Oerlis:Volendam
Appearance
Wy hawwe no Foalendaam, Follendaam, Folendam en Volendam. Boppedat leit der noch gjin ôfspraak oer hoe't wy oan sille mei it oersetten van Nederlânske plaknammen bûten Fryslân. Drewes (oerlis) 17 mai 2019, 13.51 (CEST)
- De no oanleine 'Gearfettingslist' is noch net mear as in ynventarisaasje. Dan witte wy wêr't wy it oerlis oer gean moat, ynhâldlik leit alles dan op tafel. Dêrnei moat der troch de mienskip oerlein wurde om te kommen ta in list mei ferfryske nammen dêr't de mienskip it wol oer iens is. (Der sille grif ek in pear oerbliuwe dêr't de mienskip it net oer iens wurde kin, wat dêr dan mei dien wurde moat sjogge wy letter wol) 'k Bin no dwaande om oer alle foarlizzende nammen in side oan te meitsjen, mei óf in offisjele óf mei in ferfryske namme. As dat klear moatte wy it der mar ris oer mei elkoar oer ha hokker fan de beide foarmen de redirect krije moat. Hokker foarm keazen wurdt kin bygelyks ek ôfhingje hoe swier oft de neamde boarnen meitelle moatte (dêr sil net iderien itselde yn stean). Frou Watzema (oerlis) 17 mai 2019, 14.23 (CEST)
- @Frou Watzema: Liket my skoan ta. Der moat my trouwens fan it hert dat ik it moai fyn dat jo artikels oer al dy plakken oanmeitsje, mar it moat fansels gjin hillich moatten wurde, hin? We kinne der ek oer diskusjearje en in beslút nimme sûnder dat it artikel al bestiet. (Ik sis dit even omdat ik juster en hjoed wer in stikmannich ferfryske plaknammen betocht haw dy't ik yn 'e list sette sil.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 mai 2019, 22.14 (CEST)
- Wolle jo oanjaan wannear't de ynventarisaasjelist wat jo oangiet 'kompleet' is? (der dêrnei grif noch wol 'neidrippers' by komme, dât hâlde je dochs, mar dat is ek net sa slim). Frou Watzema (oerlis) 19 mai 2019, 08.40 (CEST)
- @Frou Watzema: Ik bin justerjûn alle besteande lemma's yn 'e kategoryen Plak yn Grinslân, Plak yn Drinte, Plak yn Oerisel, Plak yn Gelderlân, Plak yn Flevolân, Plak yn Noard-Hollân en Plak yn Súd-Hollân neirûn. Plak yn Seelân wie earder al dien. As ik no fan 'e jûn Plak yn Utert, Plak yn Noard-Brabân en Plak yn Limburch dwaan kin, dan is wat my oangiet de ynventarisaasje kompleet. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 mai 2019, 22.24 (CEST)
- P.S.: Dien. Ik hie ferwachte dat der noch folle mear wurk yn siet, mar it foel ta. Sa't jo sizze, der sil miskien noch wolris ien by komme dy't we oant no ta oer de holle sjoen hawwe, mar dat is net oars. Wat my oangiet is de ynventarisaasje sa klear. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 mai 2019, 22.54 (CEST)