Wetterstofbom

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Untploffing fan Ivy Mike, de earste wetterstofbom, yn 1952.
Skematyske werjefte fan kearnfúzje yn in wetterstofbom.

In wetterstofbom of H-bom is in atoombom dy't fierút it grutste part fan syn eksplosive enerzjy út kearnfúzje fan atomen ta helium krijt. Meastal wurde de wetterstofisotopen deuterium en/of tritium en fierder litium brûkt. Dit binne lichte kearnen dy't relatyf maklik ta fúzje te bringen binne. De earste wetterstofbom waard yn 1952 ta ûntploffing brocht op it eilân Eniwetok, yn 'e Marshalleilannen.