Kûgel

Ut Wikipedy
Ferskate soarten kûgels. F.l.n.rj.: 9 mm Luger; 7,62 mm Tokarev; .357 SIG; 10 mm Auto; .40 S&W; .45 GAP; en .50 Action Express.

In kûgel is in projektyl dat ôffjurre wurde kin út in fjoerwapen, kattepûl of slinger. Fan oarsprong gie it om rûne stientsjes of spesjaal oanmakke baltsjes fan metaal dy't men fuortskeat mei in kattepûl of slinger sûnder dat der buskrûd oan te pas kaam. Tsjintwurdich wurdt mei de term 'kûgel' ornaris ferwiisd nei munysje foar fjoerwapens, besteande út in sylinderfoarm mei in ôfrûne kop. Sokke kûgels binne suver altyd makke fan lead (of eins meastal fan hurdlead, in legearing fan lead en antymoan). Se meitsje ûnderdiel út fan in patroan, folle mei krûd, dat ôfsketten wurde kin út in pistoal, revolver of gewear. Yn 'e folksmûle wurdt selden ûnderskie makke tusken de begripen 'kûgel' en 'patroan', en wurde patroanen mei de stylfiguer fan pars pro toto yn 'e regel ek oantsjutten as kûgels.

Tsjintwurdich binne kûgels gauris foarsjoen fan in mantel fan koper of gielkoper. Soks makket it projektyl steviger, sadat it better bestân is tsjin 'e grutte krêften dy't mank geane mei it ôffjurjen derfan. Teffens soarget de mantel foar in goede gelieding yn 'e trekken en fjilden fan 'e loop. De mjitte fan in kûgel en byhearrend patroan wurdt útdrukt yn 'e grutheid kaliber, dy't skreaun wurdt as in punt foarôfgeande oan it sifer dat de kalibermjitte oanjout. Dus "Colt .45" wurdt útsprutsen as "Colt kaliber 45".

In patroan bestiet út fiif dielen: de eigentlike kûgel, dêrûnder it krûd en dêr wer ûnder de boaiem; troch de boaiem hinne rint it slachhuodsje; en de húl, ta einbeslút, sit yn in sylinderfoarm oan 'e sydkant om it hiele spul hinne en hâldt it byinoar. As men de trekker fan in fjoerwapen oerhellet, slacht de slachpinne fan it wapen tsjin it slachhuodsje fan it patroan oan. Dêrtroch ûntstiet der in skok, dy't yn it patroan de primer (in minime lading fan in stof dy't eksplodearret by slimme trillings, lykas slachjiske, leadazide of kwikfulminaat) ûntploffe lit. Dat lit de krûdlading fan it patroan ûntbrâne, mei as gefolch dat him in tige grutte druk opboud dy't de kûgel mei ûnbidige faasje út 'e húl parset. De kûgel fljocht dan út de loop fan it fjoerwapen, rjocht op syn doel ôf.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.