Springe nei ynhâld

Mir (romtestasjon)

Ut Wikipedy
Mir

Mir (Мир, Russysk foar frede of wrâld) wie in Sowjet (letter Russysk) romtestasjon. It is mei Juri Gagarin's earste romteflecht fan 1961 en de Sputnik-satelliten ien fan de hichtepunten fan de Sowjet romtefeart. Op 390 km hichte is de Mir yn de 15 jier fan it bestean 86.325 kear om de ierde flein en der ha mear as 100 romtefarders west.

De kearnmodule fan de Mir waard yn 1986 lansearre. De Kvant (1987), Kvant-2 (1989), Kristal (1990) binne modulen en wreidzje de wittenskiplike mooglikheden út. Mei de Spektr module (1995) kaam der leefromte foar Amerikaanske astronauten, yn datselde jier soe der in keppelingsmodule bykomme foar it ienfâldiger keppeljen fan Space Shuttle's oan de Mir. De lêste module dat oan de Mir befêstige waard, wie de Priroda (1996). De lêste jierren fan it bestean wienen der aardich wat problemen. Yn 1997 wie der brân yn it romtestastjon dêr't de seis bemanningsleden hast by dea rekken. Yn 2001 is it romtestasjon mei 8 km/s delhelle nei de ierdske atmosfear en by Fidzjy yn see stoart.