Springe nei ynhâld

Katmandû

Ut Wikipedy
Katmandû
Sintraal Nepal mei Katmandû
Sintraal Nepal mei Katmandû
Polityk
Lân Nepal
Sône Bagmati
Distrikt Katmandû
Sifers
Ynwennertal 3.442.271(2009, stedsdisrikt)
Oerflak 50,67 km²
Befolkingsticht. 67.935,1/ km²
Stêdekloft 4.503.266
Hichte 1350 m
Oar
Stifting 10e iuw
Tiidsône Nepal Tiid (UTC+5:45)
Koördinaten
Offisjele webside
kathmandu.gov.np

Katmandû (Nepaleesk: काठमांडौ) is de haadstêd fan Nepal.

De stêd leit yn in delling oan de rivier de Vishnumati op 1350 meter boppe seenivo.

De stêd is bekend om syn protte Boedistyske timpels en paleizen, dêr't de measte fan út de 17e iuw binne. De grutste timpel is Bouddhanath yn de wyk Bouddah; de measte paleizen steane oan it Durbarplein. Yn de fallei binne sân monuminten dy't op de Wrâlderfgoedlist steane.

Katmandû hat ek it paleis fan de Nepaleeske keninklike famylje en is populêr by westerske toeristen, dy't har fral konsintrearje yn de wyk Thamel. It plak lûkt benammen kultuer- en rêchsektoeristen. Teffens is it in foarstasjon foar berchbeklimmers fan de Himalaya.

Sûnt de Tibetaanske diaspora hat Katmandû yn de twadde helte fan de 20e iuw Tibetaanske flechtlingen opnaam.

Op 25 april 2015 waard de stêd rekke troch in swiere ierdskodding mei in krêft fan 7,8 op de skaal fan Richter. De ierdskodding ferwoastge in protte gebouwen yn it histoarysk sintrum. Bygelyks stoarte de Dharahara, in toer fan 62 meter heech út 1832, yn. Op dat stuit wiene der 200 besikers yn it gebou. Katmandû is troch de skodding goed in meter nei it suden opskood en is ek heger kommen te lizzen.