Oanslaggen yn Bombay (2008)
oanslaggen yn Bombay (2008) | ||
ûnderdiel fan 'e Oarloch tsjin it Terrorisme | ||
Lokaasjes fan 'e ûnderskate oanslaggen yn Bombay. | ||
bysûnderheden | ||
type oanslach | bomoanslach, sjitpartij, massamoard, gizeling, belegering | |
doelwyt | 12 lokaasjes yn Bombay | |
datum | 26–29 novimber 2008 | |
tiid | begjin: 21.30 oere IST (Fryske tiid: 16.00 oere, 26 nov.) ein: 08.00 oere IST (Fryske tiid: 03.00 oere; 29 nov.) | |
lân | Yndia | |
dielsteat | Maharashtra | |
plak | Bombay | |
dieders | ||
organisaasje | Lashkar-e-Taiba | |
tal dieders | 10 | |
wapens | mitrailleurs, hângranaten, autobommen | |
motyf | islamisme | |
slachtoffers en skea | ||
deaden | 175 (ynkl. 9 dieders) | |
ferwûnen | >300 |
De oanslaggen yn Bombay wiene in rige koördinearre terroristyske oanslaggen dy't oer in perioade fan fjouwer dagen fan 26 oant en mei 29 novimber 2008 yn 'e Yndiaaske stêd Bombay (Mumbai) útfierd waarden troch tsien leden út Pakistan fan 'e islamistyske groepearring Lashkar-e-Taiba. De terroristen makken gebrûk fan mitrailleurs, hângranaten en autobommen. De oanslaggen fûnen plak op 12 ûnderskate lokaasjes: it Treinstasjon Chhatrapati Shivaji Maharaj, it Taj Mahal Palace Hotel, it Oberoi Trident (ek in hotel), de Metro Cinema (in bioskoop), it Leopold Café (in kafee), Nariman House (of Chabad House, in Joadsk mienskipssintrum), it Cama Hospital (in sikehûs), de haven fan Bombay en inkele willekeurige plakken. Dêrby kamen 174 minsken om it libben, 9 fan 'e dieders ynbegrepen, en rekken mear as 300 oaren ferwûne. Ien fan 'e dieders waard arrestearre en berjochte. Mei't it spoar fan 'e dieders weromlate nei Pakistan, soargen de oanslaggen foar grutte spannings tusken dat lân en Yndia. Hoewol't Pakistan letter meiwurke oan it ûndersyk, waarden de opdrachtjouwers foar de oanslaggen nea pakt.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eftergrûn fan 'e oanslaggen yn Bombay leit yn 'e histoaryske skelen tusken moslims en hindoes op it Yndysk subkontinint, dy't koart nei de Twadde Wrâldoarloch kulminearren yn 'e Ferdieling fan Britsk-Ynje yn in moslimsteat, Pakistan, en Yndia, in lân dêr't hindoes de grutte mearderheid fan 'e befolking útmakken, mar dêr't dochs ek noch hûnderten miljoenen moslims wennen. De stêd Bombay (Mumbai) hie in lange skiednis fan religieuze pogroms tusken moslims en hindoes, wêrby't boargers inoar op ûnmeilydsume wize ferfolgen. Omreden fan har nûmerike minderheid ferlearen moslims dêrby ornaris de slach.
Op 12 maart 1993 fierden islamistyske terroristen yn Bombay in rige fan 13 koördinearre bomoanslaggen út, dêr't se wraak mei nimme woene foar de dea fan withoefolle moslims by eardere ûngeregeldheden yn 'e stêd. By dy rige oanslaggen kamen 257 minsken om en rekken mear as 700 ferwûne. Neitiid fûnen yn jannewaris, maart, july en augustus 2003 en yn july 2006 oare oanslaggen yn Bombay plak.
Oanslaggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oankomst fan 'e terroristen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oanslaggen fan 2008 begûnen op 26 novimber, de jûns om 20.00 oere, doe't de 10 mei grutte rêchsekken bepakte dieders mei rubberboaten út Pakistan wei yn 'e haven fan Bombay oankamen. Hja wiene Hafiz Arshad alias Abdul Rehman Bada; Abdul Rahman Chhota; Javed alias Abu Ali; Fahadullah alias Abu Fahad; Ismail Khan alias Abu Ismail; Babar Imran alias Abu Akasha; Nasir alias Abu Umar; Nazir alias Abu Umer; Shoaib alias Abu Soheb; en Ajmal Kasab. Nei't it skynt seine se tsjin pleatslike Maratyske fiskers, dy't fregen wa't se wiene en wat dit soe, om "har mei har eigen saken te bemuoien". De manlju setten dêrnei yn twa groepen de stêd yn, dy't har letter noch wer fierder opspjalten. De fiskers joegen it foarfal oan by de plysje, mar dêr kaam amper dalje op.
Oanslaggen op it treinstasjon en oare doelwiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste oanslach sette dyselde jûns om 21.30 oere útein, doe't twa fan 'e dieders, Ismail Khan en Ajmal Kasab, yn it Treinstasjon Chhatrapati Shivaji Maharaj mei AK-47-mitrailleurs it fjoer iepenen op reizgers. Hja fermoarden dêre 58 minsken, ûnder wa 3 wurknimmers fan 'e Yndiaaske spoarwegen, wylst 104 oaren ferwûne rekken. Vishnu Dattaram Zende, de omropper fan it lûdsprekkersysteem fan it stasjon, bleau op syn post, en syn warskôgings oan 'e reizgers om it stasjon te ferlitten, rêden in protte libbens. De oanslach waard om likernôch 22.45 oere beëinige, doe't de oankomst fan plysje en rêdingstsjinsten oankundige waarden troch it leven fan sirenes.
De beide dieders naaiden doe út en skeaten yn 'e omlizzende strjitten op tafallige foarbygongers en plysjeminsken, wêrby't njoggen plysjes omkamen op Badruddin Tayabji Lane, efter de redaksje fan The Times of India en it St. Xavier's College. Doe't dúdlik waard dat se op in plysjeburo ta giene, besleaten de minmachtige plysjes dêre, yn it besef dat se mei har pistoalen en inkelskots gewearen tsjin 'e mitrailleurs fan 'e terroristen net folle útrjochtsje koene, om it ljocht út te dwaan en de tagongspoarte te beskoatteljen.
Dêrop setten de beide terroristen dat út nei it Cama Hospital mei de bedoeling om pasjinten, dokters en ferpleechkundigen te fermoardzjen, mar de sikehûsstêf waard yn 't foar warskôge en sleat alle tagongen ta it gebou hermetysk ôf. Underwilens efterfolge in antyterrorisme-ienheid fan 'e plysje fan Bombay, ûnder lieding fan kommissaris Hemant Karkare de terroristen by it treinstasjon wei. Yn 'e strjitte njonken it sikehûs hellen se har einlings by. Der ûntstie in sjitpartij, wêrby't Karkare en trije leden fan syn ienheid omkamen, wylst it fyfde lid, Arun Jadhav, swiere ferwûnings oprûn.
Kasab en Khan naaiden út yn 'e plysje-auto fan Karkare-en-dy. By de Metro Cinema, in bioskoop, fierden se in drive-by shooting út op foarbygongers, wêrby't 10 minsken deasketten waarden. Letter wikselen se de plysje-auto om foar in stellen boargerauto. Se rieden harsels lykwols fêst yn in ôfsetting troch de plysje, dy't opset wie nei't Jadhav oer de radio om help frege hie. Der folge in nije sjitpartij, wêrby't Khan deasketten waard en Kasab ferwûne rekke. In plysjeman, Tukaram Omble, kaam om doe't er Kasab besocht te oermasterjen. Oare plysjeminsken waarden Kasab oermânsk en hy waard arrestearre.
Oare iere oanslaggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wylst de oanslach op it treinstasjon noch geande wie, fierden twa oare terroristen, Shoaib alias Soheb en Nazir alias Ubu Umer, tusken 21.30 en 21.48 oere in oanfal út op it Leopold Café, in kafee-restaurant oan 'e Colaba Causeway yn súdlik Bombay, dat fral mank Westerske toeristen populêr is. Hja iepenen mei mitrailleurs it fjoer op gasten en personiel, en deaden dêrby 10 minsken en ferwûnen noch folle mear.
