Lokaasje

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

In lokaasje (fan it Frânske location, mei deselde betsjutting) is in posysje of punt earne op it oerflak fan 'e Ierde of op in oar plak yn it hielal. In setting is in lokaasje dy't as eftergrûn brûkt wurdt foar in wurk fan fiksje, lykas in roman, film of fideospultsje. De term 'lokaasje' ymplisearret sadwaande oer it algemien in gruttere wissichheid oer wêr't dat plak is, as it wat dizenige wurd 'plak' sels. In absolute lokaasje kin faak definiëarre wurde mei behelp fan kartesyske koördinaten, lykas it gebrûk meitsjen fan spesifike breedtegraden en lingtegraden. Op 'e Ierde kinne geografyske koördinaten brûkt wurde om 'e posysje fan in lokaasje te spesifisearjen. Behalven absolút en fêststeand kin in lokaasje ek relatyf wêze; dêrby giet it om in posysje fan eat of immen foar eat of immen oars oer, lykas de oanwizing "it is tsien kilometer bewesten Ljouwert", wêrby't de lokaasje fan "it" definiëarre wurdt oan 'e hân fan 'e (bekendere) lokaasje fan Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.