Dodoma

Ut Wikipedy
Dodoma
Anglikaanske katedraal
Anglikaanske katedraal
Polityk
Lân Tanzania
Regio Dodoma
Distrikt Stedsdistrikt Dodma
Boargemaster Francis Mazanda
Sifers
Ynwennertal 410.956 (2012)
Oerflak 130 km²
Befolkingsticht. 70,1/ km²(2005)
Hichte 1125 m
Oar
Stifting 1907
Tiidsône UTC+3
Dodoma leit sintraal yn Tanzania

Dodoma is sûnt 1973 de offisjele haadstêd fan Tanzania. De stêd leit sintraal yn it lân, bewesten fan de eardere haadstêd Dar es Salaam, en hat 180.551 ynwenners (1 jannewaris 2005).

Dodoma is ek haadstêd fan de regio Dodoma. It is in agrarysk hannelssintrum (û.o. wyn) en spoarknooppunt, dat ek oer de dyk en oer rivieren te berikken is. Mids de stêd leit in fleanfjild. In plan foar in yntersnasjonaal fleanfjild stiet op priemmen.

Dodoma is yn 1907 ûnder Dútske koloniale hearskippij stifte. Yn de jierren 70 ûntstiene der plannen om de haadstêd nei Dodoma te ferpleatsen. It parlemint ferhuze febrewaris 1996 nei de nije haadstêd, mar in protte oerheidstsjinsten binne noch yn Dar es Salaam festige.

Distrikt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd Dodoma is part fan it stedsdistrikt Dodoma. It distrikt hat 324.347 ynwenners en in oerflak fan 2576 km². It distrikt is ûnderferdield yn 4 difyzjes en 42 plakken (registrearre doarpen).

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dodoma is de sit fan in Anglikaanske-, evangelysk-luterske- en Roomsk-katolike biskop. It tal katoliken wurdt op sa'n 20% fan de befolking rûsd.

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dodoma hat twa universiteiten: de St. Johns University of Tanzania fan de Anglikaanske Tsjerke fan Tanzania en de Universiteit fan Dodoma mei sa'n 12.000 studinten. Fierders binne der noch ferskate steatsskoallen en katolike partikuliere skoallen.