Baly

Ut Wikipedy
Lizzing fan Baly yn Yndoneezje

Baly is in Yndonezyske provinsje en in eilân dat beëasten Java en bewesten Lombok leit. Fan de Lytse Sûnda-eilannen leit Baly it meast westlik. It eilân is 5561 km² grut en hie yn 2019 4.336.900 ynwenners. De grutste etnyske groep op it eilân wurdt foarme troch de Balinezen, dy't de lânseigen befolking binne. Harren taal is it Balineesk, mar de measte minsken kinne ek Yndonezysk sprekke. It meastepart fan 'e Balinezen bestiet út hindoes; dit yn tsjinstelling ta de befolking fan Yndoneezje as gehiel, dy't foar it meastepart út moslims bestiet. De haadstêd fan Baly is Denpasar, dat súdeastlik leit. Oant 1958 wie dat Singaraja, yn it noarden.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In rysfjild op Baly
De fulkaan Gunung Agung

De lânseigen taal is it Balineesk (Basa Bali), in Maleisk-Polynezyske taal dy't nau besibbe is oan it Sasak dat op Lombok sprutsen wurdt. It Balineesk wurdt ek sprutsen yn Banyuwangi, in plak oan 'e eastkust fan Java. Yn totaal hat it Balineesk likernôch fjouwer miljoen sprekkers, dêr't de measten fan op Baly wenje. It Balineesk wurdt tradisjoneel skreaun yn in skrift dat ôflaat is fan it Brahmi-skrift, dat oant de Midsiuwen yn Yndia brûkt waard. Basa Bali hat trije nivo's, dy't te krijen hawwe mei it kastesysteem fan it hindoeïsme. It kastesysteem kin sjoen wurde as in stelsel fan sosjale klassen.

It kastesysteem op Baly hat 4 kasten, fan heech nei leech:

  • Brahmana, de kaste fan 'e prysters.
  • Ksatria, de kaste fan 'e keningen en adelstân.
  • Wesia, de kaste fan 'e keaplju.
  • Sudra, de kaste fan 'e 'gewoane man' (90% fan 'e Balinezen).

Njonken it Balineesk wurdt ek de nasjonale taal, it Yndonezysk, sprutsen op Baly.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Yndonezië is it ferplichte om in religy te hawwen. De measte minsken op Baly binne hindoe: in 93% fan 'e befolking hat oanjûn him of har as hindoe te identifisearjen. It hindoeïsme op Baly wykt lykwols sterk ôf fan it hindoeïsme yn oare lannen. Dat komt trochdat Balineesk hindoeïsme bot beynfloede is troch lokale mytology. It hindoeïsme op Baly hat ek in himel en in hel, dat hindoeïsme ornaris net hat.

Baly wurdt wol it eilân fan 'e 1000 timpels neamd fanwegen de protte timpels dy't ferspraat oer it eilân te finen binne.

Fan 'e fyfde iuw ôf fersprate it hindoeïsme him oer Súdeast-Azië, mar waard om de 14e iuw hinne op Sumatra en Java ferkrongen troch de islam. Troch de isolasjonistyske tradysjes en polityk fan Baly is it eilân lykwols altyd hindoeïstysk bleaun.

Ubud wurdt faak sjoen as kulturele haadstêd fan Baly.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart fan Baly

Mei in oerflak 5561km² is Baly it 108ste eilân fan 'e wrâld, krekt wat grutter as de Nederlânske provinsje Gelderlân. De Nusa-eilannen, dy't besúdeasten Baly lizze, falle bestjoerlik ek ûnder de provinsje Baly.

It heechste punt op Baly is de fulkaan Gunung Agung mei 3142 meter.

Yn it westen wurdt Baly skaat fan Java troch de Balystrjitte en yn it easten wurdt it skaat fan Lombok troch de Lombokstrjitte. Trochdat de Balystrjitte op syn smelst mar 2,4 kilometer mjit, hat Baly yn it ferline wolris oan Java fêstsitten. Dat betsjut dat de natuer op Baly en Java ferlykber is. De natuer op Lombok is bot oars; troch de bredere Lombokstrjitte rint ek de saneamde Wallaceline, in tinkbyldige line dy't as skieding fan Azië en Oseänië sjoen wurdt. Bewesten en benoarden dy line wurde diersoarten besibbe oan Aziatyske bisten fûn, wylst besuden en beëasten dy line soarten fûn wurde dy't besibbe binne oan Australyske bisten.

Benoarden Baly leit de Balysee en besuden Baly leit de Yndyske Oseaan.

Toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Baly is ferneamd om it toerisme, dêr't de ekonomy it eilân foar it grutste part op draait. Fanwegen de freonlike befolking, de griene natuer, de moaie strannen en de lege prizen is it eilân populêr ûnder toeristen, benammen ûnder backpackers. Canggu, Ubud, Uluwatu en benammen Kuta binne populêre bestimmings. De measte toeristen komme binnen troch it ynternasjonale fleanfjild Nguruh Rai. It toerisme is sa bot oanwêzich op Baly, dat it suden fan it eilân stadichoan folboud rekke en tsjintwurdich ien grut, drok doalhôf is. Yn 2012 ha der sa'n fiif miljoen toeristen nei Baly west.

Fanwegen de drokte op Baly sykje in protte minsken tsjinwurdich Lombok op, dat wol sjoen wurdt as it net-toeristyske bruorke fan Baly.