Nepal

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer lân.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
सङ्घीय लोकतान्त्रिक गणतन्त्र नेपाल
Sanghiya Loktāntrik Ganatantra Nepāl
Flagge fan Nepal
Flagge
Lokaasje fan Nepal
Offisjele taal Nepaly
Haadstêd Katmandû
Steatsfoarm federale republik
Gebiet
% wetter
147.181 km²
2,8­%
Ynwenners (2011) 26.620.809
Munt Rupee (NPR)
Tiidsône UTC +5.45
Nasjonale feestdei 21 desimber
Lânkoade NPL
Ynternet .np
.नेपाल
Tillefoan 977

Nepal, sûnt 2008 offisjeel de Federale Demokratyske Republyk Nepal, is in lân yn it Súd-Aazje. De haadstêd is Katmandû. Nepal wie it grutste part fan syn bestean in monargy. De lêste kening wie sûnt 2001 Gyanendra; nei syn ôftwongen abduksje waard Nepal op 28 maaie 2008 in federale republyk. De earste presidint, Ram Baran Yadav, waard op 23 july 2008 beëdige.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nepal wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De berch Mount Everest.

Nepal bestiet út in smelle stripe lân dy't him útstrekt oer in lingte fan 853 km mei in breedte fan 160 km yn it súdlike diel fan de Himalaya. In grut part fan it lân is tige bercheftich. Fan de tsien heechste bergen yn de wrâld lizze der acht yn Nepal, dêrûnder de alderheechste, de Mount Everest (8850 meter), oan de grins mei Sina.

Yn it suden, by de grins mei Yndia, leit it flakke Teray-gebiet, dat folge wurdt troch de Siwalik-ketten en de brede sône fan it foarberchtme fan de Himalaya. It grûngebiet hâldt yn it noarden op by de kam fan de Himalaya. Om-ende-by 20% fan de oerflakte is te brûken foar de lânbou. It ekonomyske en sosjale kerngebiet is de delling fan Katmandû yn it foarberchtme.

Inkele oare hege bergen en rêgen yn Nepal binne de Daulagiry, Kanggenjunga, Lotse en Annapurna.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de grutte hichteferskillen beskikt it lân oer ûnderskate klimaatgebieten, fan in heechberchtme klimaat yn de Himalaya oant in subtropysk klimaat bylâns de grins mei Yndia. Yn it easten fan Nepal falt mear rein as yn it westen.

Grutste stêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 10 grutste stêden (nei ynwennertal)[1]
  1. Kathmandu (Ynw.: 1,442,271)
  2. Pokhara (200,000)
  3. Patan (183,310)
  4. Biratnagar (182,324)
  5. Birgunj (133,238)
  6. Dharan Bazar (108,600)
  7. Bharatpur (107,157)
  8. Janakpur (93,767)
  9. Dhangarhi (92,294)
  10. Butwal (91,733)

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nepal bestie eartiids út lytse foarstendommen en stammen. Ta de âldste dynastyen hearden de Gupta. Yn 1324 waard Nepal ferovere troch Harisimhadeva, kening fan Simraun. Under hearskippij fan de Gurkas waard Nepal yn 1756 feriene. Begjin 19e iuw waard Grut Brittanje it lân mei de measte kwizekwânsje op de Nepaleeske polityk. By ferdrach yn 1816 stie Nepal in part fan har gebiet ôf oan de Ingelsken.

Yn 1846 makke Jung Bahadur, in lid fan de Rana-famylje him master fan de macht. Yn 1951 hat de driging fan in boargerkriich en bemiddeling fan Yndia laat ta in ein fan de absolute macht troch de Rana's. Under kening Mahendra krige Nepal syn earste grûnwet. Sûnt 1990 binne politike partijen talitten en kinne fertsjintwurdigers dêrfan om de fiif jier keazen wurde.


Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biggest Cities Nepal, Geonames.org; 20 juny 2010