloarsteld, út 'e liken en alhiel ferearmoede. Mar oaren namen harren plak yn, en doe't dúdlik waard dat der yn Kalifornje mar sa'n bytsje goud mear wie dat it sykjen dernei allinnich noch útkoe foar grutte mynboubedriuwen, teagen se nei oare oarden ta om har lok dêre te beproevjen.

Effekten op 'e ûntwikkeling fan Kalifornje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1846 wennen der yn Kalifornje likernôch 10.000 Spaansktalige blanken, de saneamde Californios. Hja wiene almeast feeboeren yn it gebiet yn Súdlik Kalifornje dêr't tsjintwurdich Los Angeles leit. In pear hûndert útlanners, wêrûnder guon Amerikanen, mar relatyf sjoen ek in protte Russen, libben benammen yn 'e noardlike úthoeken, lykas oan 'e natuerlike haven fan San Francisco, dat doedestiden 500 ynwenners hie. Yn 1852, doe't it hichtepunt fan 'e goudkoarts alwer efter de rêch wie, hie Kalifornje mear as 200.000 blanke ynwenners en wie San Francisco útwoeksen ta de grutste stêd oan 'e westkust fan Noard-Amearika.

Sineeske goudsikers ûnder de Kalifornyske Goudkoarts.

Yn 1849 waard foar Kalifornje in grûnwet ynsteld, in gûverneur oansteld en in parlemint oprjochte. It jiers dêrop waard it gebiet troch it Kompromis fan 1850 tusken de frije steaten fan it Noarden en de slavehâldende steaten fan it Amerikaanske Suden formeel as steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen. Bou en feehâlderij woeksen yn it hiele gebiet mei grutte faasje oan, om oan 'e fraach nei produkten troch de groeiende befolking foldwaan te kinnen. Wegen waarden oanlein en stedsjes waarden stifte, wylst nije metoaden fan ferfier ynfierd waarden dy't oant dy tiid ta oan 'e westkust noch ûnbekend wiene, lykas steamskippen. Yn 1869, tweintich jier nei it begjin fan 'e goudkoarts, wie Kalifornje mei it Easten fan 'e Feriene Steaten ferbûn troch in spoarline, dy't ferfier mei de trein mooglik makke.

Njonken foarútgong brocht de goudkoarts lykwols ek mindere dingen. It wie is bysûnder gewelddiedige perioade, sels foar de skiednis fan it Wylde Westen. Nei't de goudkoarts oer syn hichtepunt hinne wie en it goud almar dreger te finen waard, ûntstie der ûnder it meastepart fan 'e befolking in iepentlik ksenofoob en rasistysk sentimint, dat benammen rjochte wie tsjin Sinezen en ymmigranten út Latynsk-Amearika. Der fûnen oanfallen op sokke lju plak en der waarden wetten en konfiskearjende belestings ynfierd dy't tsjin harren rjochte wiene. De tol dy't de goudkoarts easke fan blanke Amerikaanske goudsikers wie ek net om 'e nocht: rûchwei ien op 'e tolve fan harren kaam om troch it útsûnderlik folle foarkommen fan misdie yn 'e goudfjilden, of troch it dêrút fuortkommende figilantisme.

De haven fan San Francisco fol mei skippen yn 1851.

Effekten op 'e Latino-befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklike Meksikaanske ynwenners fan Kalifornje, de Californios, waarden troch de blanke Amerikanen sjoen as in ynferieur ras, en as bûtenlanners wylst se faak al generaasjes lang yn it gebiet wennen. Under de goudkoarts waarden se geregeldwei it slachtoffer fan ûnearlike behanneling en diskriminaasje: sa moasten se, as se nei goud sykje woene, de Foreign Miners' License Tax betelje, in belesting foar bûtenlânske goudsikers dy't $20 yn 'e moanne bedroech, wylst blanken dat net hoegden. Ek waard geweld tsjin 'e Californios ynset, en lynchen waard in frij normale metoade foar blanke Amerikanen om 'e Californios te yntimidearjen.

Ien Californio dy't ûnder de goudkoarts ûnrjocht oandien waard, wie in Joaquin Murrieta, by wa't in groep blanke goudsikers nachts ynbriek om syn frou te ferkrêftsjen en syn broer te fermoardzjen. Neitiid naam er de wapens op tsjin alle blanken, dy't er fermoarde oeral dêr't er se te pakken krije koe. De blanken rekken deabenaud foar him en diene alle war om him finzen te nimmen. Murrieta waard úteinlik nei't it skynt deade troch in kaptein fan it Amerikaanske Leger, mar hy woeks út ta in leginde dy't letter de basis foarme foar de ferhalen oer de maskere held Zorro.

In ôfbylding fan in oanfal fan 'e Yndianen op in delsetting fan 'e goudsikers.

Effekten op 'e Yndianen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noch helte minder as foar de Californios wiene de effekten dy't de Kalifornyske Goudkoarts op 'e Yndianen hie, dy't al 14.000 jier yn Kalifornje taholden. Peter Burnett, de earste gûverneur fan 'e steat Kalifornje, ferklearre dat it gebiet in slachfjild tusken de ûnderskate minskerassen wie en dat der mar twa opsjes wiene foar de Yndianen: útrûging of deportaasje. As ûnderdiel fan dy troch de oerheid oanfitere genoside betelle de steat $25.000 út oan preemjes foar skalpen fan fermoarde Yndianen, wêrby't de prizen fariëarren foar de skalpen fan manlju, froulju en bern.

Yndianen waarden net inkeld ôfslachte, mar ek finzen nommen, ta slaven makke en as sadanich ferhannele. Om't se net as minsken beskôge waarden, koe soks as in legale foarm fan hannel plakfine, ek al wie Kalifornje yn namme in frije steat, dêr't gjin slavernij foarkaam. Goudsikers, houtsjers en oare kolonisten foarmen figilantegroepen en pleatslike milysjes, wêrmei't se geregeldwei Yndiaanske doarpen oerfoelen mei as spesifyk doel om oan 'e fraach nei slaven te foldwaan. Dy fraach wie der benammen nei jonge froulju en bern, dy't yn 'e goudsikerskampen gauris tewurksteld waarden yn 'e twongen prostitúsje. De goudkoarts foarme it begjin fan 'e Kalifornyske Genoside, dy't mei û.m. de Oarloch fan 'e Bald Hills en de Mendocino-oarloch oanhold oant 1873. Fan 'e Kalifornyske Yndianen, dy't yn 1770 nei skatting 133.000 oant mooglik wol 301.000 sielen teld hiene, wiene yn 1910 noch 16.350 minsken oer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.