Belis fan Snits

Ut Wikipedy
Belis fan Snits
datum: 20 jannewaris oant 28 jannewaris 1517
plak: Snits
konfliktpartijen
Frysk ferset
Hartochdom Gelre
Bourgonje
Habsburgers
befelhawwers
o.a. Jonker Roelof
Grutte Pier
Floaris fan Egmont
Hessel Martena

It Belis fan Snits wie tusken 20 jannewaris en 28 jannewaris 1517. In Habsburgske-Bourgondyske kriichsmacht stie ûnder befel fan steedhâlder Floaris fan Egmont foar Snits.

Ferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fryslân waard yn 1515 ferkocht troch hartoch George fan Saksen foar 100.000 gûne oan keizer Karel fan Spanje. De nije hearsker stelde Floaris fan Egmont oan as syn steedhâlder fan Fryslân. De nije foaroanman krige lykwols by syn ynhuldiging te krijen mei in protte wjerstân fan de befolking. Om syn bewâld fêstigje te kinnen moast Floaris de wapens opnimme tsjin de stêden. Sa stie er op 23 augustus 1515 al foar de stedspoarten fan Snits doe't dy't wegere foar him harren doarren iepen te dwaan. Op dat stuit hie der mar in lytse kriichsmacht by him en moast nei in koart belis fan de stêd syn belis opjaan.

In 1517 waarden ferskate groepen kriichslju yn de doarpen om Snits groepearre, ûnder oaren yn Toppenhuzen, Drylts, Nijkleaster en it kleaster Thabor. Doe't de winter op 11 jannewaris 1517 útein sette mei en it wetter om Snits befrear beslút Floaris fan Egmont op 20 jannewaris Snits fan 4 kanten te belegerjen. It befriezen fan de grêften seach er as in foardiel en tocht de stêd maklik yn hannen krijen te kinnen.[1] Nei wat koarte oanfallen fan side fan de Spanjerts, diene de Snitsers in útbraak, hja giene nei it tichteby lizzende Sint-Jansbergkleaster fan de Johanniters en Hospitaler Orde en stutsen it yn de fik, dêrmei wiene de Habsburgers harren beskutting tsjin it slimme waar kwytrekke. Yn Snits wie men tige ferdield, in grutte kloft ballingen, wêrûnder Grutte Pier en de Arumer Swarte Heap woene net fan opjaan witte, lykwols wiene der ek in kloft burgers mei Jonker Roelof as wurdfierder dy't harren oerjaan woene. De fijannichheden gongen troch, mei laders waard besocht de stêd yn te kommen en fan Ljouwert út waard swierdere wurktugen ophelle. Mar doe't op 28 jannewaris it begûn te taaien, kaam ynienen in ein oan it belis.

In foarfal dat mooglik bydroegen hat ta it belis fan Snits wie de ûntfiering fan trije froulju yn 1516 troch de Swarte Heap op de Sudersee. Dy trije froulju wiene de frou en twa dochters fan Fryske haadling Hessel Martena. Martena wie in folgeling fan Karel fan Spanje. Mooglik hat hy oantwongen wat te dwaan tsjin Snits. Hy wie ek by it belis oanwêzich as adviseur fan Floaris fan Egmont.[2][3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bernardus Schotanus, Chronyke van Vriesland, fol 588.
  2. J.W. de Crane, foarfallen út it ûnthâld fan it Martena-hûs te Frjentsjer yn 'De Vrije Fries', D, I, side 93
  3. Occo Scarlensis, Chronyke en waarachtige beschryvinge van Friesland, Fol 112 verso, ,side 421