Springe nei ynhâld

Taipei 101

Ut Wikipedy
Taipei 101
Hichte fan Taipei 101 fergelike mei de Burj Dûbai, Willis Toer, de Petronas Tuorren, en it Empire State Building.

De Taipei 101 is in wolkekliuwer yn de Taiwaneeske haadstêd Taipei. Mei antenne is it gebou 508 meter heech, sûnder antenne 449 meter. Mei de bou fan de toer waard útein set yn 1998 en it wie klear yn 2004. Oant en mei 21 july 2007 wie it de heechste wolkekliuwer fan de wrâld. Op it stuit is de Burj Dûbai yn Dûbai offisjeel it heechste gebou.

Plannen en konstruksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik wie it de bedoeling om it gebou mar 66 ferdjippings heech wurde te litten. Earst neidat mei de bou útein set wie op 13 jannewaris waard besletten om it gebou te ferheegjen oant 101 ferdjippings. Hjirtroch rûn de bou fertraging op. Net folle letter trof in ierdskodding Taipei en omkriten mei in kreft fan 6.8 op de skaal fan Richter. Twa kranen foelen del mei fan gefolgen fiif deaden en sân moannen ophâld. De top waard op 1 july 2003 berikt.

Strukturele feiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taiwan leit op de grins fan twa tektonyske platen, dêrtroch komme ierdskoddingen regelmjittich foar. Hjir moast men rekkening mei hâlde en dêrom is der keazen foar tuned mass damper, in grut bolfoarmich gewicht (goed 800 ton) yn de top fan it gebou dat tsjin de triid yn beweget by trillings. It gewicht fan de bol nimt in diel fan de bewegingsenerzjy op at it gebou trillet, bygelyks fan stoarmen of ierdskoddingen.

It ûntwerp fan it gebou is beynfloede troch de lear fan Feng Shui. De foarm fan it gebou hat wol wat fan in pagode wei.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
>