Gazastripe

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gaza-stripe)
Kaart fan de Gazastreek.
Gaza-Stêd.
Strân fan de Gazastreek.

De Gazastripe is in kustgebiet oan de eastlike Middellânske See en leit tusken Israel en Egypte. It sintrum fan de Gazastripe is de stêd Gaza. Der wenje likernôch 1,8 miljoen minsken yn it gebiet. Bestjoerlik is de Gazastripe formeel ûnderdiel fan de Autonome Palestynske Gebieten.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De boaiem yn de Gazastripe bestiet benammen út sângrûn en dunen. Sa’n 14 persint fan de hiele Gazastripe kin foar de lânbou brûkt wurde. De lingte fan noard nei súd is 40 kilometer, de breedte ferskilt fan 6 oant 14 kilometer. De oerflak fan it hiele gebiet beslacht 360 km², sawat likegrut as dat fan de gemeente De Fryske Marren en jústsjes grutter as de ûnôfhinklike steat Malta. It heechste punt fan de Gazastripe is de berch Abu Auda mei in hichte fan 105 meter. Jierliks falt der tusken de 150 en 450 millimeter rein; fierders hat it gebiet aardich wat grûnwetter ta foldwaan. Foar it kustgebiet lizze in stikmannich ierdgasfjilden. Yn it suden grinzet de lânstripe oan de Egyptyske Sinaï, yn it noarden en easten oan Israel. De Middellânske See yn it westen stiet ûnder Israelyske kontrôle. De lângrins mei Israel wurdt foarme troch in barriêre fan elektryske stekken en stikeltrie. De gruttere stêden binne Gaza-Stêd, Rafah, Abasãn, Khan Younis en Dayr al Balah.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grinzen fan de Gazastripe binne fêststeld nei in wapenstilstân tusken Egypte en Israel nei de Arabysk-Israelyske oarloch fan 1948, wêrnei’t de Britten harren troepen weromloeken út it gebiet. De lânstripe waard earst troch Egypte beset, mar letter oernommen troch Israel nei’t se Israelyske oerwinning yn de Seisdagekriich yn 1967. It gebiet waard net ynnommen troch Israel, mar mei de beskerming fan it Israelyske leger mochten Israelyske kolonisten wol delsettingen bouwe yn it gebiet. Mei de Oslo-akkoarden yn 1993 tusken Israel en Palestina kaam in grut diel fan de lânstripe ûnder Palestynske bestjoer. Yn de Oslo-akkoarden stie ûnder oaren dat it Israelyske leger him weromlûke soe út de Gazastripe. Yn febrewaris 2005 joech de Knesset goedkar oan in plan om it leger werom te heljen út Gaza en Joadske delsettingen te sluten. Op 12 septimber 2005 makke it Israelyske regear wrâldkundich dat der nei 38 jier in ein kommen wie oan de besetting fan de Gazastreek.

Noch hieltyd wurdt de Gazastripe troch de Feriene Naasjes sjoen as in gebiet dat troch Israel beset is, want de Palestynske gebieten foarmje gjin soevereine steat. Yn 2007 kaam Hamas, nei in ynterne oarloch mei Fatah, yn de Gazastripe oan ‘e macht en naam fuort ek de militêre kontrôle oer it gebiet oer. Troch de machtsoername fan Hamas boaze it konfilkt mei Israel oan. Hamas fjurre raketten ôf op Israelyske wengebieten, sadat it Israelyske leger yn desimber 2008 de wapens opkrige. Mei loftoanfallen en in grûnoffensyf besocht it Israelyske leger de raketoanfallen fan Hamas te stopjen. Nei 22 dagen hie Israel syn militêre doelen helle en luts syn leger werom. Nei it militêre yngripen wienen it tal raketoanfallen minder wurden, lykwols hie de befolking yn Gaza in soad te lijen fan it Israelyske offensyf. Yn 2009 waard bekend dat Egypte begûn wie mei de bou fan in muorre tusken Egypte en de Gazastripe, dy’t 20-30 meter ta de grûn yn moast. Egypte woe mei de muorre it smokkeljen troch tunnels ûnmooglik meitsje. Tunnels dy’t troch Egypte ûntdutsen waarden, waarden ferneatige of opfolle mei gas, sadat ferskate Palestinen kamen te ferstjerren.