Wady

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


In wadi yn Algerije

In wady is in rivierdelling dy't it grutste part fan it jier droech leit. Yn de wiete perioades streamt der lykwols in protte wetter troch de wady. Wady's wurde fanâlds yn de droege tiid faak as paad brûkt.

Meast stiet der ek grûnwetter yn in wady.

Wady is in Arabysk wurd. Yn Noard-Afrika hjitte se meast oueds, in wurd dat dêr ek wol foar gewoane rivieren brûkt wurdt. Spaanske riviernammen dy't begjinne mei "Guad" geane altyd werom op nammen út de tiid fan de Arabyske oerhearsking fan Andalûsje, (bygelyks Guadalquivir = Wadi al-Qivir, "de grutte stream").