2000-er jierren

Ut Wikipedy
2000-er jierren
It World Trade Center yn New York stiet yn 'e brân nei de oanslaggen fan 11 septimber 2001.
It World Trade Center yn New York stiet yn 'e brân nei de oanslaggen fan 11 septimber 2001.
<< 1990-er jrn  •  2000-er jrn  •  2010-er jrn >>
2000   •   2001   •   2002   •   2003   •   2004
2005   •   2006   •   2007   •   2008   •   2009

De 2000-er jierren, ek oantsjut as de jierren 2000, wiene in desennium fan 'e 21e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 2001 en duorre it oant en mei 31 desimber 2010, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 2000 oant en mei 31 desimber 2009. Dit desennium waard fierhinne behearske troch de terroristyske oanslaggen op 11 septimber 2001 yn New York en Washington, D.C., en de ûntjouwings dy't dêrút fuortkamen, lykas de Oarloch yn Afganistan, de Irakoarloch en de wrâldwide Oarloch tsjin it Terrorisme. Dêrnjonken kamen yn 'e 2000-er jierren foar it earst de sosjale media en it ferskynsel realitytillefyzje op. De lêste trije jier stiene boppedat sterk yn it teken fan 'e Bankekrisis, de slimste ekonomyske krisis sûnt de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren.

Oersjoch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 2000-er jierren foarmen it begjin fan ienentweintichste iuw en it trêde milennium. Wat begûn mei algemien optimisme, waard al rillegau bedoarn troch de ekonomyske depresje dy't feroarsake waard troch de dot-comkrisis. It waard noch helte minder doe't islamistyske terroristen yn 2001 de oanslaggen fan 11 septimber diene op it World Trade Center yn New York en it Pentagon yn Washington, D.C., dêr't 2.996 deaden by foelen. Doe't it Taliban-regear fan Afganistan wegere en leverje Osama bin Laden út, dy't as it brein efter de oanslaggen sjoen waard, begûnen de Feriene Steaten en harren bûnsgenoaten de Oarloch yn Afganistan, wêrby't it Taliban-rezjym al rillegau de macht ûntnommen waard. Nei dy oerwinning ûntjoech him lykwols in oanhâldende guerriljastriid fan 'e Taliban dy't harren yn it ûnherberchsume binnenlân fan Afganistan weromlutsen hiene, tsjin it troch it Westen stipe nije demokratysk keazen regear fan it lân en de Westerske troepen dy't dat regear oerein holden.

De Westerske ynfal yn Afganistan wie ek it begjin fan 'e Oarloch tsjin it Terrorisme, dy't benammen rjochte wie tsjin 'e dieders fan 'e oanslaggen op 11 septimber. De wichtichste terroristyske islamistyske organisaasje wie yn 'e 2000-er jierren al-Qaida, dat laat waard troch Osama bin Laden. De striid tsjin al-Qaida en dêrmei ferbûne groepen wie beslist net iensidich, mei't de terroristen it hiele desennium troch oanslaggen op Westerske doelen diene, wêrby't faak tsientallen en soms hûnderten minsken de dea fûnen. De slimste terroristyske oanslaggen wiene de bomoanslaggen op Baly (2002), de bomoanslaggen yn Istanbûl (2003), de bomoanslaggen yn Madrid (2004), de bomoanslaggen yn Londen (2005), de bomoanslaggen yn Amman (2005), de bomoanslaggen op de Jezidyske mienskippen (2007) yn noardlik Irak en de oanslaggen yn Bombay (2008).

Op 'e falske beskuldiging dat de Iraakske diktator Saddam Hoessein bannen ûnderhold mei al-Qaida en fanwegen de bewearing dat er massaferneatigingswapens hie, wat letter ek net wier bliek te wêzen, fierden de Feriene Steaten en harren bûnsgenoaten yn 2003 in ynvaazje fan Irak út, wêrby't it ûnmeilydsume Baätrezjym fan Saddam Hoessein ûnder fuotten helle waard. Dat bliek lykwols noch mar it begjin te wêzen fan 'e Irakoarloch, dy't it hiele fierdere desennium duorje soe, mei guerriljastriid en soms iepen oarlochfiering tsjin soennityske rebellen dy't stipe waarden troch al-Qaida en soartgelikense terroristyske organisaasjes.

