Middelie
Middelie | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Edam-Volendam | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 720 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 8,27 km², wêrfan: - lân: 7,63 km² - wetter: 0,64 km² | |
Befolkingsticht. | 87 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N247 | |
Postkoade | 1472 | |
Netnûmer | 0299 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 32' NB, 5° 1' EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik (grien) fan Middelie yn de eardere gemeente Seefang |
Middelie is in doarp yn de gemeente Edam-Volendam yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân yn de krite Wetterlân. It doarp leit yn de Polder Seefang en hat 720 ynwenners (1 jannewaris 2023). De buorskip Axwijk heart ta de himrik fan Middelie.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp waard earst neamd yn 1277 as Homines de Middela en bestjut "yn it midden (middel) fan de rivier (ie). Fierder wurdt it doarp neamd yn 1342 Middelee, 1357 Middelye, 1417 Middely en yn 1680 (werprintinge yn 1745) Middelye.[2].
Middelie ûntjoech him yn de 12e iuw as in feanterijdelsetting. It waard ynearsten in fiskersdoarp, mar nei't de Purmer drûchlein waard, ferlear it syn ferbining mei de see en ûntjoech it doarp as lintdoarp besteande benammen út in boeremienskip. It doarp wie min te berikken, allinnich mei boatsjes oer it wetter of oer de diken fan de Purmermar. By de Reformaasje setten in soad minnisten harren nei wenjen yn it doarp en tochten dat se yn it isolearre doarp frij feilich wêze soene. Oant yn de 20e iuw makken minnisten de helte fan de befolking fan it doarp út. De fermanje waard yn 1899 en wie in ienfâldige sealtsjerke dy't in houten ien ferfong.[3]
De ynwenners libben oant mid 20e iuw benammen fan de melkfeehâlderij en tsiisproduksje.
Middelie wie oant 1970 in selsstannige gemeente. Oant de mid 19e iuw waard de gemeente wol "Middelie en Axwijk" neamd. Yn 1970 fusearre de gemeente mei de gemeenten Beets, Kwadijk, Oosthuizen en Warder ta de gemeente Seefang, neamd nei de Polder Seefang, dêr't Middelie yn leit. Yn 2016 waard dy gemeente part fan de gemeente Edam-Volendam
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De N247 rint eastlik parallel fan it doarp fan Oosthuizen nei Edam.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De fermanje
-
Nederlânsk-herfoarme tsjerke yn 1963
-
Axwijk
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Edam-Volendam | ||
---|---|---|
Stêd: Edam | ||
Doarpen: Beets • Etersheim • Hobrede • Kwadijk • Middelie • Oosthuizen • Purmer (foar in part) • Schardam • Volendam • Warder | ||
Buorskippen: Axwijk • Katham • Verloreneinde | ||
· · |