Springe nei ynhâld

Figilantisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Figilante)

Figilantisme (fia it Ingelsk fan it Spaanske vigilantismo, fan vigilante, "bewekker") is in beneaming foar it hâlden en dragen fan ien of mear boargers, of fan in organisaasje dy't net ta de oerheid heart, dy't sûnder wetlike autoriteit oan wetshanthavening docht of dogge. Immen dy't oan figilantisme docht, is in figilante. Sa'nent nimt, ienfâldich sein, it rjocht yn eigen hân. Soks wurdt yn 'e regel rasjonalisearre fanút it leauwen dat it formele rjochtsproses en de offisjele foarmen fan bestraffing fan kriminelen net foldogge of net wurkje of hielendal net besteane. Figilantes sjogge de oerheid oer it algemien op syn bêsten as yneffisjint by it ôftwingen fan it neilibjen fan 'e wet. Se rjochtfeardigje harren dieden troch te sizzen dat se dogge wat de mienskip wol.

Figlantisme kin ferskate foarmen oannimme. As der yn in buert in protte ynbraken binne, en de bewenners sette in boargerwacht op om nachts te patrûljearjen, is dat in frij ûnskuldige foarm fan figilantisme, dêr't sawol de mienskip as de oerheid baat by hawwe kin, salang't gearwurke wurdt mei de plysje en fertochten inkeld fêstholden wurde en daliks oan 'e plysje oerdroegen wurde. Sadree't begûn wurdt mei it tapassen fan eigen straffen, lykas it mishanneljen fan fertochten foar't se oan 'e plysje oerdroegen wurde, nimt figilantisme in tsjusterder foarm oan. Noch helte minder wurdt it as figilantes hielendal net mei de plysje gearwurkje wolle, mar fan begjin ôf oan fan doel binne om sels bestraffings út te dielen. Soks kin al gau útrinne op it lynchen fan minsken dy't fan in misdriuw fertocht wurde.

Slachtoffers fan figilantisme binne faak lju dy't oan 'e plysje ûntkommen binne om't se útnaaid binne, 'boppe de wet' steane of frijlitten binne op grûn fan in foarmflater yn it rjocht. Ek lju dy't earne fan fertocht wurde, mar tsjin wa't gjin bewiis bestiet (en dy't dus bêst ûnskuldich wêze kinne), hearre gauris ta slachtoffers fan figilantisme, benammen as se fertocht wurde fan misdriuwen tsjin bern, lykas pedofily, of fan oare foarmen fan seksueel misbrûk, lykas ferkrêfting. Figilantisme rint útinoar fan fandalisme (lykas in stien troch it rút goaien by de wente fan in slachtoffer) en útskellen, oant mishanneling en sels moard. It komt geregeldwei foar dat de slachtoffers fan figilantisme neitiid ûnskuldich blike te wêzen fan 'e misdieden dêr't se fan fertocht waarden. Sa waarden yn it Feriene Keninkryk yn 'e earste helte fan 'e 2000-er jierren, nei de moard op Sarah Payne, ferskate lju it slachtoffer fan fandalisme en ferbale en fysike mishanneling dy't der falsk fan beskuldige waarden dat se pedofilen wiene. En yn 2008 waard yn Guyana Hardel Haynes troch in breinroere kliber folk deaslein doe't er by fersin oansjoen waard foar in dief.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.