De Oarloch tsjin it Terrorisme wie ekstreem kontroversjeel yn it Westen, mei't sawol binnen de Feriene Steaten as dêrbûten kanttekenings pleatst waarden oangeande de rjochtfeardiging foar dizze 'oarloch', dy't eins foar it meastepart yn it ferburgene fierd waard troch feilichheidstsjinsten. Ditte en de botte wize fan hâlden en dragen dy't it Amerikaanske regear fan George W. Bush foar de moade hie, laten ta in grut ferlies oan stipe en oansjen yn 'e wrâld foar de Feriene Steaten. Dat boaze allinnich noch mar fierder oan doe't de beskuldigings fan it besit fan massaferneatigingswapens oan it adres fan it rezjym fan Saddam Hoessein nearne op basearre blieken te wêzen, en doe't it regear-Bush it marteljen (waterboarding) fan finzennommen terroristen besocht goed te praten.

Yn 'e 2000-er jierren kamen de sosjale media op.

Oare wapene konflikten yn 'e 2000-er jierren omfiemen de oanhâldende striid yn it Midden-Easten, tusken Israel en de Arabieren. De Twadde Intifada, in folksopstân yn 'e besette Palestynske gebieten tsjin 'e Israelyske militêre oerhearsking, duorre fan 2000 oant 2005. Yn 2006 briek de Libaneeske Oarloch út tusken Israel en de sjiïtyske milysje Hezbollah. En yn 2008-2009 focht Israel de bloedige en folslein nutteleaze Gaza-oarloch út yn 'e Gaza-stripe, mei de militante Palestynske groepearring Hamas.

Yn 'e Kaukasus einige de Twadde Tsjetsjeenske Oarloch yn 2000 mei de werovering troch it Russyske leger fan 'e opstannige dielrepublyk Tsjetsjeenje, mar dêrnei briek der yn it gebiet in guerrilja-oarloch út. Yn 2008 late in Georgysk besykjen om 'e separatistyske regio Súd-Osseesje te weroverjen ta de koarte Russysk-Georgyske Oarloch, wêrby't Georgje oertsjûgjend ferslein waard. Yn Afrika kaam yn 2000 in ein oan 'e Eritreesk-Etiopyske Oarloch, yn 2002 oan 'e Sierraleöanske Boargeroarloch en yn 2003 oan 'e ektreem bloedige Twadde Kongoleeske Oarloch. Datselde jiers briek lykwols de Oarloch yn Darfoer út, dy't mank gie mei de Genoside yn Darfoer fan it Sûdaneeske regear tsjin 'e boargerbefolking fan dy westlike regio. Presidint Omar al-Basjir waard dêrfoar yn 2009 troch it Ynternasjonaal Strafhôf oanklage.

Op it mêd fan natoerrampen wie de Aziatyske Tsûnamy, dy't nei in seebeving op Twadde Krystdei 2004 de kusten fan lannen oan 'e Yndyske Oseaan trof, de grutste ramp dy't de wrâld yn lange tiid oerkommen wie. Dêrby fûnen mear as 250.000 minsken de dea, wylst teminsten 1 miljoen oaren dakleas rekken. In oare grutte natoerramp wie de orkaan Katrina, dy't yn 2005 de Amerikaanske stêd New Orleans ûnder wetter sette. Doe't it regear fan 'e Republikeinske presidint George W. Bush neitiid faalde om fluch en effektyf yn te gripen, rûn it dêrtroch slimme skea op yn 'e Amerikaanske publike opiny. Dat spile beslist mei doe't by de presidintsferkiezings fan 2008 de Demokratyske Partij wer oan 'e macht brocht waard, yn 'e persoan fan Barack Obama, de earste negroïde presidint fan 'e Feriene Steaten.

Ekonomysk sjoen wie de wichtichste feroaring yn 'e 2000-er jierren de langferwachte trochbraak fan 'e Folksrepublyk Sina, dy't hast it hiele desennium troch in ekonomyske groei fan dûbele sifers trochmakke. Yn mindere mjitte belibben ek lannen as Yndia en Brazylje in ekonomyske oplibbing. Dat flugge byheljen troch eardere ûntwikkelingslannen fan ekonomyen dy't foarhinne de wrâld dominearre hiene, late oan 'e ein fan it desennium ta it oanwaaksen fan proteksjonisme yn 'e Westerske wrâld. Fierders droech de groei fan it ynternet yn 'e 2000-er jierren sterk by oan 'e globalisearring, dy't fluggere kommunikaasje tusken ferskillende parten fan 'e wrâld mooglik makke. Ek it húsriem wurden fan mobile tillefoans en de opkomst fan 'e sosjale media spilen dêrby in rol. It lêste trêdepart fan 'e 2000-er jierren waard behearske troch in ekonomyske depresje, dy't yn it neijier fan 2007 as in kredytkrisis begûn yn 'e Feriene Steaten, en him dêrwei as in oaljeplak oer de rest fan 'e wrâld útwreide. Dy saneamde Bankekrisis wie de slimste ekonomyske krisis sûnt de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren, en soe yn Jeropa tsien jier oanhâlde.

Under de Twadde Tsjetsjeenske Oarloch bedobje Russyske soldaten de liken fan fermoarde Tsjetsjenen yn in massagrêf (febrewaris 2000).
De Fjoerwurkramp yn Ynskedee.

Wichtichste foarfallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2000
It World Trade Center yn New York fuort nei't de sudertoer rekke is troch United Airlines-flecht 175.
Osama bin Laden, it brein efter de oanslaggen fan 11 septimber 2001.
It Pentagon yn Washington, D.C. nei de oanslaggen fan 11 septimber 2001.
2001
De euro wurdt yn 2002 de muntienheid fan 16 Jeropeeske lannen.
De Oarloch tsjin it Terrorisme wie in direkt gefolch fan 'e oanslaggen op 11 septimber 2001.
2002
It stânbyld fan 'e Iraakske diktator Saddam Hoessein yn Bagdad wurdt delhelle nei de Amerikaanske ynvaazje fan Irak, yn 2003.
Leden fan it Sûdaneesk Befrijingsleger (de rebellen) ûnder de Oarloch yn Darfoer.
2003
De Mars Exploration Rover Opportunity fan 'e NASA op Mars yn 2004.
Foto's fan 'e slachtoffers fan 'e Gizelingskrisis fan Beslan, yn 'e Russyske Kaukasus.
Op Twadde Krystdei 2004 kamen mear as 250.000 minsken om by de Aziatyske Tsûnamy.
2004
Yn 2005 komt de Amerikaanske stêd New Orleans grutdiels ûnder wetter te stean troch tadwaan fan 'e orkaan Katrina.
In Darfoereesk flechtlingekamp yn Tsjaad.
2005
Montenegrinen fiere feest nei't in mearderheid fan 'e befolking by in referindum foar ûnôfhinklikheid stimt hat.
It Taiske leger fiert yn 2006 in steatsgreep út tsjin 'e demokratysk keazen premier Thaksin Shinawatra.
2006
Ingelsen steane yn Birmingham yn 'e rige foar de bank om harren jild op te nimmen: de Bankekrisis, de grutste ekonomyske krisis sûnt de Grutte Depresje, begûn yn 2007.
De Jeropeeske Uny nimt it Ferdrach fan Lissabon oan, wêrmei't de ôfwizing fan 'e Jeropeeske Grûnwet troch de befolkings fan Frankryk en Nederlân omsyld wurdt.
De Pakistaanske premier Benazir Bhutto komt yn desimber 2007 om by in oanslach op har libben.
2007
In demonstraasje yn 'e Servyske haadstêd Belgrado tsjin 'e ûnôfhinklikheid fan Kosovo, dy't op 17 febrewaris 2008 útroppen waard.
Barack Obama wint yn 2008 as earste swarte man de Amerikaanske presidints-ferkiezings. Op dizze foto wurdt er (yn jannewaris 2009) ynaugurearre as presidint fan 'e Feriene Steaten.
2008
Passazjiers fan 'e metro yn Meksiko-Stêd drage mûlkapkes y.f.m. de útbraak fan 'e bargegryp, yn april 2009.
In demonstraasje yn Teheran ûnder de Iraanske ferkiezings-protesten fan 2009.
2009

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.