Ies (kadaver)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Kring (kadaver))
Jump to navigation Jump to search
In kylsturtearn sil yn Austraalje oer in deariden kangaroe gear.

Ies binne deade bisten of dielen dêrfan. Yn it bisteryk wurdt yn 'e regel ûnderskie makke tusken bisten dy't libje fan 'e jacht, de saneamde rôfdieren, en iesiters, dy't libje fan it iten fan bisten dy't in natuerlike dea stoarn binne of troch in ûngelok om it libben kommen binne, of fan 'e resten fan bisten dy't troch rôfdieren deade binne. Yn 'e praktyk bestiet der lykwols in grutte oerlaping tusken dy beide klassifisearrings.

Sa hat resint ûndersyk útwiisd dat de hyena, in bist dat by útstek bekend stiet as in iesiter, feitliks foar it grutste part libbet fan proaidieren dy't er sels deade hat. Guon bisten binne lykwols wol deeglik hast útslutend iesiters; dan kin men bygelyks tinke oan gieren. Ek beskate ynsekten ite ies, mar dan giet it almeast om gefallen wêrby't miggen en toarren har aaikes yn in kadaver lizze, wêrnei't de larven (maitsen) it earste part fan har libben fan it deade fleis libje. Iesiters wurdt troch de minske ornaris op delsjoen, mar se spylje in tige wichtige rol by it ôfbrekken fan dierlike resten dy't oars yn it miljeu lizzen bliuwe soene.

De term 'ies' wurdt ek wol brûkt foar lokfoer, dat troch in jager earne dellein wurdt om iesiters te lokjen, of dat troch angelders oan 'e heak fan harren angel dien wurdt om fisken te lokjen. Yn dat lêste gefal wurdt soms ek 'libben ies' brûkt, benammen wjirmen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.