Springe nei ynhâld

Ambassade

Ut Wikipedy
De Nederlânske ambassade yn Dútslân (Berlyn).

In ambassade (fan it Frânske ambassade; sjoch foar fierdere etymology: ambassadeur) is in diplomatike fertsjintwurdiging fan ien lân yn in oar lân, dy't laat wurdt troch in ambassadeur. Mei de oantsjutting 'ambassade' kin it eigentlike gesantskip (besteande út diplomatyk personeel) bedoeld wêze, mar der wurdt ek wol inkeld it gebou mei bedoeld dêr't dat gesantskip yn húsfêste is. Meastal wurdt lykwols sawol it gesantskip as it gebou bedoeld. Ambassades befine har yn 'e regel yn 'e stêd dêr't it regear fan it gastlân syn sit hat. Dat hoecht net altyd ek de haadstêd te wêzen; yn Nederlân, bygelyks, binne de measte bûtenlânske ambassades yn De Haach fêstige. Yn grutte gastlannen hat it thúslân soms njonken in ambassade ek noch ien of mear konsulaten, dat legere diplomatike fertsjintwurdigings binne. As lannen in problematyske relaasje hawwe en dêrom gjin ambassadeurs útwikselje, kin it foarkomme dat in konsulaat de heechste diplomatike fertsjintwurdiging is. Ambassades falle bestjoerlik ûnder it Ministearje fan Bûtenlânske Saken fan it thúslân.

Doelen en omstannichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doel fan in ambassade is om kommunikaasje en ûnderhannelings tusken de beide belutsen lannen mooglik te meitsjen, en om kulturele útwikseling te fersoargjen. Ek fungearje ambassades as it oansprekpunt foar steatsboargers fan it thúslân dy't yn it gastlân ferbliuwe, bgl. foar fakânsje, stúdzje of saken. Under kêst 22 fan it Ferdrach fan Wenen oangeande Diplomatyk Ferkear, út 1961, genietsje sawol it terrein dêr't de ambassade op fêstige is as de residinsje fan 'e ambassadeur diplomatike ymmuniteit. Yn 'e praktyk betsjut soks dat de autoriteiten fan it gastlân it ambassadeterrein en de ambassadeursresidinsje pas betrêdzje meie as se dêr tastimming foar hawwe fan 'e autoriteiten fan it thúslân (yn 'e measte gefallen yn 'e persoan fan 'e ambassadeur). Dêrfan wurdt gauris gebrûk makke troch lju dy't it gastlân ûntflechtsje wolle; hja kringe dan de ambassade fan in oar lân binnen en freegje dêr polityk asyl oan.

De Nederlânske ambassade yn Estlân (Tallinn).

It is in misferstân dat ambassades lytse stikjes grûngebiet binne dy't it gastlân tydlik ôfstien hat oan it oangeande thúslân. Ambassades genietsje dan wol diplomatike ûnskeinberheid, mar se hearre noch hieltyd ta it grûngebiet fan it gastlân. Wa't bgl. in moard begean soe yn 'e Nederlânske ambassade yn Parys, soe pas troch de Frânske plysje arrestearre wurde kinne as de Nederlânske ambassadeur dêr tastimming foar joech, mar hy soe noch altyd ûnder it Frânske rjocht terjochtstean moatte, om't er syn misdriuw op Frânsk grûngebiet begien hawwe soe.

Foar de Earste Wrâldoarloch hiene inkeld grutmachten ambassades, wylst alle oare lannen gesantskippen ûnderholden, dy't ek wol legaasjes neamd waarden. Gesantskippen waarden laat troch gesanten, dy't yn it protokol leger yn achting stiene as ambassadeurs. Grutmachten wegeren om ambassadeurs fan lytsere lannen te ûntfangen, om't dat ynhâlde soe dat se dan ek in ambassadeur weromstjoere moatte soene, en ambassadeurs genoaten doedestiden in hiel heech ynkommen en fierden in grutte steat. It wie dus folle foardieliger om in gesant te stjoeren.

Geandewei de earste helte fan 'e tweintichste iuw ferdizene it ûnderskie tusken ambassades en gesantskippen en tusken ambassadeurs en gesanten. Doe't guon lannen har gesantskippen begûnen op te wurdearjen ta ambassades, moasten alle oaren dêr wol yn meigean om protokollêr net yn it neidiel te reitsjen. Nederlân ferhefte yn 1942 syn gesantskippen yn Grut-Brittanje en de Feriene Steaten ta ambassades, en nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch dy yn alle oare lannen ek.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en referenties, op dizze side.