Ynternasjonaal Romtestasjon

Ut Wikipedy
Commons-emblem-urgent.svg
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


It ISS

It Ynternasjonale Romtestasjon ISS (Ingelsk: International Space Station) is in romtestasjon yn in baan om de ierde, dat troch ferskate lannen stipe wurdt. Op 20 novimber 1998 is it foarste diel de romte yn gien en sûnt 2 novimber 2000 libje der permanint romtefarders yn. De Feriene Steaten en Ruslân hawwe tige nau oparbeide by de Russyske Mir dêr't wittenskippers in protte fan leard ha, wat fertuten die foar it ISS projekt. It ISS projekt is it grutste wittenskiplik projekt dat ea bestean hat. Yn it earste desennium fan de 21e iuw is it stasjon hieltyd mear útwreide. Op 27 maaie 2011 waard de bou fan it ISS foareast foltôge mei de ynstallaasje fan de Alpha Magnetic Spectrometer (AMS). It is de bedoeling dat nei 2018 noch twa Russyske modules tafoege wurde sil: Nauka, ek Multipurpose Laboratory Module (MLM) neamd, en de Nodal Module.

Modulen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ISS beslacht meiïnoar 14 modulen mei in folume fan 1.000 kubike meters. Dat binne keppel-, ûndersyk-, wenmodules en luchtslusen. Eltse module wurdt mei in Space Shuttle, Proton raket of Sojoez raket lansearre.

Module Lansear datum Ferfier troch Datum keppeling Massa Montaazje flecht Doel Foto module Stasjon nei keppeljen module
Zarya 20 novimber 1998 Proton-K N/A 19323 kg 1A/R Foarsjocht yn elektrisiteit, opslach, en haadûnderdiel fan de inisjele assemblaazje, wurdt no brûkt as opslach module. Zarya from STS-88.jpg Zarya from STS-88.jpg
Unity (Node 1) 4 desimber 1998 Space Shuttle Endeavour, STS-88 7 desimber 1998 11612 kg 2A Foarste Amerikaanske keppeling, keppelet it Amerikaanske part mei it Russyske part fan it romtestasjon. ISS Unity module.jpg Sts088-703-019e.jpg
Zvezda 20 july 2000 Proton-K 26 july 2000 19051 kg 1R Wenmodule foar de romtefarders. Mei dizze module waard permaninte bewenning mooglik. ISS Zvezda module-small.jpg Unity-Zarya-Zvezda STS-106.jpg
Destiny 2 febrewaris 2001 Space Shuttle Atlantis, STS-98 10 febrewaris 2001 14515 kg 5A Undersyk sintrum en wenmodule. ISS Destiny Lab.jpg Sts098-312-0020.jpg
Quest 7 july 2001 Space Shuttle Atlantis, STS-104 14 july 2001 6064 kg 7A Luchtslûs foar it ienfâldiger meitsjen fan romtekuiers. ISS Quest airlock.jpg ISS on 20 August 2001.jpg
Pirs 14 septimber 2001 Sojoez-U 16 septimber 2001 3580 kg 4R Keppelingsmodule foar de Sojoez & Progress romtefartugen. Luchtslûs foar Russyske kosmonauten. Pirs docking module taken by STS-108.jpg S108e5628.jpg
Harmony (Node 2) 23 oktober 2007 Space Shuttle Discovery, STS-120 14 novimber 2007 14288 kg 10A Keppelmodule. U.o. foar de Jeropeeske Kolumbus en de Japanske Kibō modulen. Der kin ek in Multipurpose Logistics Module en Space Shuttle oan keppele wurde. Harmony Relocation.jpg ISS seen from STS-122.jpg
Kolumbus 7 febrewaris 2008 Space Shuttle Atlantis, STS-122 11 febrewaris 2008 12800 kg 1E Undersyksintrum foar de Jeropeeske wittenskippers fan de ESA. S122e007873.jpg STS-122 ISS Flyaround.jpg
Experiment Logistics Module 11 maart 2008 Space Shuttle Endeavour, STS-123 12 maart 2008 8386 kg 1J/A Part fan Japanske ûndersykmodule Kibō. Kibo ELM-PS on ISS.jpg STS-123 ISS Flyaround cropped.jpg
Japanese Pressurized Module 31 maaie 2008 Space Shuttle Discovery, STS-124 3 juny 2008 14800 kg 1J Part fan Japanske ûndersykmodule Kibō. Dizze module is de grutste module fan it ISS. STS-124 Kibo.jpg ISS after STS-124.jpg
Multipurpose Laboratory Module Desimber 2008 Proton-K TBD 21300 kg 3R Noch net lansearre. De Russyske multifunksjonele module sil Ruslân's primêre ûndersyksintrum wurde yn it ISS. MLM - ISS module.jpg ISS 3R.jpg
Mini-Research Module 2 15 augustus 2009 Sojoez-U - 5R Noch net lansearre. Russyske module foar opslach en foar it keppeljen fan romtefartugen.
Node 3 22 oktober 2009 Space Shuttle Endeavour, STS-130 - 14311 kg 20A Noch net lansearre. Amerikaanske keppelingsmodule. Stipende module dy't û.o. foarsjocht yn it ferfarskjen fan wetter en it opwekken foar soerstof. Der sitte fjouwer keppelings oan foar romtefartugen, en ien foar de module Cupola. Iss Node 3.JPG
Cupola 22 oktober 2009 Space Shuttle Endeavour, STS-130 - 1800 kg 20A Noch net lansearre. De Cupola is in observearrigns module. U.o. foar it bestudearjen fan de ierde. Cupola at KSC.jpg ISSFinalConfigEnd2006.jpg
Mini-Research Module 1 18 maart 2010 Space Shuttle Discovery, STS-132 - 4700 kg ULF4 Noch net lansearre. Keppel- en opslachmodule.

Dielnimmende lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

ISS Logo.svg

Dielnimmende lannen binne:

Foto's fan it ISS en de kontrôlesintrums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Offisjele ISS websiden fan dielnimmende agintskippen

Understeande websiden binne Ingelsktalich

Flag of the United States.svg Feriene Steaten

Flag of Italy.svg Itaalje

Flag of Japan.svg Japan

Flag of Europe.svg Jeropa

Flag of Canada.svg Kanada

Flag of Russia.svg Ruslân