Springe nei ynhâld

Beets (Noard-Hollân)

Ut Wikipedy
Beets
Tsjerke fan Beets
Tsjerke fan Beets
Emblemen
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Edam-Volendam
Sifers
Ynwennertal 540 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,05 km², wêrfan:
- lân: 3,94 km²
- wetter: 0,11 km²
Befolkingsticht. 133 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren N247
Postkoade 1475
Netnûmer 0299
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 35' NB, 4° 59' EL
Offisjele webside
https://beets.nl/
Kaart
Beets (Noard-Hollân)
Beets
Kaart
Tsjerke fan Beets
Himrik fan Beets (grien) yn de eardere gemeente Seefang

Beets is in doarp yn de gemeente Edam-Volendam yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. It doarp leit tusken Hoarn en Purmerein op de grins fan de kriten West-Fryslân en Wetterlân.

Beets hat 540 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beets leit súdlik fan Hoarn, noardeastlik fan Beemster yn in leechfean greidegebiet. De melkfeehâlderij en de suvelyndustry wie en is in wichtige ekonomyske faktor foar it doarp.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sicht op Beets op in print troch Jacobus Stellingwerf út 1726

De namme Beets is de assimileare Fryske foarm foar "beek", itjinge in natoerlike wetterrin betsjut. Ferlykje hjirmei de nammen Ald- en Nij Beets De namme kaam foar yn 1435 foar as van der Beetze, yn 1480-1481 as Beets, yn 1514 as Beetsch, yn 1575 as Ter Beeks, en yn 1680 (werprintinge yn 1745) as Beets.[2]

It plak lei yndie oan in wetter, de Korsloot, in âlde natoerlike ferbining fan de Beemster mei de Sudersee. Dy iepen ferbining waard yn de 14e iuw tichtmakke troch it oanlizzen fan in daam op it plak fan it hjoeddeistige doarp Schardam, dy't it wetter fan de Sudersee bûtendoar hâlde moast. Sûnt it drûchmeitsjen fan de Beemster yn de 17e iuw tsjinnet de Korsloot foar in part as ringfeart fan dy polder. De Beetser doarpswei, dy't winliken in dyk is, beskerme de dêr benefter lizzende polder Beetskoog tsjin it wetter fan de Beemster en Korsloot. De earste dyk om de Beetskoog waard yn 1304 oanlein.

Om 1360 hinne waard de earste stiennen tsjerke boud. De hjoeddeistige krústsjerke komt fan de 15e iuw en hat in lytse toer op tek. De toerklok, in Hemony is fan 1650. It doarp waard sûnt de Reformaasje protestantsk.

Oant 1970 foarme Beets mei Schardam in selsstannige gemeente. Dêrnei foarme it mank de doarpen Oosthuizen, Kwadijk, Middelie en Warder de gemeente Seefang dy't yn 2016 opgie yn de gemeente Edam-Volendam.

It eardere gemeentewapen hat trije inoar krusende hammers. Dat soe mooglik ferbân hâlde kinne mei de oanwêzigens fan skipstimmerbedriuwen yn it ferline, dochs is net alhiel wis.

Monuminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
Boarnen
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Beets (Noord-Holland) fan Wikimedia Commons.
Edam-Volendam
Stêd:
Edam
Doarpen:
BeetsEtersheimHobredeKwadijkMiddelieOosthuizenPurmer (foar in part) • SchardamVolendamWarder
Buorskippen:
AxwijkKathamVerloreneinde
wizigje