Kroanprins

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In kroanprins, of as it om in frou giet, in kroanprinsesse, is yn in erflike monargy de gebrûklike oantsjutting foar de rjochtmjittige troanopfolger: it is dyjinge dy't fanwegen syn of har berte as earste yn oanmerking komt om 'e regearjende monarch op te folgjen. Yn 'e regel giet it dêrby tsjintwurdich om it âldste bern fan 'e regearjende monarch. Foarhinne gie de foarkar út nei manlike opfolgers, en wiene froulju net yn tel. Yn in protte monargyen wiene froulju hielendal fan 'e erfopfolging útsletten, en yn alle oaren koene se inkeld op 'e troan komme as der wier gjin manlike opfolger foarhâns wie. Hjoed oan 'e dei binne yn 'e measte lannen sokke efterhelle wetten feroare, sadat no gewoan it âldste bern fan 'e sittende monarch de kroanprins(esse) wurdt, oft dat no in man of in frou is. As de kroanprins(esse) foartidich komt te ferstjerren wurdt syn/har âldste bern (as dat der is) de rjochtmjittige opfolger.

De term kroanprins is benammen yn gebrûk yn keninkriken en guon keizerriken (lykas it eardere Dútslân en Japan). Yn legere foarstedommen wurdt de troanopfolger oars oantsjut; bgl. yn in gruthartochdom (lykas Lúksemboarch) as erfgruthartoch en yn in prinsdom (lykas Monako) as erfprins. Ek yn eardere hartochdommen, greefskippen en boarchgreefskippen spriek men fan erfhartoch, erfgreve en erfboarchgreve. Yn in keninkryk dat in kroanprins hat, wurdt mei de term 'erfprins(esse)' it âldste bern fan 'e kroanprins oantsjut. As in sittende monarch (noch) gjin neikommelingen hat, dan komt syn jongere broer of suster of in omkesizzer yn oanmerking foar de opfolging. Sokken wurde meastal gjin kroanprins neamd, mar 'fermoedlike troanopfolger'. Mei 'kroanprinsesse' kin yn prinsipe ek de oarehelte fan 'e kroanprins oantsjut wurde, mar dat bart net faak.

Yn in soad lannen hat de kroanprins in spesifike oantsjutting of titel. Sa waard yn it Ruslân út 'e tiid fan 'e tsaren de kroanprins de tsarevitsj neamd (letterlik: "tsaresoan"), en yn it eardere Frânske keninkryk de Dauphin, in oantsjutting dy't ûntliend wie oan 'e titel 'greve fan 'e Daufinee'. Yn Ingelân draacht de kroanprins de titels prins fan Wales en hartoch fan Cornwall; yn Skotlân hartoch fan Rothesay; yn Belgje hartoch fan Brabân; yn Nederlân prins fan Oranje; en yn Spanje prins fan Astuerje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources and references, op dizze side.