Yn 'e haven fan Bombay waarden troch de terroristen 4 persoanen deasketten.
Der wiene ek twa oanslaggen mei tiidbommen dy't temûk pleatst wiene yn taksys, dêr't de terroristen har út 'e haven wei mei ferfiere litten hiene. De earste ûntplofte tusken 22.20 en 22.25 oere en deade de taksysjauffeur en twa passazjiers. De twadde tiidbom gie om 22.40 oere ôf yn Vile Parle, wêrby't de sjauffeur en ien passazjier omkamen. By de beide tiidbomoanslaggen rekken likernôch 15 minsken ferwûne.
Oanslaggen op 'e hotels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koart nei de oanslach op it Leopold Café foelen de terroristen ek twa hotels oan, dy't omreden fan har lúkse benammen bûtenlânske, faak Westerske gasten hiene. Dêrby gie it om it Taj Mahal Palace Hotel, fuort njonken de Poarte ta Yndia, en om it Oberoi Trident, op Nariman Point. Yn it Taj Mahal Palace krongen fjouwer terroristen binnen, dy't yn it wylde wei mei mitrailleurs om har hinne skeaten en seis hângranaten ta ûntploffing brochten: ien yn 'e lobby, twa yn 'e liften en trije yn 'e ynboude restaurants. In grut diel fan it hotelpersoniel bleau op syn post en ferrjochte heldedieden om 'e hotelgasten te rêden. Der kamen 31 minsken om, likernôch heal om heal gasten en personielsleden. De oanfal op it Oberoi Trident ferrûn fierhinne gelyk, útsein dat dêr mar ien hângranaat ôfgie. Dêr kamen 30 minsken om.
Yn 'e beide hotels ûntjoech him in gizelderskrisis, wêrby't de terroristen it hotel behearsken, wylst gasten en personielsleden har barrikadearren yn 'e hotelkeamers en guon publike romten. Beide hotels waarden, doe't de oanslaggen op har ein rûnen, troch de terroristen yn 'e brân stutsen. Yn it Taj Mahal Palace Hotel waard in grutte groep hotelgasten troch it personiel ferburgen yn in heareklub en letter fia de kokenyngong nei feilichheid ta laat. De brânwacht fan Bombay rêde yn it Taj Mahal Palace om 'e 250 hotelgasten hinne fia de finsters fan harren keamers út it baarnende hotel. Itselde barde yn it Oberoi Trident mei 143 hotelgasten. Yn beide hotels kamen de terroristen úteinlik allegear om; yn it Taj Mahal Palace sneuvele ek majoar Sandeep Unnikrishnan, ien fan 'e kommando's dy't in bestoarming fan it hotel útfierden.
Yn it Taj Mahal Palace Hotel ferbleau op it stuit fan 'e oanslaggen in delegaasje fan 'e Kommisje foar Ynternasjonale Hannel fan it Jeropeesk Parlemint, mar de leden dêrfan kamen allegear mei de skrik frij. Sajjad Karim, in lid fan it Jeropeesk Parlemint foar de Britske Konservative Partij wie yn 'e lobby doe't de terroristen dêr binnenkrongen en it fjoer iepenen, mar wist op 'e tiid in skûlplak te berikken. Erika Mann, in lid fan it Jeropeesk Parlemint foar de Dútske SPD, ferskûle har yn in oar diel fan it hotel. De Spaanske europarlemintariër Ignasi Guardans en de Poal Jan Masiel barrikadearren harsels yn harren hotelkeamers. Ferskate oare europarlemintariërs wiene koart foar de oanslaggen de stêd yn gien en ûntsprongen de dûns alhiel. De Yndiaaske parlemintsleden N.N. Krishnadas en Gulam Noon wiene oan it dinearjen yn in restaurant fan it Taj Mahal Palace doe't de oanfal begûn. Esperanza Aguirre, de presidinte fan 'e autonome mienskip Madrid, wie krekt oan it ynchecken yn it Oberoi Trident, doe't dêr de sjitterij begûn.
