Saddam Hoessein
Saddam Hoessein Abdu al-Majid al-Tikriti (Al-Auja ûnder Tikrit, 28 april 1937 - Bagdad, 30 desimber 2006) wie fan 16 july 1979 oant 9 april 2003 de fyfde (net-demokratysk keazen) presidint fan Irak. Hy wie de lieder fan de revolúsjonêre Ba'ath-partij.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saddam waard yn 1956 lid fan de ferbeane Ba'ath-partij. Yn 1957 naam er diel oan in fergeze steatsgreep tsjin de Irakeze Kening Faisal II. Yn 1958 die er oan in twadde steatsgreep mei, ûnder lieding fan Generaal Abd al-Karim Qasim. Nei in mislearre oanslach op it libben fan premier Abdul Karim Qassem, naaide er fia Syrje nei Egypte út. Doe't er dêr wie, krige er fan it Iraakske regear de deastraf. Oan de Universiteit fan Kairo studearre Saddam rjochten, mar hy makke syn stúdzje net ôf. Op 8 febrewaris 1963 kaam Saddam werom yn Irak, nei in bluodderige steatsgreep fan de Ba'ath-partij. Nei de machtwiksel (Ramadanrevolúsje) waard er ta finzenisstraf feroardiele, mar naaide wer út. Doe't de Ba'ath-partij yn 1968 yn Irak oan de macht kaam, waard Saddam fisefoarsitter fan de Revolúsjonêre Kommandoried. Yn de neikommende jierren waard Saddam:
- 1968: Haad fan de feiligenstsjinst
- 1968: Haad fan it Ministearje fan Propaganda
- 1969: Fisepresidint
- 1972: Lieder oaljeherfoarmings, westlike oaljeûndernimmings wurde steatseigendom
- 1973: Generaal
Kriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under it bewâld fan Saddam wienen der trije grutte oarloggen:
Dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saddam waard op 13 desimber 2006 pakt. Yn novimber 2006 waard Saddam feroardiele. Op 30 desimber waard Saddam deadien mei de strûp om 'e hals.
- Iraaksk generaal
- Iraaksk politikus
- Iraaksk minister
- Premier fan Irak
- Fise-presidint fan Irak
- Presidint fan Irak
- Diktator
- Iraaksk romanskriuwer
- Iraaksk nasjonalist
- Iraaksk misdieslachtoffer
- Persoan dy't in moardoanslach oerlibbe hat
- Iraaksk krimineel
- Persoan feroardiele foar misdieden tsjin de minsklikheid
- Persoan dy't de deastraf krigen hat
- Persoan yn de Iraansk-Iraakske Oarloch
- Persoan yn de Golfoarloch
- Iraaksk persoan fan sûnnitysk Arabysk komôf
- Persoan berne yn 1937
- Persoan stoarn yn 2006