Gambia

Ut Wikipedy
Republic of The Gambia
Flagge fan Gambia Wapen fan Gambia
Flagge Wapen
Lokaasje fan Gambia
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Banjul
Steatsfoarm Republyk
Ynwenners
Munt dalas (GMD)
Tiidsône UTC +0
Nasjonale feestdei 18 febrewaris
Lânkoade GMB
Ynternet .gm
Tillefoan 220

Gambia, sûnt 1970 offisjeel de Republyk fan de Gambia, is in lân oan de westkust fan Afrika. De haadstêd is Banjul.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gambia wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei 11,300 km² is Gambia de lytste steat fan Afrika. It leit oan de mûning fan de rivier de Gambia, dêr't de rivier de Oseaan yn streamt.

Kaart fan Gambia

It lân foarmet in enklave en wurdt folslein omheind troch Senegal. Nearne is lân breder as 50 km. Fan de mûning fan de Gambia ôf ta fier yn it binnenlân lizze mangrovebosken.

It klimaat is tropysk. Tidens de perioade juny oant novimber hearsket der yn Gambia in tige waarm klimaat en falt der in soad rein. Tusken novimber en maaie lizze de temperatueren leger en is it meastentiids drûch.

Fan toeristysk belang jilde de strannen fan Gambia dy't sjoen wurde as de moaiste fan hiel Afrika.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it grûngebiet fan it tsjintwurdige Gambia leinen yn de 8e iuw al inkele keninkriken, dy't yn de 12e iuw opgean soenen yn it grutte keninkryk Maly.

Yn 15e iuw waard Gambia troch de Portegezen ûntdekt. De Ingelsken besetten it gebiet yn 1765 en stiften der in koloanje dy't yn 1965 in ûnôfhinklik lid waard fan de Britske Mienebest. Gambia waard yn 1970 in republyk. Troch in militêre kûp waard yn 1994 de nei Ingelsk model opsette grûnwet oan de kant skood. Yn 1997 waarden der wer ferkiezings foar in nij parlemint hâlden.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gambiaske frou en bern

Yn Gambia wenje in grut ferskaat oan etnyske kloften dêr't amper sprake by is fan skelen, eltse kloft hat syn eigen taal en tradysjes. De Mandinka stam is it grutst, folge troch de Fula, Wolof, Jola, and Serahule.

Mear as 90% fan de befolking is oanhinger fan de islam. It oerbleauwende part is benammen Kristlik.