Kategorisaasje

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Kategory)
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
1rightarrow.png Kategory wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: kategory (betsjuttingsside).

Kategorisaasje (fan it Frânske catégorisation) of kategorisearring is in aktiviteit dy't bestiet út it pleatsen fan dingen (foarwerpen, ideeën, bisten, minsken) nei lyksoartichheid yn byinoar hearrende groepen, dy't kategoryen neamd wurde. Dêrtroch kinne minsken dingen, foarwerpen, ideeën, ensfh., dêr't se mei te krijen hawwe of dy't om har hinne besteane, organisearje. Sa'n organisearring troch yndieling yn byinoar hearrende groepen helpt by it ferienfâldigjen fan 'e wrâld, wat ta in better begryp liedt. Kategorisearjen kin in ferbale of non-ferbale aktiviteit wêze.

Behalven minsken dogge ek bisten soks op in ferienfâldige, ûnbewust nivo. As der by jin bgl. in frjemd yn 'e hûs komt, sil jins hûn of kat dy persoan yn 'e rekken hâlde oant dúdlik is yn hokfoar kategory hy of sy pleatst wurde kin. As der immen ynkomt, dy't gauris by jin delkomt, sille hûn en kat eefkes opsjen, mar har daliks wer deljaan.

Minsken kinne sawol konkrete objekten en wêzens as abstrakte ideeën werkenne, faninoar ûnderskiede en begripe troch it proses fan kategorisaasje. De grûnslach fan kategorisaasje is dat dingen dy't ta in beskate _kategory hearre, ûnderskaat wurde fan dingen dy't dêr net ta hearre troch harren skaaimerken. Kategorisaasje is wichtich foar learen, foarsizzing fan wat der barre sil, it nimmen fan besluten, it begryp fan taal en de ynteraksje fan libbene wêzens mei harren om-en-by.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.