Springe nei ynhâld

Volendam

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Foalendam)
Volendam
Loftfoto Volendam (oan de kust) mei Edam fierderop
Loftfoto Volendam (oan de kust) mei Edam fierderop
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Edam-Volendam
Sifers
Ynwennertal 22.590 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,67 km², wêrfan:
- lân: 4,49 km²
- wetter: 0,18 km²
Befolkingsticht. 4835 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren N247 N517
Postkoade 1130-1132
Netnûmer 0299
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 30' NB, 5° 4' EL
Offisjele webside
Hiemside gemeente Edam-Volendam
Kaart
Volendam (Noard-Hollân)
Volendam

Volendam is in doarp yn de gemeente Edam-Volendam yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. It plak hat 22.590 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Volendam yn 1906

Volendam hiet oarspronlik Folle(n)dam. Oarspronklik kaam dêr de IJe of E, dêr 't it plak Edam lei, út yn de Sudersee. Yn 1357 groeven de Edammers in koartere ferbining tusken de Purmermar en de Sudersee. Dêrnei waard foar de âlde haven fan Edam in daam oanlein en de âlde haven waard tichtmakke; fandêr Follendaam. Sa krige Edam in nije haven, it Oorgat. Al gau fêstigen har hjir boeren en fiskers. Ek bleaune guon grûnwurkers nei de beëiniging fan it graafwurk efter yn it nij ûntstiene doarp.

Yn 2018 is Volendam in plak mei sa'n 22.000 ynwenners. De toeristen komme nei it doarp foar de histoaryke dracht en fiskersboaten. Dêrneist fine se souvenirwinkeltsjes oan de haven en in boat dy't harren nei Marken bringt. Yn in befolking dy't him kwa gebrûken ûnderskiedet fan de rest fan Nederlân middels ûnder oaren in eigen dialekt, it Volendamsk. Boppedat hat Volendam histoarysk sjoen in roomsk-katolyk doarp west yn in fierder meast protestantske omjouwing. Foarhinne wie it doarp bekend omdat it it heechste tal Nederlânske sindelingen en preesterroppings de kante kilometer hie. Troch de sekularisaasje en ûnttsjerkliking rint ek yn Volendam it tsjerkebesyk werom.

De Wikipedy hat ek in side Nijjiersbrân Volendam.

Op âld-en-nij fan 2000 nei 2001 ûntstie troch it oanstekken fan in bosk stjerkes in koarte, mar tige fûle brân yn kafee De Hemel. De stjerkes stutsen de drûge krystfersiering oan it plafond yn brân, dat dêrtroch delkaam. 14 minsken ferlearen dêrby it libben en 200 rekken swierferwûne en waarden oerbrocht nei de brânwûnesintrums yn Beverwyk, Grins en Rotterdam en doe't dy fol rekken, waarden guon slels nei Brussel en Leuven brocht.

Fiskôfslach Sint-Vincentius

Volendam is in populêre toeriste-attraksje yn Nederlân, ferneamd om syn fiskersboaten en de tradisjonele dracht, dy't bytiden noch wol droegen wurdt troch guon fan de befolking. It fouljusdracht is it meast ferneamd fan de tradisjonele Nederlânske drachten en komt faak foar op printkaarten en posters. Der is in fearpont dy't regelmjittich nei it eilân Marken fart. Volendam hat ek in lytse museum dat de skiednis en dracht fan it doarp sjen lit en besikers kinne in foto fan harsels nimme litte yn de tradisjonele dracht.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Volendams Museum mei it sigarebantsjehûske
  • Palingsoundmuseum
  • Het Doolhof
  • De Dyk
  • Haven
  • Diamantsliperij
  • Sint-Finsentiustsjerke
  • Skilderingsamling fan Hotel Spaander
  • Stjelphoevetsjerke, de âdste en bêst bewarre stjelptsjerke (Ryksmonumint).
  • Koöperative Fiskôfslach St. Vincentius (Ryksmonumint)
  • Houten klokkestoel met de Trouklok út 1771 (Ryksmonumint)

FC Volendam is in fuotbalklup dy't ôfwikseljend yn de Earedifyzje en de Earste Difyzje spilet.

Volendam is ferneamd om syn eigen muzyk, dat Palingsound (letterlik lûd fan ielen) neamd wurdt. Dat ferwiisd nei de status fan Volendam as fiskersdoarp. Yn de sechtiger jierren fan de tweintichste iuw wie de pleatslike sjonggroep The Cats in tige ferneamde en populêre groep yn Nederlân en derbûten.

In oare groep fan Volendam wie BZN, dy't tige polpulêr yn 'e ein fan de sechtiger en begjin fan de santiger jierren waard. Yn 1995 trede BZNmei de doe tsienjierrige Jan Smit op, dy't letter sels ek in polpulêre artyst waard.

De populêre groepen 3JS en Nick & Simon komme ek út Volendam.

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Volendam is te berikken fan Purmerein ôf oer de N244. Fan Hoarn, Amsterdam en Monnickendam ôf oer de N247 Fan Edam ôf oer de Zuidpolderzeedijk, de Dijkgraaf de Ruijterlaan, de Dijkgraaf Poschlaan en de N247/N517.

Berne yn Volendam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Edam-Volendam
Stêd:
Edam
Doarpen:
BeetsEtersheimHobredeKwadijkMiddelieOosthuizenPurmer (foar in part) • SchardamVolendamWarder
Buorskippen:
AxwijkKathamVerloreneinde
· · Berjocht bewurkje