Dar es Salaam
Dar es Salaam> دار السلام | ||
Polityk | ||
Lân | Tanzania | |
Regio | Dar es Salaam | |
Distrikt | Ilala, Kinondoni en Temeke | |
Boargemaster | Didas Massaburi | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.364.541 (2012) | |
Oerflak | 1.590,5 km² (regio) | |
Befolkingsticht. | 15.161 / km²(2005) | |
Hichte | 0 m | |
Oar | ||
Stifting | 1865/1866 | |
Tiidsône | UTC+3 |
Dar es Salaam (دار السلام, 'Hûs fan de Frede'), earder Mzizima, leit yn it easten fan Afrika oan de Yndyske Oseaan. It is de grutste stêd fan Tanzania. Dar es Salaam wie eartiids de haadstêd en is noch hieltiten it ekonomysk sintrum fan Tanzania. Ek is it de wichtichste havenstêd fan it lân. Fan de stêd wurde in ferskaat oan produkten kofje, katoen, sisal, en hûden eksportearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1859 kaam de earste Jeropeaan, Albert Roscher út Hamburch yn Mzizima ("de sûne stêd") oan. Yn 1865 of 1866 joech sultan Seyyid Majid fan Sansibar opdracht ta de bou fan in nije havenstêd deunby Mzizima, dy't de Arabyske namme Bandar as-Salâm krige, dy't Haven fan frede betsjut. Nei de dea fan Majid yn 1870 rekke de stêd yn ferfal, mar doe't de Dútske East-Afrika Maatskippij hjir in stasjon festige libbe de stêd wêr op. Dar es Salaam waard it bestjoerlik sintrum en de wichtichste hannelsplak fan Dútsk East-Afrika, en de yndustry wreide him sterk út as gefolch fan de oanlis fan de Sintrale Spoar oan it begjin fan de 20ste iuw.
Dútsk East-Afrika waard under de Earste Wrâldkriich oerweldige troch de Britten en waard tenei Tanganyika neamd. Dar es Salaam bleau it bestjoerlik- en hannelssintrum. Under it Britske yndirekte gesach ûntwikkelen harren op ienige ôfstân fan it stedssintrum âparte Europeeske gebieten (bygelyks Oyster Bay) en Afrikaanske gebieten (bygelyks Kariakoo en Ilala). Dêrneist is der ek noch in grutte groep ynwenners dy't in Súd-Aziaatyske komôf hawwe.
Nei de Twadde Wrâldkriich waakse Dar es Salaam hurd yn omfang. Politike ûntwikkelings, wêrûnder de oprjochting en groei fan de Tanganyika African National Union (TANU), late ta ûnôfhinklikens foar Tanganyika yn desimber 1961. Dar es Salaam bleau de haadstêd, ek doe yn 1964 Tanganyika en Sansibar byinoar gienen en Tanzania foarmen. Yn 1973 waard Dodoma, in mear sintraal lizzende stêd yn it binnenlân fan Tanzania, oanwêzen as nije haadstêd. Yn 1996 ferhuze de Nasjonale Gearkomste nei Dodoma. De ferhuzing is hieltiten noch net klear, in protte regearingsynstânsjes binne noch yn Dar es Salaam, en Dar es Salaam bliuwt Tanzania's belangrykste stêd.
Yn augustus 1998 die Osama Bin Ladens terroristyske organisaasje Al Kaida in bomoanslach op de Amerikaanske ambassade yn Dar es Salaam.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dar es Salaam is de grutste stêd fan Tanzania. Fan 2002 oant 2012 waakste de befolking mei 5,6 % it jier. Dat makket de stêd ien fan de trije fluchst waaksende stêden fan Afrika, mei Bamako aen Lagos. Der wurdt ferwachte dat de befolking fan de stêdekloft tsjin 2020 5,12 miljoen wêze sil.[1]
Jier | Ynwennertal |
---|---|
1925: | 30.000 |
1948: | 69.000 |
1957: | 129.000 |
1972: | 396.000 |
2005: | 2.456.100 |
2012: | 4.364.541 |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Daressalam fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |