Springe nei ynhâld

Belegering

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ûntset)
It Belis fan Rancagua ûnder de Sileenske Unôfhinklikheidsoarloch
Pedro Subercaseaux (1880–1956)

In belegering of belis is de militêre blokkade fan in stêd of fêsting mei de bedoeling om dy troch oanhâldende bombardeminten, bestoarming en/of úthongering te feroverjen. It is in foarm fan útputtingsoarlochfiering, dy't lange tiid, soms ferskate jierren, yn beslach nimme kin. It wurdt karakterisearre troch ien partij dy't in sterke definsive posysje beset hâldt, en in oare partij dy't besiket elts kontakt tusken dy posysje en de bûtenwrâld ôf te snijen. It is net ûngewoan dat in belegering beëinige wurdt troch diplomasy ynstee fan troch wapengeweld, mei't beide partijen oer it algemien geandewei wat langer wat mear har nocht krije fan 'e sitewaasje. Faak einiget in belis dan mei de oerjefte fan 'e stêd of fêsting, wêrby't de belegere partij in frije ôftocht betinget troch it territoarium fan 'e fijân.

In belegering begjint oer it algemien as in leger dat fijannich gebiet oan it feroverjen is, op in stêd of fêsting stjit dy't net maklik ynnommen wurde kin en wêrfan't it garnizoen wegeret en jou him oer. Men seit dan dat de belegerders 'belis slane' foar dy stêd of fêsting. Dat wol sizze dat se harren eigen, faak provisoaryske fêstingwurken oanlizze, de saneamde sirkumfallaasje, yn in sirkel om it belegere plak hinne. Dat kin fansels allinnich in sletten sirkel wêze as it belegere plak yn it binnenlân leit. Havenstêden binne notoir dreech te belegerjen om't de belegerders dan ek oer in marine beskikke moatte dy't de tagong oer see ôfslute kin. Yn 'e Aldheid en de Midsiuwen makke de belegeringsmacht foar it belis gebrûk fan saneamde belegeringswapens, lykas in stoarmraam (om 'e poarte yn te bûkjen), in blijde of in grutte kattepûl. Sûnt de fyftjinde iuw makket men ynstee gebrûk fan artillery.

Njonken bombardeminten fan it belegere plak kinne de belegerders ek gebrûk meitsje fan oare taktiken, lykas it ûndermynjen fan 'e fêstingwurken mei eksplosiven (wat dien wurdt troch spesjale soldaten dy't sappeurs en mineurs hjitte). As men mient dat de belegere fijân hast brutsen is, kin men ek in bestoarming besykje, dat yn prinsipe in massale frontale oanfal is. As it belegere garnizoen lykwols net op it punt stiet om te brekken, kin sa'n bestoarming de belegerders in soad manskippen kostje. Fierders is histoarysk mannich in stêd en fêsting yn 'e hannen fan 'e fijân fallen troch ferrie, wêrby't in oerrinner mank it belegere garnizoen de poarten foar de fijân iepene.

In mûklist kin ek helpe; klassyk is it ferhaal fan it Hynder fan Troaje. Yn 'e Grykske Aldheid belegeren de Griken ûnder de Trojaanske Oarloch de stêd Troaje njoggen jier lang, oant se bearden dat se de striid opjoegen en nei hûs giene. Yn it ferlitten Grykske kamp fûnen de Trojanen in grut houten hynder, dat de Griken blykber efterlitten hiene. Se sleepten it as symboal fan harren oerwinning de stêd yn, mar dy nachts, wylst de Trojanen feestfierden, kamen it hantsjefol Griken foar 't ljocht dat him yn it holle binnenste fan it hynder ferskûle hie. Dy mannen kamen de Trojaanske poartelju oer it mad en iepenen de poarten fan Troaje, dat doe troch it weromkearende Grykske leger ferovere waard.

As neat helpt om it belegere plak te feroverjen, kinne de belegerders it oankomme litte op úthongering. Dat wol sizze dat men wachtet oant it belegere garnizoen troch honger twongen wurdt om him oer te jaan. Dêrfoar moat it belegere plak dan wol hermetysk fan 'e bûtenwrâld ôfsletten wurde, sadat der gjin nije itensfoarrieden oanfierd wurde kinne. En dan noch kin dizze metoade by in goed tariste fêsting jierren duorje. As it mooglik is om 'e wetterboarne fan 'e belegere fêsting ôf te snijen of te fersmoargjen, bgl. mei in rotsjend kadaver, giet it yn 'e regel in stik flugger, om't minsken better sûnder iten as sûnder drinken kinne.

Wat langer oft in belegeringsmacht op ien-en-itselde stee ho-hâldt, wat grutter de kâns dat se dêr sels troch in fijannich leger oanfallen wurde sille. Histoarysk binne wolris dûbele belegerings foarkommen, wêrby't in stêd of fêsting troch in belegeringsmacht belegere waard, wylst dy belegeringsmacht sels wer belegere waard troch bûnsgenoaten fan it belegere garnizoen. Yn sokke gefallen moatte de belegerders bûten de ring fan fêstingwurken dy't de sirkumfallaasje fan it belegere plak foarmje, ek noch in ring fan ferdigeningswurken oanlizze om harsels tsjin in fijân fan bûten te beskermjen. Sa'n twadde ring fan fêstingwurken hjit in kontrafallaasje. As de belegering fan in plak troch bûnsgenoaten fan it garnizoen trochbrutsen wurdt, sprekt men fan in ûntset.

Guon ferneamde belegerings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.