Massaferneatigingswapen
In massaferneatigingswapen, ek wol in net-konvinsjoneel wapen neamd, is in wapen dat bedoeld is om yn ien kear in grutte kloft minsken te deadzjen.
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Massaferneatigingswapens wurde ornaris ferdield oer trije kategoryen:
- nukleêre wapens, lykas de atoombom en de wetterstofbom
- biologyske wapens: firussen, baktearjes en skimmels dy't as wapen ynset wurde, lykas de miltfjoerbaktearje of it pokkefirus
- gemyske wapens, lykas senuwgassen en mostergas
Binnen de Nederlânske Striidkrêften steane massaferneatigingswapens ek wol bekend as NBC-wapens (in ôfkoarting fan "Nucleaire, Biologische en Chemische wapens". De term ABC-wapens, wêrby't de A foar "Atomaire" stiet, is in soartgelikense mar ferâldere oantsjutting.
Driichmiddel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de ferskriklike konsekwinsjes dy't de ynset fan massaferneatigingswapens hawwe, wurde sokke wapens mar komselden brûkt. Yn 'e praktyk hawwe se ornaris gruttere funksjonaliteit as driichmiddel as dat se as ynsetber wapen hawwe. Yn 'e Kâlde Oarloch brûkten bgl. de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny harren atoomwapenarsenalen om in wif lykwicht te bewarjen en derfoar te soargjen dat net ien fan beide kanten it oandoarst om 'e tsjinpartij direkt oan te fallen. Mutual deterrence ("wjerssidige ôfskrikking") waard dat yn it Amerikaanske politike en militêre jargon neamd. Sa waard úteinlik in kearnoarloch, dy't de hiele wrâld ferwoastge hawwe soe, foarkomd.
Yntroduksje fan 'e term 'massaferneatigingswapen'
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As term is 'massaferneatigingswapen' pas yn algemien gebrûk kommen nei de oanslaggen fan 11 septimber 2001 yn New York en Washington, D.C. De Feriene Steaten ûnderstelden doe dat de Iraakske diktator Saddam Hoessein oer in arsenaal fan sokke wapens beskikte, wat de rjochtfeardiging foar de Amerikaanske ynfal yn Irak yn 2003 wie. Nettsjinsteande in lange en yngeande syktocht waarden der yn it lân lykwols gjin massaferneatigingswapens oantroffen.
Foarkommen fan it gebrûk fan massaferneatigingswapens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 'e kâns op it ynsetten fan massaferneatigingswapens tsjin te kearen, binne de folgjende maatregels nommen:
- Nukleêre wapens: Yn 1957 waard it Ynternasjonaal Atoomenerzjyagintskip (IAEA) oprjochte, dat tafersjoch op nukleêre saken hâldt. Yn 2017 waard it Ferdrach fan de Feriene Naasjes oangeande it Ferbod op Kearnwapens troch 112 lannen oannommen. Nei't Hondoeras yn oktober 2020 as 50e lân oergie ta ratifisearring, trêde it ferdrach ein jannewaris 2021 yn wurking. It besit en gebrûk fan kearnwapens binne sûnt neffens it ynternasjonaal rjocht yllegaal. Nederlân hat dit ferdrach net ûndertekene.
- Biologyske wapens: Der bestiet noch gjin organisaasje om tafersjoch te hâlden op in ferbod op biologyske wapens. It Ferdrach oangeande Biologyske Wapens, dat de ûntwikkeling, de produksje, it besit en it ynsetten fan sokke wapens ferbiedt, is ûndertekene troch mear as 100 lannen.
- Gemyske wapens: De Organisaasje foar it Ferbod op Gemyske Wapens (OPCW) is fêstige yn De Haach. In ferdrach dêroer waard yn 1997 ratifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|