Fideo

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Fideo (fan it Latynske video, "ik sjoch") is in elektroanysk medium foar filmkeunst, brûkt foar it opslaan, ferstjoeren en ôfspyljen fan filmbylden, benammen op 'e kompjûter, smartphone en tillefyzje. It is de elektroanyske tsjinfuotter fan de trochsichtige filmbân. Fideo brûkt in elektroanysk sinjaal, dat digitalisearre wurde kin. Dêrmei kin fideo digitaal opslein of trochjûn wurde. Fral digitale fideo kin goed kombinearre wurde mei oare mûglikheden, lykas lûd, ûndertitels, byfoegde ynformaasje, alternative ferzjes fan de filmopnamme, ensafuorthinne. Fideo kin sa ek makkelijk tafoegd wurde oan boek-media.

Om't by de filmkeunst de termen fan it oarspronklike medium ôflaat binne, hjit in opnamme bygelyks in "filmopnamme" of in "filmke", ek at it medium fideo is.