Springe nei ynhâld

Novosibirsk

Ut Wikipedy
Novosibirsk
Новосибирск
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Ruslân Ruslân
oblastNovosibirsk
Stedsyndieling10 distrikten
Sifers
Ynwennertal1.633.851 (2024)
Oerflak502,7 km²
Befolkingsticht.3.231,38 ynw./km²
Stêdekloft2.266.822
Hichte150 m boppe seenivo
Oar
Stifting1893, stedsstatus 1903
Postkoade630xxx
TiidsôneUTC +7
Koördinaten55° 01' N 82° 55' E
Offisjele webside
Webstee fan de stêd
Kaart
Novosibirsk (Ruslân)
Novosibirsk

Novosibirsk (Russysk: Новосибирск, 'Nij-Sibearje') is in stêd yn Ruslân. Novosibirsk is nei Moskou en Sint-Petersburch de grutste stêd fan it lân en de grutste fan Aziatysk Ruslân.

It is de haadstêd fan 'e oblast Novosibirsk en fan it Federale distrikt Sibearje. Novosibirsk leit oan 'e rivier de Ob en it Trans-Sibearysk spoar. De stêd is in wichtich ferkearsknooppunt en it wichtichste yndustriële sintrum fan Sibearje. Ek op kultureel en wittenskiplik mêd hat Novosibirsk in sintrumfunksje; sa hat de Russyske Akademy fan Wittenskippen in fêstiging yn Akademgorodok ("Akademystedsje"), krekt bûten de stêd, dêr't in protte ûnderwiis- en wittenskiplike ynstellingen byinoar brocht binne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Novosibirsk fan Wikimedia Commons.