Ar-Riaad

Ut Wikipedy
Ar-Riaad
الرياض
Polityk
Lân Saûdi-Araabje
Sifers
Ynwennertal 5.254.560 (2010)
Oerflak 1000 km²
Befolkingsticht. 3024 / km²
Hichte 612 m
Oar
Tiidsône EAT (UTC+3)
Simmertiid gjin
Offisjele webside
www.arriyadh.com
Lizzing fan Ryad yn Saûdi-Araabje
Strjitte nei Mekka by Jebel Tuwaiq by Riad

Ar-Riaad (Arabysk: الرياض‎ Ar-Riyāḍ) is de haadstêd fan Saûdi-Araabje. It is in part fan de provinsje Ar-Riaad, dêr't it de haadstêd fan is, yn de Nêzjd. It leit yn it sintrum fan de Arabyske skiereilân op in grut plato en hat likernôch 5 miljoen ynwenners, om-ende-by 20% fan de befolking fan it lân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it tiidrek fan foar de islam wie op it plak fan de tsjintwurdige stêd in lyts doarpke mei de namme Hajar. Op dat stee leit de gearkomst fan inkele wady's, sadat der in soad grûnwetter oanwêzich wie. Yn eardere tiden wie de omjouwing ferneamd om har dadels en beammen. Hajar is ôflaat fan it Arabyske meartal fan rowdhah (plak fan tunen). Oan de ein fan de 18e iuw wie Ar-Riaadpart fan de Earste Saûdyske Steat. Nei de ynfal troch de Ottomanen yn 1818 wurdt Ar-Riaad haadstêd fan dat ryk.

Yn 1902 waard de stêd ferovere troch de Wahhabieten ûnder lieding fan Abdoel Aziz al Saoed. Hy sette syn feroveringen troch en festige it moderne Keninkryk fan Saûdy-Araabje yn 1932, mei Ar-Riaad as haadstêd fan it lân. De diplomatike haadstêd bleau lykwols oant 1982 yn Djedda.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1862 - 7500
  • 1935 - 30.000
  • 1960 - 150.000
  • 1970 - 370.000
  • 1972 - 500.000
  • 1974 - 650.000
  • 1988 - 1.500.000
  • 1990 - 2.000.000
  • 1997 - 2.800.000
  • 2006 - 2.900.000

Toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne net safolle besitersplakken yn Ar-Riaad, mar neikommende binne nijsgjirrich: