Springe nei ynhâld

Nijjiersbrân Volendam

Ut Wikipedy
Nijjiersbrân Volendam
Monumint op de kade ta neitins oan de brân
Monumint op de kade ta neitins oan de brân
bysûnderheden
type ramp brân
oarsaak In boskjes stjerkes dat oanstutsen waard wêrnei't de krystfersiering op it plafond yn 'e brân fleach.
datum 1 jannewaris 2001[1]
tiid om 0.30 hinne
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Edam-Volendam
plak Volendam
statistiken
deaden 14
ferwûnen 250
lokaasje
Nijjiersbrân Volendam (Noard-Hollân)
Nijjiersbrân Volendam
Lokaasje fan it Kafee

De Nijjiersbrân Volendam wie in brân yn de nijjiersnacht fan de iuwwiksel, fan 2000 op 2001 yn Kafee de Hemel yn Volendam. By de brân kamen fjirtjin jongeren om it libben en mear as twahûndert jong-folwoeksen besikers fan it kafee rekken slim ferwûne.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kafee de Hemel (ek wol 't Hemeltje) wie op de earste ferdjipping fan dykpân Haven 154 -156. Under oan 'e dyk wie de Wir War Bar fêstige. Yn it sûterrain wie kafee de Blokhut. 't Hemeltje wie in populêr feestkafee ûnder jongerein en sûnt Sinteklaas wie it folsleine plafond dekorearre mei krysttûken fan blauspar en krystljochtsjes. Foar it âldjiersfeest hiene har tachtich minsken oanmeld mar yn de rin fan de jûn rûn it tal besikers op oant trijehûndert persoanen en it kafee pûle út.

Oarsaak[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De direkte oanlieding wie in pakje mei stjerkes dat om healwei ienen oanstutsen waard. It pakje joech in stekflam en troch de skrik waard er omheech hâlden tsjin de folslein útdrûge krysttûken oan it plafond. Trochdat de krystfersiering net ympregnearre wie mei in brânkearend middel fleagen de tûken fuortendaliks yn 'e brân. [2]

De brânende massa kaam nei ûnderen yn it grôtfolle kafee, en feroarsake in fûle koarte brân wêrby't de temperatuer oprûn oant 500 °C mei in soad reek. De Krystferljochting raande fuort wêrtroch koartsluting ûntstie en it ljocht útfoel. De brân dôve troch in te koart oan soerstof binnen trije minuten.

Flechtrûtes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch it tekoart oan soerstof rekken minsken út de tiid en stroffelen oer elkoar by it flechtsjen, en kamen oant fjouwer leine oerinoar te lizzen. By it flechtsjen wie der alinne mar in slingertrep beskikber as flechtwei. De doar fan de needútgong hie in greep dy't ferkeard montearre wie en foarsjoen wie fan in ekstra balke. De ruten oan de foarkant wiene foarsjoen fan in traaljewurk wêrtroch't de besikers net fuort koene. Ek op de legere ferdjipping, dêr't de Wir War wie, wie in gebrek oan flechtrûtes, wêrby't minsken fan it dak oan de efterkant nei ûnderen sprongen.

Helpferliening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 0.38 oere kaam de earste melding binnen by de meldkeamer Ambulânsesoarch.[3] Fiif minuten letter wiene de earste twa plysjeweinen teplak. De earste brânwachtauto en ambulânse arrivearren om 0.46 en 0.51 oere. Om 0.53 oere hinne besleaten de sintralisten ta opskaling. De situaasje wie gaoatysk en kommunikaasje mei de meldkeamer ferrûn yn it begjin muoisum. Omstanners hawwe holpen by de opfang fan de slachtoffers. In grut tal slachtoffers is ek sels nei it sikehûs gien of waard troch de plysje brocht. Om 3.40 oere hinne begûnen se in oersjoch te krijen fan it tal slachtoffers. Fan sawat 4.30 oere ôf begûn de ôfskaling fan de helpferliening en om likernôch 5.00 oere wiene alle ferwûnen evakuearre.

Slachtoffers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fjirtjin minsken binne omkaam. Dêrneist waarden der 241 minsken opnaam yn in sikehûs, fan wa't 200 slim ferwûne wiene. De kapasiteit fan de brânwûnesintra yn Purmerein, Beverwyk, Grins, Utert en Rotterdam wie te lyts om alle ferwûnen te behanneljen. Dêrom waarden guon ferwûnen yn it bûtenlân ferplege, ûnder wa fjouwer yn Aken en in oantal yn Mechelen en Brussel.[4][5]

Undersyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it ûndersyk nei de brân kaam nei foaren dat de eigener fan it kafee nei litten hie de krystfersiering te ympregnearjen mei in brânkearend middel. Ek wiene der te folle minsken oanwêzich yn in pân mei te min flechtwegen nei bûten. Oan ferskate feroarderingen fan de gemeente wie net foldien. Der waarden fragen steld oft de kontrôles troch de gemeente wol foldwaande útfierd wiene. De brân yn it kafee wie dan ek in oanlieding foar ferskerpe lanlike kontrôles nei brânfeiligens yn de hoareka.

Pastorale soarch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan Berkhout, pastoar fan de parochy fan de Sint-Vincentiustsjerke te Volendam, ferliende pastorale soarch oan de slachtoffers en neibesteanden. Sa gie er foar yn de útfearten fan de deadlike slachtoffers en besocht er ferwûne slachtoffers en harren famylje. Hy skreau letter it boek Pastoor van Volendam oer de brân.

Neisleep fan de brân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frank IJsselmuiden, de doetiidske boargemaster fan Edam-Volendam, lei syn funksje del oanlieding fan de ramp, krekt as CDA-wethâlder W. Visscher. Hjoed de dei sit der in toeristyske organisaasje yn it part fan de WirWar en Kafee De Blokhut.[6] Kafee De Hemel is bewarre bleaun en foar direkt belutsenen sûnt oktober 2020 te besykjen.[7]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De earste melding kaam binnen by de CPA. (Sintrale Post Ambulânseferfier) Amsterdam en Omstreken op 1 jannewaris 2001 om 0.38 oere (boarne: Evaluatie Cafébrand Volendam van de Inspectie voor de Gezondheidszorg, p. 35).
  2. Cafébrand Nieuwjaarsnacht, (ned) Commissie onderzoek cafébrand nieuwjaarsnacht 2001, 20-6-2001. Argivearre op 31-7-2021.
  3. (ned) IGZ-evaluatie Cafébrand Volendam, juny 2001. Argivearre op 28-10-2021.
  4. (ned) hbvl.be, 18-1-2001, Brand Volendam eist twaalfde slachtoffer Argivearre op 25-8-2019
  5. (ned) YouTube, NOS 6 uur Journaal 1-1-2001
  6. (ned) NHNieuws, 27-11-2014, Nieuwe bestemming voor 't Hemeltje: "We zullen er respectvol mee omgaan"
  7. nos.nl, 30-12-2020, 20 jaar na Nieuwjaarsbrand Volendam: 'Ik weet niet meer hoe ik buitenkwam'