Osama bin Laden

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Osama bin Laden yn 1997.

Osama bin Laden (folút: Osama bin Muhammad bin Awad bin Laden; Riyad, 10 maart 1957Abbottabad, 2 maaie 2011) wie de lieder fan Al-Kaida, in terreurorganisaasje dy't him tsjin westerske en pro-westerske lannen rjochtet.

Bin Laden waard berne yn Saûdy-Araabje, yn in famylje mei bannen mei it keningshûs, en mei in grut fermogen. Dat jild brûkt er no tsjin dat selde keningshûs om't er fynt dat it te folle anneks is mei de Feriene Steaten.

Fanwegen de aksjes fan Al-Kaida waard Bin Laden jierrenlang socht as terrorist. Op 2 maaie 2011 is er deadien by in oanfal fan Amerikaanske militêren op syn fersterke filla yn Abbottabad, yn it noarden fan Pakistan.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]