Steve Jobs

Ut Wikipedy
Steve Jobs

Steven Paul "Steve" Jobs (San Fransisko, 24 febrewaris 1955Palo Alto, 5 oktober 2011) wie mei-oprjochter en topman fan Apple Inc. (earder Apple Computers) en hearde ta de Ried fan Bestjoer fan Pixar Animation Studios (Hy wie earder CEO fan Pixar oant The Walt Disney Company dizze studio yn 2006 oernaam). Hoewol't hy in symboalysk salaris fan $1 it jier fertsjinnet, is hy mei oandieleynkomsten fan $646,6 miljoen (2006) de bêstbetelle direkteur yn de Feriene Steaten.

Jobs wurdt beskôge as pionier fan de kompjûteryndustry. Neidat hy by Xerox op it Palo Alto Research Center (PARC) in demonstraasje seach fan de grafyske brûkersomjouwing mei finsters en mûs, naam hy dizze ynterface op yn de Apple Lisa, dy't tige djoer wie en min ferkocht en al gau opfolge waard troch de Macintosh. Hy wie fierder ek de driuwende krêft efter de ûntwikkeling fan Mac OS X.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]