Lyk

Ut Wikipedy
De Anatomyles, fan Rembrandt van Rijn: dokters en studinten bûge har oer in minsklik lyk.

In lyk of kadaver is it deade lichem fan in organisme nei it ferstjerren. Meastal wurdt mei dizze oantsjutting ferwiisd nei it deade lichem fan in minske, mei't in dead bist ornaris in kadaver of kring neamd wurdt. As eufemisme wurdt foar in minsklik lyk ek wol de oantsjutting stoflik omskot brûkt. Kadavers fan deade bisten kinne, ynsafier't se net troch de minske opromme wurde, lykslein wurde mei ies. In kadaver sil yn de natoer op itselde plak lizzen bliuwe en ûntbine oant it troch iesiters en mikro-organismen alhiel opfretten en ôfbrutsen is. Yn in sûne biotoop is it opromjen fan dead organysk materiaal in wichtige ekologyske nys. Minsklike liken binne yn 'e regel it mulpunt fan deaderituëlen, lykas yn 'e Westerske kultuer in begraffenis of kremaasje. Nei in begraffenis sil it stoflik omskot fan in minske lykwols úteinlik ek bleatstean oan ûntbining en ôfbrutsen wurde troch mikro-organismen. Datselde jildt yn mindere mjitte foar de jiske dy't oerbliuwt nei in kremaasje.

Untbining[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de dea yntreden is, begjint daliks it ûntbiningsproses fan it lyk of kadaver. Dêrby wurde ferskate stadia trochrûn. It earste stadium is dat fan 'e livor mortis of lykplakken, mei't troch it ophâlden fan 'e bloedsirkulaasje alle bloed yn it lichem troch de swiertekrêft nei de leechste lichemsdielen rint, mei as gefolch dat dy pearsblau ferkleurje, wylst de rest fan it lichem lykbleek wurdt. Likernôch 1-4 oeren nei it ferstjerren begjint de rigor mortis of lykstiifheid, wêrby't troch biogemyske prosessen de spieren fan it lyk stiif wurde en dat bliuwe oant sa'n 48 oeren nei it ferstjerren. Ungefear 12 oeren nei it fertsjerren is it lyk alle lichemswaarmte kwytrekke en begjint de algor mortis of lykkjeld, wêrby't it lyk de temperatuer fan syn om-en-by oannimt.

De ferrotting of it bedjer fan it lyk begjint trije dagen nei it ferstjerren. Wat heger oft de omjouwingstemperatuer is, wat flugger oft dat proses ferrinne sil. Dêrby sille ynsekten aaien lizze yn it lyk, wêrnei't in pear dagen letter de earste maitsen derút begjinne te krûpen. Tagelyk sille iesitende bisten fan it lyk begjinne te fretten ynsafier't dat foar harren tagonklik is. Nei in pear wiken sil it tsjin dy tiid troch biogemyske en bakteriële prosessen opsette lyk iepenbarste. Nei noch ferskate wiken sil it lyk amper mear as minske of bist werom te kennen wêze, en nammenste minder as der iesiters oer gear west hawwe. As de omstannichheden dêrta oanwêzich binne, kin in lyk ynstee ek útdrûgje troch in proses fan natuerlike (of keunstmjittige) mummifikaasje.

Wittenskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoarysk wiene kadavers fan deade bisten, mar fral ek stoflike omskotten fan minsken tige wichtich foar wittenskiplik ûndersyk nei anatomy, dat wer fan grut belang wie foar it begryp fan biologyske prosessen en de genêskunde. De Grykske dokter Herofilus (335-280 f.Kr.), dy't yn 'e Klassike Aldheid yn it Egyptyske Aleksandrië libbe, wie de ierst bekende persoan dy't minsklike liken ûntlidde om dêrfan te learen.

Yn letter tiid wie it yn guon lannen yn West-Jeropa wizânsje om 'e liken fan ta de dea brochte misdiedigers beskikber te stellen foar de wittenskip, mar om't de fraach nei liken altyd folle heger wie as it oanbod, fertsjinnen guon kriminelen sûnder skrupules harren jild mei it opgraven en stellen fan 'e koartby beïerdige liken fan brave boargers en dy troch te ferkeapjen oan wittenskiplike ynstellings. Yn dy tiid leauden kristenen dat men in ûnskeind lichem nedich wie foar de weropstanning út 'e dea dy't neffens de Iepenbiering fan Jehannes oan 'e Ein fan de Tiden plakfine sil, dat sok lykrôvjen waard beskôge as in tige slimme misdie.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seksueel fetisjisme foar minsklike liken hjit nekrofily of nekromany; ien dy't dêrmei oanhelle is, wurdt in nekrofyl neamd. In eangstme foar liken of de dea yn it algemien is nekrofoby.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.