John McCain
John McCain (Coco Solo, Panamakanaalsône, 29 augustus 1936 - Cornville, Arizona, 25 augustus 2018) wie in Amerikaansk politikus. Hy wie lid fan de Republikeinske Partij en senator foar de steat Arizona.
Iere libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]McCain komt út in famylje mei militêre eftergrûn. Sawol syn pake as heit wienen admiraal by de Amerikaanske marine. McCain studearre ôf oan de United States Naval Academy yn 1958 mei in BS.
McCain wie militêr piloat en waard yn 1967 delsketten boppe Fietnam. Hy rekke dêrby slim ferwûne en waard finzen nommen troch de Fietkong. De Fietkong hold him fiif jier kriichsfinzen. Doe't oan it ljocht kaam dat hy de soan fan Admiraal McCain wie, woe de Fietkong him frijlitte. De drystmoedige McCain wegere, of it moast sa wêze dat der ek oare kriichsfinzenen frijlitte wurde soene. Yn dy fiif jier finzenskip waard er troch de Fietkong slim tamtearre en waard frijlitten yn 1973.[1]
McCain waard yn 1982 keazen yn it Hûs fan Offurdigen en kaam yn 1986 yn de Amerikaanske Senaat.[2]
Ferkiezings 2008
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]John McCain wie de Republikeinske kandidaat foar de Amerikaanske presidintsferkiezings 2008.
Ferwizing nei boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- John McCain 2008 Ingelsk
- Amerikaansk ofsier
- Amerikaansk militêr yn de Fjetnamoarloch
- Amerikaansk kriichsfinzene
- Amerikaansk federaal politikus
- Lid fan de Amerikaanske Senaat
- Amerikaansk presidintskandidaat yn de foarferkiezings fan de Republikeinske Partij
- Amerikaansk presidintskandidaat (nominearre troch de Republikeinske Partij)
- Amerikaansk autobiograaf
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ulstersk komôf
- Persoan berne yn 1936
- Persoan stoarn yn 2018