Oanslach op Nariman House
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In trêde gizelingskrisis ûntjoech him doe't twa terroristen Nariman House (ek bekend as it Mumbai Chabad House) binnenkrongen, in Joadsk mienskipssintrum, dêr't ferskate persoanen troch harren finzen nommen waarden. De plysje ûntromme oanbuorjende gebouwen en wiksele skotten út mei de terroristen, wêrby't ien fan 'e beide mannen ferwûne rekke. Se smieten in hângranaat op 'e strjitte, mar de ûntploffing rjochte inkeld materiële skea oan. Fia in finster op 'e earste ferdjipping slagge it 9 gizelders om te ûntsnappen.
Nei't se op 27 novimber yn Bombay arrivearre wiene, fierden kommando's fan 'e Yndiaaske National Security Guards in bestoarming fan Nariman House út. Dat waard dien sawol fan 'e grûn ôf as troch te abseilen út in helikopter nei it dak fan it gebou, wêrby't se dutsen waarden troch skerpskutters op 'e dakken fan omlizzende gebouwen. Doe't se foar it ferstân krigen dat it feest dien wie, fermoarden de terroristen rabbyn Gavriel Holtzberg, syn frou Rivka Holtzberg, dy't seis moannen swier wie, en fjouwer oare gizelders. Letter waard oan 'e hân fan 'e ferwûnings fan 'e fermoarde gizelders ornearre dat dyselden mooglik foar har dea martele wurden wiene troch de terroristen. Nei in lange sjitpartij, wêrby't ien kommando sneuvele, waarden beide terroristen deasketten en 60 libbene gizelders (leden fan 12 ûnderskate Joadske húshâldings) befrijd.
Reäksje fan 'e autoriteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De plysje fan Bombay wie net traind en net tarist om 'e swierbewapene terroristen tsjin te kearen. De pleatslike autoriteiten koene yn it gefal fan 'e gizelingskrises yn 'e beide hotels en Nariman House dêrom net folle mear dwaan as in kordon om 'e gebouwen hinne lizze. Dêrnei moast wachte wurde op it ynfleanen fan kommando's fan 'e Yndiaaske National Security Guards (NSG) út 'e haadstêd New Delhi, dy't mear as tûzen kilometer nei it noarden leit. Dat duorre mear as tolve oeren. Doe't se ienris arrivearre wiene, makken de kommando's lykwols rillegau skjin skip, al ûntstie der fertraging trochdat der trije ûnderskate gizelingskrises tagelyk wiene. It ûntset fan it Taj Mahal Palace waard foltôge om 08.00 oere hinne op 'e moarn fan 29 novimber en wie it slútstik fan 'e operaasje dy't de koadenamme Black Tornado krigen hie.
Slachtoffers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der kamen by de oanslaggen yn Bombay yn novimber 2008 yn totaal 175 minsken om it libben. De 9 fan 'e 10 dieders dy't sneuvelen, allegearre mei de Pakistaanske nasjonaliteit, binne net opnommen yn 'e ûndersteande tabel net. De 166 slachtoffers kamen út 24 ferskillende lannen. De grutte mearderheid bestie út Ynjers; 29 fan 'e slachtoffers kamen út oare lannen.
nasjonaliteit | tal deaden | tal ferwûnen |
---|---|---|
Yndia | 141 | 256 |
Feriene Steaten | 61 | 2 |
Israel | 4 | - |
Dútslân | 3 | 3 |
Austraalje | 2 | 2 |
Kanada | 2 | 2 |
Frankryk | 2 | - |
Feriene Keninkryk | 12 | 7 |
Japan | 1 | 1 |
Jordaanje | 1 | 1 |
Nederlân | 1 | 1 |
Itaalje | 1 | - |
Maleizje | 1 | - |
Mauritsius | 1 | - |
Meksiko | 1 | - |
Singapoer | 1 | - |
Tailân | 1 | - |
Omaan | - | 2 |
Spanje | - | 2 |
Eastenryk | - | 1 |
Filipinen | - | 1 |
Finlân | - | 1 |
Noarwegen | - | 1 |
Sina | - | 1 |
totaal | 166 | 2933 |
1) wêrûnder twa persoanen mei in dûbele Amerikaansk-Israelyske nasjonaliteit
2) dizze persoan hie in dûbele Britsk-Syprioatyske nasjonaliteit
3) dit oantal is inkeld it tal ferwûnen wêrfan't de nasjonaliteit te efterheljen is; it wiere tal ferwûnen lei boppe de 300
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wie al rillegau dúdlik, mei't de iennichste arrestearre dieder, Ajmal Kasab, fragen fan 'e plysje beäntwurde, dat Lashkar-e-Taiba (LeT) efter de oanslaggen siet, in islamistyske, anty-Yndiaaske organisaasje dy't fêstige is yn Pakistan. De dieders wiene rekrutearre yn Pakistan, traind en tarist yn LeT-kampen yn Karachi en Thatta, en streekrjocht oer see fan Karachi nei Bombay fearn. Under de oanslaggen stiene se fia mobile tillefoanen oanhâldend yn kontakt mei teminsten ien fan harren superieuren yn Pakistan, dy't de sitewaasje folge fia de ynternasjonale nijsmedia en har befellen en ynljochtings joech.
