Caracas
Caracas Santiago de León de Caracas | ||
Polityk | ||
Lân | Fenezuëla | |
Distrikt | Haadsteedlik Distrikt Miranda | |
Gemeente | Libertador | |
Boargemaster | Antonio Ledezma (ABP) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.815.679 (2009) | |
Befolkingsticht. | 1431,5/ km² | |
Stêdekloft | 1930 km² 5.196.514 ynwenners | |
Hichte | 900 m | |
Oar | ||
Stifting | 25 july 1567 | |
Tiidsône | VST (UTC-04:30) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.alcaldiamayor.gob.ve |
Caracas is de haadstêd en grutste stêd fan Fenezuëla yn Súd-Amearika. De stêd leit yn noarden fan it lân yn in delling fan de Cordillera de la Costa Central, tichtby de Karibyske See, mar dêrfan skieden troch in steil, heech berchtme, de Cerro Ávila; nei it suden ta lizze mear hichten en bergen. Caracas heart net by ien fan de steaten fan Fenezuëla, mar foarmet it Haadsteedlik Distrikt.
Ut de skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd waard stifte yn 1567 as Santiago de León de Caracas troch de Spaanske ûntdekkingsreizger Diego de Losada.
Yn Caracas waarden twa persoanen berne dy't tige wichtich west hawwe yn de skiednis fan Súd-Amearika. Francisco de Miranda waard dêr yn 1750 berne en Simón Bolívar yn 1783.
Caracas waard op 26 maart 1812 ferwoastge troch in ierdskodding. De Spanjerds leinen dat út as in straf fan God foar de rebûlje tsjin de Spaanske oerhearsking.
20e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Earste helte 20e iuw waard ierdoalje yn Fenezuëla ûntdutsen. Dat joech de ekonomy fan de stêd in enoarme ynpuls.
De metro fan Caracas kin sûnt 1983 brûkt wurde.
Maiquetia International Airport is it fleanfjild fan Caracas
-
Eastpark Caracas
-
Katedraal Caracas
-
Casa del Liberator, bertehûs fan Simon Bolivar
-
Las Mercedes, hannelsdistrikt
Stadions
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
UCV Baseball stadion
-
UCV Olympysk Stadion
Berne yn Caracas
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Andrés Bello (1781-1865), humanist, dichter, wetjouwer, filosoof, politikus, diplomaat, wittenskipper, taalkundige en universitêr rektor
- Simón Bolívar (1783-1830), frijheidsstrider en presidint
- Julio Borges (1969- ), politikus
- Teresa Carreño (1853-1917), pianiste, sjongster, komponiste, en diriginte
- Johnny Cecotto (1956- ), autokûreur
- Carlos Cruz-Díez (1923- ), skilder en byldhouwer
- Hein van der Gaag , Nederlânsk pianist en komponist
- Rómulo Gallegos (1884-1969), romanskriuwer en politikus.
- Boris Izaguirre (1965- ), senarioskriuwer, sjoernalist, skriuwer en showman
- Héléna Manson (1898-1994), Frânske aktrise
- Francisco de Miranda (1750-1816), generaal, revolúsjonêr en frijheidsstrider
- Eugenio Montejo (1938-2008), dichter
- Oscar Montero, honkballer
- Omar Pumar (1970- ), hurdfytser
- Ilich Ramírez Sánchez (1949- ), guerrillastrider
- María Vento-Kabchi (1974- ), tennisster
- Ernesto Viso (1985- ), autockûreur
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Caracas fan Wikimedia Commons. |