Pandemy

Ut Wikipedy

In pandemy is in epidemy op wrâldwide skeal. It wurd komt út it Gryksk: παν betsjut alle, δεμος betsjut minsken/folk.

Feroarsakers fan pandemy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) kin in pandemy ûntstean at oan trije easken foldien is:

  • It opkommen fan in sykte dy't nij is foar de populaasje;
  • De sykte ynfektearret minsken en feroarsaket slimme klachten;
  • De sykte ferspriedet him maklik ûnder minsken.

In sykte dy't wiid ferspraat is, of in soad minsken deadet is net daliks in pandemy; de sykte moat ek ynfektearjend wêze. Sa is kanker bygelyks wol in sykte dy't in soad deaden feroarsaket, mar it wurdt net as in pandemy sjoen omdat it net oerdroegen wurde kin.

De seis pandemyske fazes, neffens de WHO[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De WHO rûkt seis ferskillende 'pandemyske fazes' om de fersprieding fan syktes te klassifisearjen.

In oersjoch fan de trije fazes:

Pandemy-alarmfazes fan de WHO[1]
Faze Beskriuwing
1
Der sirkulearje gjin dierlike grypfirussen dêr't fan bekend is dat se ynfeksjes feroarsaakje by minsken.
2
Fan in dierlik grypfirus is bekend dat dy in ynfeksje feroarsake hat by in minsk. It firus wurdt dêrom beskôge as in mooglike feroarsaker fan in pandemy.
3
In dierlik of minsklik-dierlik grypfirus hat inkele gefallen of lytse klusters fan besmetting feroarsake by minsken. Der is gjin sprake fan grutskealige oerdracht fan it firus fan minsk op minsk.
4
Fan it dierlike of minsklik-dierlike grypfirus is befêstige dat der sprake is fan oerdracht fan minsk op minsk. Soks betsjut dat de kâns op in útbraak tige oanwêzich is. Faze 4 betsjut in dúdlike ferheging fan it risiko op in pandemy, mar in pandemy is noch te foarkommen.
5
Itselde grypfirus hat útbraken feroarsake yn twa of mear lannen yn deselde WHO-regio[2] Dizze faze jout oan dat in pandemy te ferwachtsjen is.
6
Neist de kriteria fan faze 5 hat it grypfirus in útbraak feroarsake yn teminsten ien oar lân yn ien oare WHO-regio.[2][3]
Post-pykperioade It oantal syktegefallen sakket yn de measte lannen. Omdat pandemyen faak yn weagen optrede is it net ûnmooglik dat it oantal syktegefallen dêrnei wer oprint.
Post-pandemyske perioade De aktiviteit fan de firussen is werom op it normale nivo.

Pandemyen yn de skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Antoninyske pest (165–180), wie grif in pokkenpandemy, dy't him yn it gebiet fan it Romeinske Ryk útwreide, en om-ende-by fiif miljoen deaden feroarsake.
  • Pest fan Cyprianus, dy't nei 250 n.Kr. it Romeinske ryk teistere.
  • Pest fan Justinianus, bruts yn 541 út yn Egypte. De gefolgen wienen oant yn de 8e iuw te fernimmen. De pest fersprate him om it Middellânske Seegebiet, it Midden-Easten en dielen fan West-Europa. De pest fan Justinianus hie miljoenen deaden as gefolch.
  • Swarte Dea (pest) (1347-1352), dy't him útwreide oer heul Europa en nei skatting 25 miljoen deaden feroarsake (in tredde fan de destiidske Europeeske befolking).
  • Pest (1896 oant om 1945), dy't wrâldwiid útwreide mei sa'n 12 miljoen deaden.
  • Spaanske gryp (1918-1920), fersprate him wrâldwiid, feroarsake 500 miljoen siken en 20 oant 50 miljoen deaden.
  • Aziatyske gryp (1957) mei in miljoen deaden.
  • Hongkonggriep (1968) mei 700.000 deaden.
  • Aids (sûnt 1980) is wrâldwiid ferspraat, mear as 25 miljoen deaden en 40 miljoen hiv-ynfektearden.
  • Meksikaanske gryp (sûnt 11/06/2009) mei grif 13.763 deaden.
  • Koroanafirus (sûnt desimber 2019)

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Epidemic and Pandemic Alert and Response (EPR), WHO; sjoen 30 april 2009
  2. 2,0 2,1 De WHO ûnderskiedet in seistal regio's: de Afrikaanske regio, de regio fan it eastlike Middellânske Seegebiet, de regio fan de Amerika's, de Europeeske regio, de regio fan Súdeast-Aazje en de West-Pasifyske regio.
  3. De meksikaanske gryp hat faze 6. Sjoch it artikel oer dy gryp foar mear ynformaasje.