De berjochting fan Ajmal Kasab sette útein op 6 maaie 2009. Hy ûntkende yn 't earstoan skuld, mar bekende op 20 july. Op 3 maaie 2010 waard er troch de sjuery feroardiele foar alle 86 oanklachten dy't tsjin him ynbrocht wiene, wêrûnder de direkte moarden op 7 minsken, gearspanning mei de oare dieders om alle 166 slachtoffers fan kant te meitsjen, oarlochfiering tsjin Yndia en it fersprieden fan terreur. Hy krige de deastraf troch ophinging oplein, dy't op 21 febrewaris 2011 yn heger berop befêstige waard, en jitris op 29 augustus 2012 foar it Heechgerjochtshôf fan Yndia. Nei't de presidint fan Yndia op 5 novimber fan dat jier in graasjefersyk ôfwiisd hie, waard Kasab op 21 novimber 2012 om 07.30 oere moarns ophongen.
It regear fan Pakistan wegere earst ta te jaan dat de dieders dêrwei kamen, en de spannings tusken Yndia en Pakistan rûnen yn 'e dagen nei de oanslaggen heech op, doe't Pakistan troepen by de grins gearloek út eangst dat Yndia mei geweld reägearje soe. De diplomatike krisis rûn lykwols mei in skamper ôf, en op 7 jannewaris 2009 joech Pakistan einlings en te'n lêsten ta dat de dieders Pakistanen wiene. Under druk fan 'e Feriene Steaten en de Feriene Naasjes pakten de Pakistaanske autoriteiten neitiid 7 manlju op dy't fertocht waarden fan belutsenens by de oanslaggen; dyselde kamen yn oktober 2009 foar de rjochter. De ferfolging fan 'e ferantwurdliken yn Pakistan einige neffens de Yndiaaske autoriteiten fier ûnder it nivo fan 'e lieding fan LeT.
De plysje fan Bombay stelde in list op fan 37 persoanen, ûnder wa twa ofsieren fan it Pakistaanske Leger, dy't fertocht waarden fan mandéligens oan 'e oanslaggen. Utsein twa wiene dat allegear Pakistanen, dy't yn eigen lân ûnberikber wiene foar de Yndiaaske autoriteiten. In protte fan 'e mannen wiene boppedat inkeld bekend ûnder skûlnammen. Yn 'e Feriene Steaten waarden yn oktober 2009 twa fertochten oppakt, ûnder wa de Amerikaan fan Pakistaansk komôf David Headley (berne as Daood Sayed Gilani). Dyselde bliek ferskate kearen nei Bombay reizge te wêzen, dêr't ferbleau yn it Taj Mahal Palace Hotel en fideo- en GPS-ynformaasje sammele dy't er letter trochspile oan LeT.
Yn 'e popkultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der waarden neitiid ferskate films makke oer de oanslaggen. De bekendste dêrfan is Hotel Mumbai, in Australysk-Amerikaansk-Yndiaaske aksjeskriller út 2018, ûnder rezjy fan Anthony Maras. Oaren binne de Yndiaaske aksjeskriller The Attacks of 26/11 (2013) en Taj Mahal (2015), in Frânsk-Belgyske dramafilm. Operation Black Tornado (2018) is in dokumintêre oer de oanslaggen yn it ramt fan 'e tillefyzjesearje Battle Ops op it Discovery Channel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|